Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 355]
| |
Achtste diel
| |
[pagina 357]
| |
Doku-1- No't ik krekt in faksapparaat oanskaft haw kin ik dy moai fluch myn optinksels tastjoere. Myn ideeën oer it boek krije wat langer wat mear stal. Silst der op in stuit fan opsjen, ek hoesto in rol yn it ferhaal spilest. Mar dêroer letter. Neffens my kinne wy it spul op 'en doer wol byelkoar smite. Dat hâldt dan tagelyk yn datsto (of ik, mar ik tink dat myn mes it skerpst is) ferdwine moatst. Ek dêroer kin noch praten wurde. In âlderwetsk duel soe ek wol nijsjirrich wêze kinne. Dan freegje wy immen om moaie foto's te nimmen, sadat it dokumintaasjesintrum ek wer wat hat foar de samling. Dêr giet it al lang net mear om literatuer. Hawar, do moatsty no earst mar even mei dyn bonkerak rêde. Ik tidigje lykas earder op kommentaar, en leafst sa gau mooglik. It apparaat stiet der no foar, en ik hoopje dat der mar in soad útrûgelje mei. Sa't se sizze, do kinst der alles troch hinne stjoere. Ek foto's bygelyks, tekeningen en skilderijen. Alles yn earste oanlis noch swart-wyt. Mar dat fyn ik net slim, want kleuren fertekenje dochs faak, en de subtiliteit fan in tin swart streepke kin in kleur ommers noait oanjaan. Of it moat al om grutte moardpartijen gean. Mar safier binne wy (noch) net. Ik haw yntusken ek in titel. Mearsinnich, wreed, argaysk en tige kriptysk. ‘Piksjitten op Snyp’ skeat my ynienen troch de kop. Prachtich, tinkt my. It hat mei alles te krijen. Ik haw noch twifele tusken ‘Piksjitte op Snyp’, ‘Piksjitten yn Snyp’ en ‘Piksjitte yn Snyp’. Mar by eintsjebeslút fyn ik de earste it bêste, foaral omdat Snyp ek as metafoar yn it ferhaal in grutte rol spilet. Ik bin benijd nei dyn oardiel, en ik hoopje datsto mei dizze titel ek werom gean kinst nei dy âlde tiden, en as dat net sa is, dan moatst dyn assosjaasjes mar fleane litte. - |
|