Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 83]
| |
hawwe ôfpraat, dat er sa út en troch wat ferhalen stjoere sil. Hy is benijd nei myn reaksjes. Wy binne op 't lêst sa likernôch op deselde wize opgroeid, sadat ik by steat wêze sil en ferbetterje him. Oanfolje mei fansels ek wol. Yn in lange brief jout er oan wat er op it each hat. Hy sjocht oerienkomsten tusken syn libben no yn de hege toer en syn opgroeien yn it âlde doarp Snyp. Dêroer wol er skriuwe. Ik fyn dat eins wat guodkeap, en oan de oare kant ek wer te wittenskiplik tocht. Op dy wize sil er neffens my yn de sêfte wrâlden fan sosjo- en psychologen telâne komme. Analyses meitsje, Statistiken opstelle, fergelykje en dan op 't lêst mei in foarriedige konklúzje komme. Neffens my hat soks mei literatuer gjin moer te krijen. Lêzers wolle har ommers meastens fermeitsje, har opwine of gelyk krije. Guon sykje yn boeken aparte saken dy't se sels wolris optochten of meimakken, mar dêr't se net oer prate doare. De fraach wat De Grutsk dêre yn 'e goedichheid yn dy flet siket liket in aardigenien. Hawar, it mes kin op sa'n wize foar my oan twa siden snije. Hy sit yn allegearre prosessen ferwikkele, sadat syn produksje wol lyts wêze sil. It gers dat er my foar de fuotten weimeane kin, sil 'k op dizze wize foar mysels hâlde. Dêrmei hat hy neat te krijen. De Grutsk skriuwt my ek, dat it dêr yn de omkriten fan dy toer fierste gefaarlik wêze kin foar amateurs, foar lju dy't gjin grevel snappe fan de hurde wrâld om dy flets hinne. De dei nei't ik by him west hie kaam de ekologyske plysje fan de Grutstêd by him oan de doar. Se lieten him in foto sjen fan twa manlju op in balkon. Heech yn de loft. Se fregen him oft er wolris lêst hie fan ekshibisjonistyske oanstriden. Neffens dy lju sei de foto genôch. De telelins hie alles aardich fêstlein. En yndied, doe't er goed seach, hongen dêr twa touwen fan wetter oer it balkon hinne. Gele frisseljende triedden. Hy hat him der útrêden mei't de koppen dy't by de kullen hearden net skerp ôfprinte wiene. Alles is wat donker, en it kinne likegoed oare manlju wêze út Sjily of Yndia, út Afrika miskien. Net út in Arabysk lân of Israël, want de kullen binne net besnien. De lju oan de doar joegen dat ta. Foaral it lêste fûnen se in sterk argumint. En mei't der tsientallen nasjonaliteiten yn de toer wenje is eins alles mooglik. De Grutsk beweart dat er soks - dat skerpe ferdigenjen - allegearre yn de fingers krijt troch syn ûnderskate prosessen op rjochtbanken en | |
[pagina 84]
| |
kantoaren. Mar hy wol sokke grappen net te faak hawwe, want syn enerzjy om arguminten en alibys te finen kin er better brûke tsjinoer de rjochters, de offisieren fan justysje en de glêde adfokaten fan de tsjinpartijen. Ik frege him letter oer de telefoan hoe't er it no ynklaaie sil no't se fêst syn balkon yn 'e rekken hâlde. Hy fertelde dat er op in bouwlokaasje in lange piip stellen hat, en dy piip rint no fan it balkon nei de keamer. It is frekte handich, want dan hoecht er ek net elke kear troch de skodoar. Hy kin sels yn de stoel of op de matras lizzen bliuwe. Earst hat er noch tocht oan twa piipen - ien foar himsels en ien foar de besiker - mar dat soe dochs te opsichtich wêze. It is ek de reden dat er gjin besite mear hawwe wol. Hy is dat yntusken ek al aardich ôfwend. Eins sizze minsken him net sa'n soad mear. De measten eamelje der dochs mar yn om. Boppedat hat er der ek gjin tiid foar mei al dy drokten op syn tafel en syn hin' en wer fleanen elke moanne nei de ûnderskate rjocht- en sis mar ûnrjochtbanken. Elke dei ferskynt der mear ynformaasje dy't er ferwurkje moat. Neffens him groeit de burokrasy hast boppe syn toer út. Hy kotst der hast fan, mar