ljocht bringe en dêrmei de oandwaning. Ik hear hoe't er noch altyd de bekearingsiver fan de predikant belibbet as in persoanlike opjefte en dielt yn syn oerwinning, ek al ferienselviget er him, alnei't it skuldbesef fan 'e rûchhouwer waakst, wat langer wat mear mei de fisker.
Ik rik him it ferfolch oan:
De leraar sprak... Hy leit my mei in gebeart it swijen op.
De leraar sprak: 't Zij u ten zegen,
zo ik u heb in 't net gekregen,
wordt ge door God eruit gered.’
De ein, dêr't de bekearde dwersbongelder de wonderwerken van de Heer yn besjongt, wit er sels wer wat fan de âlde gloarje mei te jaan.
Us heit himet en laket. Tolve, trettjin minuten lang betsjinne er it wurd. De boppetosken lizze him op 'e tonge. Maratonrinner, skjin oanein oer de finish. Ivich is syn rom. It feest is ôfrûn. Wy klappe omraak. Benammen Jacob is fol bewûndering, al hoe dizich foar him it byld fan it fromme melodrama ek bleaun is.
No soe er sizze moatten ha:
‘Wy sille einigje mei de jûnsang 'k Wil U o God mijn dank betalen en ik wol graach dat wy dat steande dogge.’ It komt hjoed net yn him op.
Nei syn skoansuster en de buorfrou slane wy de earmen nochris om him hinne. Hy lit it tefreden oer him komme.
‘Ja, jim ek it alderbêste en tink derom: watst fan bûten learst, dat nimt gjin mins dy ôf, dat hast altyd by dy.’
Ik ryd him werom nei syn keamer. De gongelstôk hâldt er dwers foar him.
‘U bent buitengewoon tekstvast, broeder Wisch,’ sis ik yn syn ear.
Hy miket muoisum oer it skouder en gnysket:
‘Dûmny uh... dinges. Ja, wytsto dat noch? Ik wie better yn 'e bibel thús as hy.’