23
Ik wie in pear dagen thús. Wy sieten yn 'e foarkeamer. In stik pún foel út 'e keamerssouder en batste yn 'e hoeke neist it harmoanium del. Net ien fernaam it. Ik seach omheech. In ein betonizer hong, mei wat stienklobben as rûge kristallen deroan, boppe de kachel. Myn âlden hiene der gjin erch yn. Mem skylde de ierpels, heit lies it Deiblêd. Hy taaste yn 'e bûse om in pinne foar de krúswurdpuzzel. De teepot stie op it ljochtsje. It behang skuorde kreakjend fan boppen nei ûnderen. Stof wolke omheech. Mem begûn núnderjend yn te jitten.
‘Einlings bist wer ris gesellich thús, Hessel,’ sei se.
Ik woe roppe, mar koe gjin lûd útbringen. Wylst de balken delkamen, skrok ik wekker.