om te oerlibjen moat men de kop der wol by hâlde. Okkerdeis soe er syn bern byskriuwe yn it sikefûnsbestân, want dy bern binne him tawiisd en kinne sadwaande by him op 'e kaart. En wat seit sa'n kloat achter it loket? - Wa seit my dat dy twa Jo bern binne! Jo kinne moarn wol mei seis bern komme, as der noch mear tawiisd wurde. - De Grutsk yn alle steaten fansels. Mar ek nei't er mei alle papieren wappere hie dy't er mar yn de bûse opdjipje koe, dy lul gong fansels net op side. Op 't lêst hawwe se De Grutsk de doar útsmiten. Hy moast wer nei it âlde lân om de twa geboartebewizen op te skarreljen. Elk geboartebewiis koste mar even fyftich gûne en ynklusyf de treinreis betsjutte dat in wike iten en drinken. Soks is eins folslein kranksinnich. En dat is noch mar it begjin, want op 't lêst moatte dy bern ek noch bewize dat se binne dy't se binne. Mei oare wurden, se moatte oantoane dat de geboartebewizen te krijen hawwe mei harsels. En dat betsjut dus de oanskaf fan nije paspoarten dy't dan pas jûn wurde as de geboartebewizen klopje. Dêrmei is it rûntsje in ivichdraaiend sirkushynder wurden. De bern begripe der earst ek neat fan want se binne | |
[pagina 85]
| |
derfan oertsjûge dat se besteane, mar krije ek al ridlik gau troch dat se yn dizze sitewaasje net siik wurde kinne. Sels deagean kin gefaarlik wêze. De Grutsk oerleit mei de bern en se beslute dat se dan mar yn optocht nei it sikefûnsgebou moatte. De Grutsk as Grutte Pier en de bern as moderne jupzjunks mei sinnebrillen en op swiere soldateskuon. Freonen en freondintsjes folgje op autopeds; ien leit yn in bernewein. Sa fleane se yn fol ornaat mei de paspoarten yn 'e mûle op 'e nij nei it akwariumgebou fan it fûns foar de siken en de gebrekkigen, it demokratyske fûns foar de minimumlijers en de asylsikers. Alle ynwenners fan de toer binne lid fan dy feriening foar sûnens en geniet. Jo fjochtsje je dea foar in pear rudige sinten fertelde er. Sokke lju achter dy glêzen mei stiel lykje wol libjende antwurd- of kompjûterapparaten. Der komt noait mear út as wat men deryn stoppet. Sels tinken is dêr folslein ôfskaft. De Grutsk kin der no ynkomme fertelde er oer de telefoan, dat se sokken yn sa'n akwarium wolris in mes yn 'e hûd stekke. Ast gjin wurk hast krijst ek noait wer tiid om in baan te finen, want jo fleane fan it iene loket nei it oare. Skuonfergoeding soe dochs wol it minste wêze wat sokke ûngelokken jaan moatte. Ek dit soart saken wol er allegearre opskriuwe, want it ferstoppet de kanalen fan de demokrasy, en it soarget derfoar, dat se dêre by him oates en toates fan de toer springe. As De Grutsk mei sokke ferhalen komt lis ik de telefoan op de tafel, want dan kin ik it noch mei gemak hearre. Der tusken komme is net mooglik, en de hoarn foar it ear hâlde betsjut dat ik nei in pear wiken oan de lofterkant folslein doof wêze soe. As er echt begjint te razen springt de telefoan soms op en del op de tafel. It liket hast teater of op in harkspul dat se eartiids oer de radio útstjoerden. Mei lûd en al. Stoarm, reinwetter en skotten út in gewear. Dochs skilje ik him regelmjittich, want hy stiet oan de strôt ta fol mei ferhalen. De yllúzje dat er yn syn kop mei in roman dwaande is moat ik sa folle mooglik stypje en yn libben hâlde en foaral fersterkje. As ik him oanmoedigje wol er de kranksinnichste saken op papier sette. Yn in bepaald opsicht binne se wol wier, mar kinst as skriuwer net samar al dy ferhalen achterelkoar sette. De foarm en de trochrinnende tried moatte ommers alles omsette yn in aparte wrâld fan wurden dêr't in eigen logika yn sitte moat. | |
[pagina 86]
| |
