Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–- I -Grutstêd, datum searjenûmer
Goemiddei kollega, no'st dyn ferset opjûn hast tsjin in yntegrearre organisatoaryske modelûntwikkeling fan de maatskippij - ik bedoel dus it oanskaffen fan in faksapparaat - kin ús kommunikaasje better ta syn rjocht komme. Praten, foaral oer de telefoan, is ommers fakentiids allinne mar in foarm fan sykheljen mei hjir en dêr in klank. Dyn systematyske ûntwikkeling fan in gedrachsalternatyf yn ferbân mei it ynelkoar setten fan in boek hat, moat ik oannimme, ek te krijen mei it poste-restante stjoeren fan in bonkerak, dêr't allinne noch twa lippen, twa titen en in kut fan belang binne. Mei oare wurden, dit funksjoneel beneierjen fan de technyk fan it mennismint oangeande it skriuwen moast ik even oan wenne, mar ik haw daalk de bûsdoek oppakt, myn triennen droege, en in passend antwurd betocht (nb. dy triennen hawwe te krijen mei de nostalgyske gefoelens oer it hânwurk). It liket derop, dat wy wat langer wat mear mei deselde boat ûnderweis binne. Ik hâld dyn bonkerak, do krijst fan my it tsjinoerstelde, sadat it normative relasjonele spannings- | |
[pagina 362]
| |
fjild tusken ús wer yn lykwicht wêze sil. It libben - en wat is in roman oars - hat in multydissiplinêre technologyske organisaasjefoarm nedich. Under it beferzen oerflak fan it hurde en it sachte rosmos spilet ommers it sosjaal-psychologyske koördinearjende aspekt fan macht de grutte rol. Ik heakje dêrby oan, en ik sil dat fanôf no ek stypje. Sterker, myn identifikaasje mei dy, en dyn en myn produkten, is hast folslein. Miskien ferdwyn ik wol. Nei Súd-Amearika, Súd-Afrika of de Súdpoal. Sasto witst haw ik okkerdeis in lyts boekje publisearre mei allegearre ferhaaltsjes en koarte notysjes. It hjoeddeiske dynamyske, mar foaral burokratyske normative ynformaasjesysteem - lit ús sizze de krante - hat dêr ien of oare flikker op reagearje litten. Ik moat sizze, doe't ik it lies fleagen my myn biljertbaltsjes hast yn 'e strôt, as fleach ik mei myn hele hear en fear op 'e stange fan in transportfyts. Ik stjoer dy in gearfetting fan dat artikeltsje. Ik tidigje fansels ek no op in koart kommentaar, want it hat likegoed mei dy te krijen, en miskien is it saak tegearre út te finen hokker objektivearre prognoaze wy op poaten sette kinne oangeande in kommunikaasjemetoade dy't soksoarte fan priveegeëamel - yn wêzen weromgripend op de âlde griffemearde fatsoensdogmatyk oangeande literatuer - de nekslach jaan kin. Kastrearje is wol it minste wat men dwaan kin mei lju dy't gjin aan hawwe fan de botsing tusken fjoer en wetter. In strukturele, mar foaral konservative stratezjybepaling is hjir op syn plak, sa't bygelyks it ferske ‘altyd mar gnize, altyd mar gnize’ seit. Ast mei gnizers te krijen hast moatst oan ien tried wei dyn fingers telle. Foardatst it witst hawwe se dy ien ûntfytmanne. Sa 'k sei, yn de begelieding fan dit feroaringsproses kinsto myn man wêze. Sterker, ik bin dy en do bist my. It selsbefruchtsjen mei in ferlingstik kin hjir sa syn gerak krije, en jout tagelyk ek Perspektiven foar de perverse wrâld dy't de literatuer dochs ek is. Fierder stjoer ik dy noch wat foto's dysto miskien brûke kinst by de ynfintarisaasje fan de njoggen hoeren en dy't dy fêst op in idee bringe oangeande de opset en de útwurking fan de ûnderskate haadstikken. Ik begjin mei in konterfeitsel fan in foars frommes datsto meikoarten sjen silste. Neffens my liket se wol wat op De Het oer wa'st my ferteld hast. Grut, breed en benammen Fellini-achtich. De twadde en de tredde binne kopulaasjesênes dêrst prachtich sjochst hoe't de froulju útelkoar ploffe. Dat sil dy bekend foarkomme, en dyn tinzen sille | |
[pagina 363]
| |
werom gean nei guon dyst kennen hast, mar dy't neat mear fan dy witte wolle. Ik haw de tekst fan Bertolt Brecht even foar dy opskreaun, want foaral dy lêste froulju sille sa wol oer dy tinke: ‘Inkelde froulju dy't ik moete haw sille dy miskien foarsteld wurde as jammerdearlike slachtoffers fan myn hurde selssucht, mar ik moat dy sizze, dat ik it grutste part fan myn gleonens krigen haw mei't ik geniete fan harren geilens.’ |
|