klapte wer ticht as ik it nûmer opsocht...’
Doe kaam myn broer mei syn frou deryn, en de dokter sei, dat hy no wer fuortgong: ús mem wie yn goede hannen. Hy sei, dat as wy him noadich hienen, dat wy dan dat en dat nûmer draaie moasten. Hy hie gjin tsjinst, mar wie wol thús. En ik rûn mei him it paad del nei syn auto ta. Ik woe him noch fan alles en noch wat freegje, mar ik die it net. It hie dus no ús heit syn tiid west. De dokter sei: ‘As ik it goed begrepen ha, Martha, wiesto tige wiis mei jim heit. It wie ek in útsûnderlik goed minske. In hiele fijne man. Do kinst mei rjocht grutsk op him wêze. Tige grutsk, Martha.’
Hy joech my in hân, doe stapte er yn 'e auto.
Myn skoansuske hie wetter opsetten, foar tee of kofje: ‘Wat wol mem hawwe?’
It koe ús mem neat skele. Se sei:
‘Martha, wolst net even by him sjen?’
Ik knikte fan ja, mar bleau by de tafel sitten, op ús heit syn stoel. Us mem soe noait wer sizze:
‘Dêr net, ju, dat is jim heit syn stoel en hy is thús. Boppe mei syn foto's oan 'e gong.’
‘Ik ha mar tee makke,’ sei Janna en sette kopkes op 'e tafel del. Us heit syn kopke stie der ek by. Us mem seach it en skode it foarsichtich oan 'e kant.
‘Wolsto dat ding even nei ûnderen dwaan, foar de sinne?’ frege ús mem oan myn broer, ‘Dat die jim heit oars altiten. Dy woe de sinne net op 'e kast hawwe.’
‘Wat leit jim tún der kreas by,’ sei Janna. Us mem en ik seagen elkoar oan. Us mem sei:
‘Ja juster noch, no Martha, witst it noch mei dy hynsteblommen, sa as jim heit doe...’
Ik wie oerein gongen.