De Grutsk sit sels tagelyk yn al dy echte en ûnechte ferhalen. Hy makket de wrâlden op syn wize. Syn eagen hawwe se makke en betocht. Soms hat er in prachtich idee, want hy brocht my bygelyks op de namme fan De Lytsk. Doe't er dat ferhaal oer de kikkerts op it aljemint brocht skeat my dy namme daalk troch de holle. Foar de telefoan imitearre er it útelkoar spatten fan de ballonliven fan de kikkerts. Eins kin it sa op de planken. Neffens my hat er der sels ek oan meidien, mar dat ûntkent er mei klam. Hy hat ek noait nullen yn mûzen stutsen sei er, want dat diene dy dweilen ek. Dy mûzen koene dan wol in heale meter omheech springe. Ik wit dat allegearre net mear sa krekt, mar dat Snyp gjin paradyske west hat, dat bin ik folslein mei him iens. Elk telefoanpetear begjint en eindiget mei dy âlde ferhalen. Soms ken ik se net, en guon haw ik fergetten, sadat De Grutsk frij maklik myn haadpersoan en boarne wurdt. As ik sis dat ik my in ferhaal net yn 't sin bringe kin, dan begjint er daalk yn in hegere fersneliing te praten. Hy kin him net yntinke, dat ik net alles mear wit. Foar him is dat godsûnmooglik, en somtiden twifelet er oan myn ferstân. Guon lju krije neffens him al heel jong in foarm fan deminsje, en hy rette my oan mear molke en sinesappelsop te drinken, want as it sa troch giet dan is er benaud dat ik meikoarten opnommen wurde moat. Ik hoech oan de oare kant mar in namme te neamen - bygelyks De Bor, de smid yn dy tiid - of hy spuit yn ien lange monolooch alles oer De Bor by my de keamer yn. Syn psycholooch hat ek út soarte tsjin him sein, dat er foaral al dy ferhalen út it ferline opdolle moat. No, dat hoechst tsjin De Grutsk mar ien kear te sizzen. De wurden fleane him ta de bek út. Dy psycholooch hat him ferteld, dat er noch noait immen meimakke hat dy't sa prachtich oer kikkerts fertelle kin. De man wol it ek allegearre opskriuwe, hat er sein. Ik skrok, want as sa'n figuer him der mei bemuoit dan kin ik fansels wol ynpakke. Ik frege De Grutsk noch oft it soms ek in skriuwer is. Sokken hast hjoeddedei in soad. De streaming fan de ferknipte literatuer oer ferknipte klanten fan datsoarte fan lju slacht foar master op yn de pulpyndustry fan it guodkeape amusemint. Sels wichtige kultuerpolitisy fine dat de literatuer fakentiids te soer en te abnormaal is. It folk wol allinne mar frette, sûpe en neuke. En dat is genôch. Politykbedriuwe is sa njonkelytsen in foarm fan ysko's bakke | |
[pagina 87]
| |
en se de lju troch de strôt wringe. Yn wêzen kinst dy nije pulpliteratuer fan de apostels fan it moderne kauwen fergelykje mei de kristlike literatuer út in fier ferline. Ek dêr waarden de wierheden altiten by kilo's ferkocht. Ik warskôge De Grutsk foar dy parasyt, mar hy beweart dat er de man folslein om syn fingers draait. Nei twa sessy's wist er al wat dy fint ynteressant fûn. Hy past him dêr by oan en op dy wize - mei goeie rapporten fan dy psyk - kin er syn proses yn de Regearingsstêd ek better stjoere. Foar him is it libben in soarte fan manipulaasje wurden der't er elke kear op 'e nij op de râne fan de mooglikheden balansearret. Hy hat dêrby al syn sintugen nedich. De Grutsk fertelde dat dy psycholooch ferskriklik geilde op it ferhaal oer De juf Annach. Hy woe sels witte hokker kut se hie, omdat er dêr net oer skreaun hat. Mar De Grutsk hat him útlizze moatten dat in jonkje fan acht fansels noch gjin sjûge hat fan kutten fan folwoeksen froulju. Ek dat hat er sa't er beweart yn 't foar al ynkalkulearre. Letter sil er dat aspekt nochris wiidweidich op it aljemint bringe. It heart by syn stratezjy yn dat proses, dat op 'e keper besjoen hannelet oer libben en dea. Miskien sels oer libben òf dea. De Grutsk hat útfûn dat je sokke lju yn dy burelen bytsje by bytsje fuorje moatte. Hy hat it skema fan dat fuorjen