Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Doku-2 | |
[pagina 358]
| |
- It fragmint dat ik hjoed skreaun haw is in pittich stik, omdat der njonken de konkrete wurklikheid ek oare realiteiten yn ferwurke wurde moasten. It is fiksje en súr-fiksje: weistoppe en fergetten tinzen en winsken. Tagelyk kin it ek in kaaisgat wurde foar it boek, en dan praat ik oer de ynhâld fan it doarp, oer de woartels fan de oerprimitive eleminten dy't al sûnt ieuwen opslein binne. Ik tink dat dy noch altiten in ynfloed hawwe op de hâlding en it gedrach fan de lju dy't dêr no wenje. It folslein inkeldfâldige - eins de ûnderfiningen fan de lytse ikwurdt ferfrissele mei it generalisearjende mearfâldige dêr't generaasjes lang ynfloeden trochkrongen binne yn de wetten fan de buorrens. Moraalkoades en spontanens rûnen (en rinne fêst) lykop. De moraal wurdt hjir diktearre troch de besitters, de tsjerken (dy't opfolgers krigen hawwe yn nije ûnkontrolearbere eangstbestridersfilosofyen) en de steat. De skoallen moatte yn dit stik fan saken út soarte net fergetten wurde, omdat dêr noch altiten de kar makke wurdt tusken wat men witte mei en dat wat saneamd net wichtich is. Lit ús sizze, de wite anglo-saksyske-protestantske oerhearskings- en ferneatigingsdrift oangeande alles wat oars is. Ik haw besocht dy saken sa te beskriuwen, dat myn dûbele rol yn sjen en ûnderfining stal krijt. As ik sa'n stik weromlês, moat it sa lêzen wurde kinne dat it krekt is oft in oar it skreaun hat. Dochs wit ik fansels presys wêrt en hoe't ik keunstmjittich yngrypt haw yn de see fan assosjaasjes. It is as mei sykheljen: jo dogge in kar tusken seelucht, doarpslucht, stedslucht of tusken swietrook en stank. It swit fan de iene stjonkt, yn it swit fan in oarenien wol men wol swimme. Dat kin men wol drinke, by wize fan sprekken. No't ik alles neilês - de koarte en langere stikken, de lytse notysjes en alles wat op de muorre spikere is - tink ik dat De Ren in kaaipersoan wurde kin (hoewol't se oant no ta noch mar allinne as byld nei foaren kommen is, mar yn partsjes by oaren foar it ljocht kaam). Sij ommers is de iennige dy't yn it iepenbier yn opstân komt en har eigen spoar makket. Se daget út, se ferget de lju op in eigen miening. De reaksjes dy't se opropt kinne autentyk opnommen wurde, omdat se noch altiten aktueel binne. Foar in lyts doarp, foar in grut doarp en dus ek foar in globaal doarp. En net allinne troch de autentisiteit, se tekenje foaral de sfear. | |
[pagina 359]
| |
In inkeling lykas do sil wol in oar perspektyf hawwe, omdatsto in oar histoarysk proses sjochst. Do fielst fansels gjin inkelde ferbining mei de groepskoades en alles wat derby hearde yn dy âlde tiid. Do silst dy domheid en dy gefoelleazens wol taskriuwe oan it groepsgroeiproses, dêr't benammen de ynstituten in rol spilen, mar dat nimt net wei dat it meielkoar in moardzjende útwurking hie. Alles wat oars wie - bygelyks in hûn mei trije poaten, of in wite roek - moast dea. Eins wie De Ren sa'n wite fûgel, of in skiep mei fiif poaten, want tefolle poaten koe fansels helendal net yn dy wrâld fan unifoarmiteit. De persoanen sitte yn de foarm - de haadfigueren bedoel ik - en tagelyk besykje se derút te kommen. Ast der yn sitst moatst meidwaan, asty der sels bûten setst wurdst in proai. Dy striid is hast net te winnen. Op syn minst ferliest wol in each, in finger, in poat of in ear. Soms reinde it tosken yn de buorren. De measte lju rûnen dan ek mei keunsttosken yn de bek. In mins mei neimakke tosken is minder gefaarlik as ien mei syn eigen echte stikjes ivoar. Dy ferfanging siet dan ek yn it sikefûns. De polityk hie doe al troch, dat de arbeiders dêrmei in sterk wapen ûntnommen waard. Oan it tal keunstgebitten dat yn in lân omrint kinst sjen hoefier't de dekadinsje en demokrasy foardere binne. It klonen fan minsken moatst ek yn dy sfear besjen. Doe't de grutte arbeiderspartij it keunstgebit tastie wie it noch mar in heale arbeiderspartij, sadree't dy partij ek it klonen ûnderskriuwt bestiet der gjin arbeiderspartij mear. Segminten út dy âlde wrâld besykje ik los te weakjen, sadat se geskikt wurde om yn in nij (ek fertichte) ferbân te setten, en better en skerper oer it fuotljocht komme. Yn dat ferbân is de gewoane gronologyske foarm net mear te brûken, mar dat is op himsels net slim, want dy wie meastens dochs al ferfeelsum genôch. It hat te krijen mei de maatskiplike tiid dy't foar it skriuwen net sa geskikt is, omdat it skriuwproses heel oars oan de tiid bûn is. Skriuwen bepaalt ommers sels de tiid. A-syngroan rinnende ferhalen komme ek mear oerien mei de mins sels. De wurklikheid yn de hollen is in oarenien as dy út de konkreet ferifiëarbere histoarje. It giet der net om wat sjoen is, wat men eventueel sjen koe, mar wat earder of letter belibbe is en yn groeden opslein yn it lichem. Eins is skriuwen it iepenlizzen fan groeden dy't miskien dan wol ticht sitte, mar it rotsjende proses net | |
[pagina 360]
| |
oan it deiljocht toane wolle. It skriuwproses is yn dit stik fan saken it mes dat dy swolm iepen hellet en skjinmakket. Ik wol besykje oan te toanen dat gefoelens oerraasd wurde, omdat se gefaarlik binne. Neitinke oer jinsels hat dêrmei te krijen. Dat moat út soarte net barre, en (dus) wurde bygelyks de achterste poaten fan in kat oanelkoar fêstbûn. Wat wreder wat better, want dêrmei kin de agresje tsjin de leafdeleasheid fan de âldelju dochs útraasd wurde. Dat bart gewoan, omdat it te krijen hat mei it idee dat it needlot dochs wol yngrypt. It sit der erflik yn, liket it wol. It libben fan in kat hat gjin doel, en De Ren jout oan dat de libbens fan de ynwenners fan it doarp eins ek gjin doel hawwe. Yn de kontekst fan haat, oergeunst en agresje leit De Ren dat bleat. De Ren sil dat op in stuit belije moatte. Dat stiet sa fêst as in hûs. Foar De Ren kinst hjir alle oare dissidinten delsette. Hawar, do witst oer wa't ik hjir praat. Lit ús sizze dat de messen en de kullen slipe wurde foar de merke. Foar it feest, want dan is it tiid om de kutten iepen te ritsen en te smarren. Mei griene sjippe bygelyks, sadat de besitsters hippe as de ballonkikkerts yn de sânbak fan de piksjitters. - |
|