Piksjitten op Snyp(1999)–Josse de Haan– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Haadstik 121 It altaar freget om de neigeboarte Ta neitins oan de âlde tiden, tagelyk foar in ivich ôfskie mûtsen groeie net op keale harsens Jo mûts, freon en oare ego, haw ik ûnder de roas nei 't Snyphûs brocht. Hoeden bewarre en plante yn 't plantsoentsje mei gleon sied en fammesnie. In keppeltsje bern fandele it ‘objet trouvé’, in reade blom, wat bleek, mar dúdlik werkenber fan in Snypster kop, mei noch de rook fan hea, kikkertdril en einaaien fral. [pagina 399] [p. 399] It doarpshûs pronke dêrnei mei de waarmte fan Jo skedel opheind mei't breidzjen yn kjeld fan de wytsnijende winter, dy't elkoar moeten op 'e grins en yn de ploaien fan de blauwe en reade side, mjukse mei katoen en skieppewol. Jo mûtse, âlde ego en freon foar 't neist, is bestjurre op 37C minus de 17C froast, winterkjeld en ûnwennigens tweintich dus en neffens my in gewoane simmer - waarmte en in lêsklimaat op keamertemperatuer. No sa, in relikwy fol ferhalen foar Mata Hari's neitins en har hurde wurkers yn de argiven. Alde barjêres dy't de takomst opkeare, want tinzen moatte fleane. In skriuwende kop moat kâld wêze. De koarts fan Jo mûts, âldfreon, stjoer ik nei de bernetiid werom. Ik lis him as altaarstikje fol mei steden yn de tsjerke. Berne mei de helm sil de neigeboarte dêr tagelyk wêze. Vorige Volgende