Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Imitaasjelear (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van Imitaasjelear
Afbeelding van ImitaasjelearToon afbeelding van titelpagina van Imitaasjelear

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Imitaasjelear

(1988)–Jetske Bilker–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 150]
[p. 150]

7

As ien fan 'e bern de skriften foar my dellein hat, lit ik de klasse út. Lûd pratende stekke se op 'e gong de earmkes troch de koarte jasmoukes. Ik rits ritsen nei boppen ta en strikje fiters. Lykas alle dagen moat ik sizze dat se stil oer de gongen rinne moatte, omdat de oare klassen noch les hawwe.

As ik werom yn myn lokaal kom, pak ik earst de skriften fan de lêste skriuwles, want as ik dêr mei útein set, kom ik meastal makliker op 'e gleed mei korreksje. It is tongersdeitemiddei en alle dagen skynt de sinne langer troch it rút fan it lokaal. It is no in moanne en twa dagen lyn. Foar de bern moat dat in ivichheid wêze en ik moat mysels wolris tajaan, foar my soms ek. It is net allinne sa dat der yn dy tiid trijeëntritich dagen west hawwe dy't ik tròch libbe haw, mar it is ek de ôflieding dy't it wurk jout, mei it effekt, dat der menuten west hawwe dat ik net oan him tocht. De bern, it kommende skoalreiske, altyd de lessen, altyd it neisjen fan de skriften, altyd de gearkomsten... nee, no en dan is er net yn myn tinken.

De sinne hat no it skrift fan Josje, dat ik ûnder hannen haw, berikt, mar it feroaret der neat om. Eartiids barde dat altyd. Ien sinnestriel wie goed foar in goed sin de dei. It begruttet my om mysels dat dit my no net barre mei en ik slach Josje syn skriuwskriftsje ticht. Neist my hear ik Harry fûterjen op 'e bern.

As ik de rekkenskriften ek hân haw, is it tweintich oer trijen. Aansen personielsgearkomste. Ik sil mar mei kofje en tee rêde, ek al is it wat oan de betide kant. Yn it keukentsje steane noch de smoarge kopkes fan juster en fannemoarn, op it ôfwaskroaster stiet myn

[pagina 151]
[p. 151]

namme foar juster te prykjen. Sjoukje komt deroan sloffen, dy sil wol om de kofje sykje want dêr skynt se net sûnder te kinnen.

‘Soa juf,’ seit se, ‘hast al kofje?’

Juf Sminia,’ knik ik, ‘ik bin mar mei it ôfwaskjen útein set.’

Sjoukje krijt in skûteldoek... ‘Aansens gearkomste, hen?’

‘Ja,’ sis ik, ‘ik haw der neat gjin sin oan.’

‘Tochtst fan ik àl?’

‘No ja, eins al.’ Ik sjoch har oan om te sjen hoe't se dat opnimt. Ik sei it heal út 'e grap, mar wol gauris tink ik dat Sjoukje graach fergaderje mei.

‘Hoe komst der by?’ freget se wat ferwûndere.

‘Do seurst der net oer. Men heart dy net kleien.’

‘En dêrom soe ik mei langst útsjen nei alle gearkomsten?’

‘No nee, dat ek wer net, fansels, mar dochs... do skynst it wol nei 't sin te hawwen yn dyn wurk en mei alles wat der by heart. Tink derom, hjir sit in barst yn.’ Sjoukje pakt it kopke fan my oan en lit it falle boppe de flier. Dan bûgt se har om de diggels op te krijen. ‘Asto ris nocht hast om by my lâns te kommen, lit dy dan net wjerhâlde troch it feit datst noch noait west hast,’ seit se, lûder as niiskrekt. Se smyt de diggels yn 'e pedaalamer. Ik sjoch oer it skouder nei har. Wat is der mei Sjoukje? Wat moat ik by har thús útfine? Soe se swierrichheden hawwe? Dan kin se better by in oar oanklopje, want ik haw genôch oan myn eigen.

‘Hoesa?’ freegje ik dochs mar.

‘No Anke, om dy earlik te sizzen, fyn ik datst der de lêste tiid mar min útsjochst.’

‘O. O ja?’ Ik wurd der dochs wat kjel fan. ‘No ja, ik

[pagina 152]
[p. 152]

bin ek krekt ûngesteld, dan hat men dat altyd, no?’ Ja, fansels,’ seit se, mar se leaut der neat fan bin ik bang. Mar ik moat der neat fan hawwe, as se harsels tsjinstber meitsje wol foar my. Ik sjoch it al foar my: Ik by har útprate. En sa fûnen de froulike kollega's fan 'e PJ. Troelstraskoalle inoar dochs noch nei fjouwer jier!

‘Ja. It is... ik fyn it hiel aardich fan dy, Sjoukje, mar it moat dochs mar net. Ik bin sels goed op 'e hichte fan myn swierrichheden, al wist ik net dat it sa dúdlik oan my te sjen wie.’