al helendal útwurke. Neffens him kin it fergelike wurde mei it opfokken fan bargen. Net te fluch en te folle tagelyk, want dan begjinne se te kotsen. It foer moat lykmjittich ferdield wurde tusken kop en kont. Ik haw yn De Grutsk in goudmyn ûntdutsen. It iennige wat ik dwaan moat bestiet út it oarderjen fan ripe en ûnripe teksten, fan feiten en dreamen, fan wierheden en ûnwierheden. As ik De Grutsk hear krij ik de yndruk, dat der yn Snyp allinne mar idioaten en beesten wennen. Ik leau dat net helendal, mar it is wol sa dat se dêre nei de oarloch moai aardich trochsloegen, en fakentiids troch de linten skeaten. Mar yn dy tiid wist ik net oars of it wie gewoan. As ik in kat seach mei in huodsje fan De Dout op 'e rêch fêstbûn, dan fernuvere ik my der net oer. En as der begjin jannewaris op it skoaldak sân húsketontsjes stiene - en heal fol neffens De Jent en De Loet - dan tocht ik dat soks de gewoanste saak fan de wrâld wie. Dat de lju yn de huzen by de tsjerke yn 't earstoan gewoan trochsketen op it plak dêr't eins de tonne stean moast wist | |
[pagina 88]
| |
ik net. Dat hearde ik pas letter doe't in pear manlju haltend en razend de lokalen fan de skoalle yn stoden. Dêr bewearden se by heech en by leech dat de âldste jonges it op har gewisse hiene. Dy seine dat se fan neat wisten. Se hiene heel goed yn 'e rekken dat dy manlju neat bewize koene. Soks hearde gewoan by it libben yn Snyp, by it deistige toaniel fan de strjitte. Soms waard De Dil, de doarpsplysje, der ek noch by helle. Mar nochris, eins wie it allegearre heel gewoan. It hearde der by. Yntusken fertelt De Grutsk dat alle skythústonnen fan it doarp op it skoaldak stiene. No, ik leau dat soks net wier wie, mar it jout wol oan dat it doarp yn 't ginneraal op de tonne skeet. Elkenien hie doe in lyts dongbultsje yn it hûs, in pear moasten by waar en wyn mei de broek op 'e knibbels bûtendoar nei in keetsje yn de bleek of achter op de tún. Mar dêrmei is fansels noch net elke ynwenner in beest wurden of in idioat. De Grutsk ûntkent dat. Neffens him bewarje allinne de beesten har stront. Syn psyk hat dat aspekt yn syn ferhalen dan ek as útsûnderlik sterk oanwiisd. Mar der binne fansels noch folle mear ferhalen. De Grutsk is by steat en ferbyn it libben fan doe en fan no op in heel maklike wize. Soms sjocht er gjin inkeld ferskil, en dêryn rinne wy op folslein oare klompen. Better sein, hy rint noch altiten op klompen en ik haw myn motten al lang yn skuon stutsen. - Witst noch, - sei er yn ien fan de telefoanpetearen, - dat der ien Roomske famylje yn Snyp wenne, de grutste famylje yn heel Snyp, mei dy prachtige footballers lykas De Sjor, De Nik, De Kik en mei dy prachtige non De Tressa? - En dat wist ik fansels noch tige goed. - Ja, ik ken se my noch allegearre goed foar de geast helje. Keatse koene se ek ferskriklik goed. En dy De Tressa fûn ik in plaatsje út in pûzy-album. - - Krekt dy. Se hiene ek noch sa'n siik famke. Dy lei foar it rút. Dêr kaam ommers dy dokter, De Oast, dy't allinne op dy buorkerij syn hoed ôfsette, yn huzen fan arbeiders noait. - - Dêr't se dy âlde De Fok ris in wike opsletten hawwe yn it setterhok, omdat er wer ris de baas spylje woe. - - Krekt, dy lju. No, dy haw ik altiten yn myn ûnthâld hâlden. Ik begreep neat fan dy Roomske tsjerke, fan dy oare soarten trouwens ek net safolle, mar ik fûn se allegearre wol heel apart. It kranksinnige is no, | |
[pagina 89]
| |
