krijen hie. Hy rikte sa'n beskamme man, mei in hân sa fêst dat der gjin kringeltsje yn te sjen wie, it buorrelglês wer oan.
‘Hij heeft mij eens opgetild, Hessel, zó hier uit deze stoel, en de kamer uitgedragen. Ik weet het nog precies. Ik zei dat ik Piet Muizelaar een eng mannetje vond. Hij ging staan en riep: “Eng mannetje? Piet Muizelaar? Piet Muizelaar is een femo... femo... (se seach my helpleas oan en krige harsels wer yn 'e stringen) femi-naal artiest!” Hij pakt me zo op en in de gang laat hij me gewoon vallen en zei: “Op een schip kan maar één kapitein zijn!”’ Har gesicht stie ferfodze fan bewûndering. Se wie him ta de teannen út tankber dat har ‘echte heer’ har net gewoan ta it finster útsmiten hie, sa't de Hendriksen dat mei har fiskôffal diene. It portret op 'e tv die my sterk oan Eichmann tinken.
Op in middei skille, grif op oanstean fan ús heit, dy't nei oanlieding fan har besite noch ien kear war die om my fan 'e brede wei ôf te krijen, in studinte-âlderling oan. Ik wie net thús en sy liet de man boppe komme. Se die ferslach fan it besyk, mar wie net alhiel gerêst op har eigen rol. Hy hie har frege oft sy ek oan in tsjerke ferbûn wie. ‘Nou had mijn man echt een broertje dood aan de kerk, Hessel... maar ik vond het een beetje zielig voor dat mannetje, dus ik zeg: “Jazeker meneer!” Zegt hij: “Welke dan?” Ik denk: “Jeetje”, maar gelukkig schiet de naam me net op tijd tebinnen, ik zeg: “De Pinelkerk”. Ik kon hem zo aanwijzen.’
Se skeuvele nei it rút en wiisde oer it park nei de Pniëltsjerke oan de Bos en Lommer.
Yn 'e gong hong in tegeltsje dêr't op stie: Bezoeken brengen steeds vreugde aan, is 't niet bij 't komen, dan bij 't gaan.
Yn guon dingen wie se hiel krekt: nea skuon foar it bêd, nea asters foar immen meinimme. Oppasse mei groetsjen en winskjen. As ik ôfsette nei Fryslân en rôp: ‘Tot maandag!’ sei se: ‘Dat weet je niet Hessel, zoiets moet je nooit zeggen.’ ‘Deo volente dan,’ die ik deroan ta. Mar har deo siet yn in spuitbus.