‘It hoecht net, hear. Sels baas. Mar ik tocht, meskjin hiest der ferlet fan.’

‘'k Fyn 't aardich fan dy. Mar ik kin it aai wol kwyt by myn freondin, as it my al tefolle wurdt.’

‘Goed Anke. Oanbean is jûn,’ en se sjocht my lyk oan.

 

As de heechste klassen út binne, set Harry fuort útein mei de gearkomste. Ik moat ditkear notulearje, mar der wurdt net folle oeral helle. De skoalreiskes binne kommendewei, it sechsde-klasse-kamp moatte noch âlden foar fûn wurde en as lêste wiist Harry ús op 'e rapporten, dy't op 'e tiid ree wêze moatte. It hat wol ris nofliker west op ús gearkomsten. Elk is wurch en wol nei hûs ta.

‘Goed minsken,’ seit Harry, ‘nije wike tiisdei hawwe we wer gearkomste en dan komt Van der Meulen fan de Skoallebegeliedingstsjinst en tongersdei wer personielsgearkomste. Anke, kinst moandei de notulen ree hawwe en kopieare? Dan kinne we dy opstjoere nei Van der Meulen.’

‘Ja, ik sil sjen oft ik dêr oan ta kom,’ sis ik, as soe ik it it oankommende wykein abslút net oan tiid hawwe

[pagina 153]
[p. 153]

om dy pear oantekeningen te tikjen en as stiene der in stikmannich ôfspraken yn myn aginda. Lit harren dat mar tinke. Lit harren, as se aansen thús sitte, mar oan my tinke as Anke de jonge frou, dy't in frij libben hat en dwaan kin wat se wol. Faaks binne se oergeunstich op my.

 

Thús tikje ik de notulen út nei it waarm iten en ik beslút om se fuortendaliks mar te kopiearjen, dan bin ik derôf. Ik krij even hurd de auto en riid yn it skimerljocht nei skoalle en parkearje de auto op it skoalleplein, wat oerdeis net mei.

Yn it keammerke fan de kopiearmesine doch ik it ljocht op en lit fan alle siden acht fotokopyen meitsje. Op in stoel leit de krante fan hjoed en ik besjoch de foarkant eefkes fluch. Ik haw de hiele jûn noch foar my allinnich en de krante. Meskjin kin ik Margreet skilje, mar dan betink ik dat se fannejûn, tongersdeitejûns, fitness-oefeningen docht. Fitness... In heal jier lyn soe ik ek nei fitness. Ik soe in skot weagje om wat oan myn figuer te dwaan. Ynienen fûn ik mysels doe te grou. Myn heupen koe noch wol wat ôf, hie ik besletten. Dat moat ek yn de tiid west hawwe, dat ik dûnkerreade slipkes by djoere linzjerysaken kocht. En dat allegearre foar Arjen. Dy desimbermiddei heucht my noch dat ik ien derfan foar it earst oan hie. It wie sa'n dei dat men der net wis fan is oft it deiljocht der wol west hie en ik hie de hiele dei it ljocht op. Arjen wie de moarns al kommen en al rillegau leine we op bêd. We binne der bleaun oant de jûns alve oere en doe binne we noch nei de stêd ta gien. Al mei al hie ik sa'n dei dochs net misse wollen. It loksgefoel en dy smûkens tagelyk. Fyn ik soks wol oait wer by in oar? De

[pagina 154]
[p. 154]

fitness kaam der net mear fan, want ik wie fan klearebare ferealens fjouwer kilo ôffallen en Arjen begûn al oer anoreksia nervosa en woe it fierder net lije. En ik moat dat wakker moai fûn hawwe, dat hy my dat ferbea... Pffft! Ik spui tsjin it kopiearapparaat oan, dat syn lêste fel allang foar my dellein hat.

As ik troch de skoalledoar kom, sjoch ik út 'e fierte in papierke achter de rutewiskers fan de auto. Ik kin der neat oan dwaan mar myn hert slacht in kear oer. Arjen?! Miskjin hat er wol by my thús west en hat er, doe't er seach dat ik der net wie, tocht dat ik op skoalle wie en is er hjir doe hinnegien. En doe't er dan myn auto seach, hat er de konfrontaasje net oandoarst, mar woe er dochs witte litte dat er hjir west hie. Ik rin der wier net hurder hinne as wannear't der neat ûnder de rutewisker lizze soe; ik flean der net as in opljeppen skoalfanke op ôf. Ik behearskje my en rin op de Fiat ta. O, Arjen! Lit it asjeblyft fan dy wêze.

It papier is dûbelteard en as ik it iepenskuor sjoch ik Harry syn hân. In grapke fan Harry, dy't hjir tichteby wennet: ‘Ferbean te parkearjen ûnder 't kopiearjen.’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken