Doe't se foar it stek ta stilstân kamen, wiene se beide sa troch en troch ferklomme en stiif, dat se gewoanwei omfoelen en lizzen bleauwen op 'e stoepe. Ik draafde nei bûten. Hy kaam oerein as in drinkeldeade, mei in blau ferlutsen gesicht. Mem wie lykbleek en folslein ferkrampe. Ik moast har sa'n bytsje it hûs yn slepe.
‘Ik seach jim thúskommen,’ sei Damstra, de fabryksdirekteur, de oare deis. ‘Sa'n bromfyts is neat wurdich Homme, do bist oan in autootsje ta.’
In auto, dy siet yn 'e kategory telefoan en sintrale ferwaarming. Bûten berik. Mar ús mem liet der it ear nei hingje. Sûnt it trochspielhúske, de iiskast en de dûs hie de televyzje op 't lêst ek plak krigen yn ús bestean.
Der hat nea wurd oer west, mar neffens my hat in dofke fan Damstra de trochslach jûn: heit gong op autorydles en it twaddehâns Dafke kaam der, in goedjier letter. Toere troch Fryslân belibbe er as in streekrjochte seine fan boppen.
‘Kolossaal. In wûnder.’