appelsap, meer wil hij niet. En hij laat zich niets opdringen. Je wordt er soms...’
‘Heit moat wol ite hear,’ hâld ik him foar.
‘Fan wa?’ freget er stikelich.
Om fjouwer oere lizze se him wer op bêd. Hy hâldt de holle stiif fiif sintimeter boppe it kjessen. As ik sis dat it hjoed Peaske is en him freegje oft ik him wat foarlêze sil, grommelet er:
Wat zoekt gij de levende bij de doden? Hij is hier niet.
Hy hâldt him fierders katoen en ik nim ôfskied.
Rust mijn ziel, flústert er. Foar it earst sûnt wiken sjoch ik wer triennen. ‘Femke doarmet hjir ek earne om.’
Bûten sitte fûgeltsjes elkoar kritend efternei.
As ik de keamer út rin, leit er noch mei de eagen wiid iepen.
Underweis spilet my dy kryptyske reaksje yn 'e foarm fan in bibeltekst troch de holle.
Wat zoekt gij de levende bij de doden? Hij is hier niet.
Sjocht er Bethesda as in tsjerkhôf? Suggerearret er dat er der sels al net mear is? It is drok op 'e wei. Sikers. Friezen op 'en paad nei Limburch en Limburgers nei Fryslân, Dútsers op 'en paad nei de see en Nederlanners nei de bergen.