Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 56]
| |
treden makket trije hûndert en seis en tritich plus fjouwerentweintich kear fjouwer bochten. Hy doart wol nei ûnderen, mar skytskoarret tebek foar de grutte klim letter mei't er de earste kear hast foar dea deldondere is. Hy libbet op blikken sop, beferzen bôle en sterilisearre molke dy't jierren mei kin. De keamer wurdt boppedat foller as er dêr in pear dagen en nachten tahâldt. Mei't De Grutsk net sa goed tsjin leechte kin, yn alle opsichten, wurket dat tige posityf. Yn syn gedachten skriuwt er in soad, en dy tinzen bliuwe yn feite allegearre yn de romte fan de keamer hingjen. Kaaiwurden skriuwt er no streekrjocht op it wite behang. Hy brûkt ûnderskate filtstiftkleuren. Elk wurd freget in eigen kleur. Tagelyk mei it wurd of de betsjutting ûntstiet ek de kleur. Dat is net nij, dat begûn al doe't er lyts wie. It ferhaal om dy kaaiwurden hinne is in kwestje fan ynfoljen en tichtmitseljen. Al dy wurden yn bûnte kleuren meitsje de keamer gesellich en foaral fol. It soarget derfoar dat er net trystich wurdt en alles donker ynsjocht. Dy kaaiwurden triuwe de swarte tinzen fier tebek yn syn eigen ûnbewuste wrâld. De kaaien fan dy wrâld is er meastens kwyt. It liket wol oft der tsientallen wurden en rigels oan dy muorre hingje. Oan lyntsjes troch de keamer. De Grutsk wriuwt him yn de hannen. Eins mei er dy kapotte lift wol tankber wêze, want dy hat der foar soarge dat de keamer libjen bliuwt. Ek al soe er in wike fuortgean. Eartiids nie er dagen nedich om him wer wat thús te fielen, om syn eigen stee wer op 'e nij te feroverjen. Dêrfan rekke er yn de war, dan soop er wer tefolle, en de sirkel wie wer rûn. De keamer bleau swart en kâld. Sels de pinne yn syn hân befrear hast, mei gefolgen dat der hast gjin wurd útkaam. Soms wie de inket ek op en dan barde der noait wer wat. De Grutsk fynt dat er no mei al dy losse wurden en in pear ferhalen al wer aardich op streek komt. It is yn elk gefal al folle mear as dy iene rigel oer de earmkes. Eins soe in boek mei in trije hûndert grut printe kaaiwurden wol genôch wêze. Op elke side ien. Elke lêzer kin der dan syn eigen ferhaal by fantasearje. En it makket net iens sa'n bult ferskil. Yn in boek mei trije hûndert wurden liicht de skriuwer likefolle as yn in boek mei trije hûndert siden fol wurden. Skriuwe is lige, en dat rint | |
[pagina 57]
| |
lykop mei wat der yn de wrâld bart. Mei oare wurden, in boek is de wrâld, en soms is de wrâld in boek. De Grutsk gniist lûd. Even opskriuwe op de muorre. Foaral dat oer dy wrâlden. Dat kin er sa brûke. Mar dan skrikt er. Yn de flet njonken him begjinne se wer te roppen en te razen. Dat bart no al in pear wiken, meastens middeis om in oere of fjouwer. Der wenje trije minsken. In wyt frommes, in swarte fint út Suriname of sa en in Gryk. Dat sei er in kear tsjin De Grutsk doe't er him yn de lift moete. De Grutsk leaude it daalk, want Grikenlân wie goed fertsjintwurdige op 'e rûchskerne. No al twa wiken liket it wol oft se elkoar middeis de tinte útslane. Dêrby fergelike wiene de fjochtpartijen fan de slachter en syn soannen eartiids yn Snyp mar boarterijkes. Se raze yn trije en soms wol fiif talen. Dat sil ek wol meispylje, want dan krijt men al gau de yndruk dat der in pear folken tsjin elkoar fjochtsje. Soms heart er dat de kûgels yn de muorre fleane, en dan begjint in fint ôfgryslik te mâlbearen. It lykje wol deadsgjalpen. Ut en troch wurdt soks trije of mear kear herhelle. Miskien nimme se ek wol in film op of trene se foar it teater. Der wenje hjir in soad teaterspilers en kloons. Miskien is it wol de iennige wize om te oerlibjen. |
|