dat ik in Roomske adfokaat haw, en in bêstenien. Dy rjochters binne allegearre fan dy fine moralisten sasto wist, en ik tocht, ik skeakelje ien yn dy't wat tsjinwicht foarmje kin. Hy is tige handich, en foaral fluch fan geast, ûngefear sa't dy footballers fan De Fok oer it fjild stoden. No, ik sil dy fertelle, ik haw noch nea sa'n bêstenien hân. Dit is myn fjirde, mar dizze hâld ik, hjoed de dei gean ik foar Roomsk. - - Aansens wurdsto sels ek noch Roomsk. - - Lul net man, ik bin serieus. Hy sadelet my net op mei ivige wierheden en gelykhawwerij. Hy is my wurden, en ik bin him wurden. Goed en kwea hâldt er him net mei dwaande. Hy wol dy oaren yn 'e sek naaie. Sterker, hy wol winne. En dêr giet it om yn sokke rjochtsaken. - Sa giet er dan noch in heel skoft troch. Dy rjochtsaak bringt him op it skerpst fan syn ûnthâld. De net te begripen rjochtstermen fleane my om de earen. Hy wol de hele reutemeteut oppompe, seit er, as er oer syn fjildslaggen op 'e rjochtbanken fertelt. Oppompe as kikkerts, en dan ôfsjitte. Op sa'n stuit fljocht er wer werom yn de tiid. Hy fertelde doe ek, dat dy oppompte kikkerts ek wol oan de tsjerkedoar en de finsters fan de tsjerke bun waarden. Op sneontenacht fansels, sadat se de sneintemoarns it spul hingjen seagen. Dy foar de finsters hongen sa heech, dat se it pas yn 'e rekken krigen as De Loet en De Jent dy ballontsjes stikken skeaten fan it tsjerhôf ôf. Ek dat wist ik net mear, mar dat dy tsjerkedoar wol faker doelwyt west hie koe ik my noch wol yn 't sin bringe. Mar wat der allegearre ophongen wie wist ik net sa presys. It kin wier wêze, mar hy kin 't fansels ek dreamd hawwe. Dat koe er eartiids al heel goed. Doe't De Grutsk mei it ferhaal oer dy njoggen hoeren kaam woe er der earst net sa'n soad oer kwyt. Hy hat it mei syn psyk trochnommen, en dy hat it wakker stipe en oanmoedige kin 'k wol begripe. It sil him op spoaren fan it ferline bringe no't er dy njoggen sa útkeazen hat, dat se allegearre lykje op froulju en famkes út syn ferline. Ik wol noch wat mear oer de earste witte, mar hy seit dat er dat noch wol as in apart ferhaal opstjoere sil. Hy wol earst wer folslein yn de tiid werom - mei dy hoer - en dan sil dat fansels wol saken oproppe dy't no noch bedobbe binne ûnder de moude fan Snyp. Ik fyn it idee ynteressant, want it is foar 't earst dat ik hear dat hoeren | |
[pagina 90]
| |
ynskeakele wurde foar terapeutyske sesjes, dat wol sizze, as tarieding tsjinje foar de petearen. It sil betsjutte kinne dat de hele seksyndustry ien terapeutysk ferhaal wurde kin. Tagelyk kin it ynhâlde dat it libben fan ûnderskate lju oars neat foarstelt as in herhelling fan dat wat se oait meimakke hawwe doe't se jong wiene. Dy hoeren fan De Lytsk kinne fêst in rol spylje yn de roman dy't ik op it each haw. Dêrmei kinne ek Freud en konsorten it politike plak krije dêr't se rjocht op hawwe. Miskien binne de measte psiken en oare wrotters oan de binnenkant fan de harsens der fris fan, mar De Grutsk bewust mei syn idee, dat se it politike en kapitalistyske systeem stypje en op 'e reels hâlde. Dêr kin gjin mins om hinne. Foaral mei dit lêste aspekt wol ik de roman in djipte jaan dy't meastens yn de literatuer oan 'e kant skood wurdt. Eins is De Grutsk de echte fertsjintwurdiger fan it systeem, en hâldt er dat mei syn aksjes yn stân. Literatuer wol ornaris neat bewarje, yn stân hâlde of befêstigje, mar op syn heechst beskriuwe hoe't men besiket de tizeboel wat op oarder te krijen. Ik herhelje nochris wat De Grutsk sein hat. Ferdomd, hy en De Lytsk wurde hast in siameeske twaling. Se folje elkoar oan, en se brûke elkoar. Se binne kontrasten, mar ek elkoars spegelbyld. Miskien is dat ek wol itselde. Literatuer hat dat ommers ek allegearre op it each. De juf Annach sil wer op 'e nij libje, en kikkerts wurde noch elke dei opblaasd. Op dy wize kin de roman tagelyk oanslute by de aktualiteit en de takomst. In wrâld fan wurden yn in wrâld dy't wat langer wat minder wurden nedich hat. |
|