Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 441]
| |
wie. Hy wie as de dea dat se it yn 'e rekken krije soene, dat er glogen brûke moast om yn it goeie spoar te bliuwen. De middeis siet er wer op syn keammerke. Op it âlde wasktaffeltsje fan syn pake, dat no skriuwburoke wurden wie, lei de geelbrune kartonnen koker dêr't de glogen mei de metalen fearjende poaten yn opburgen sieten. Miskien wol ferside brocht. Op 'e ein wiene de poaten omkrolle lykas de sturt fan in barchje. Se liken fan goud, it wie gewoan koper. Op de útein siet in rûn knikkertsje fan glês. Ut en troch sette De Lytsk de glogen op syn noas en seach dan yn de spegel. Hy siet stiif en strak nei syn gesicht te sjen dat er net weromkoe. It like wol beferzen. It kaam him noch frjemder en ûnbekender foar as sûnder glogen. Hy hie syn gesicht ek noch nea sa skerp en dúdlik sjoen. Hy seach no foar it earst dat er blaugriengrize eagen hie. De Lytsk wie foaral bang dat de oaren him no better sjen soene, omdat er harren better opnimme koe mei de glogen. Hy fielde eangst foar al dy eagen. Hy tocht him al yn hoe't se allegearre reagearje soene op skoalle. In brillejoad fan in foddejoad. Alles wat oars wie yn it doarp waard ommers altiten útskolden, achterneisitten of deamakke. En de famkes, wat soene dy fine? Der spatten in pear triennen achter de glogen yn syn eagen. Ek dat hie er noch noait sa sjoen. It liken reindrippen, en no seach er hast trijedûbel, want dy pear triennen feroaren ek yn in soarte fan glogen dy't alles noch skerper makken. Yn 't foar fielde er him al banger foar de eagen fan al dy oaren as foar it ûnwaar, wylst dat lêste it ferskriklikste wie dat der foar him bestie. De Lytsk besefte dat de glogen in grins yn syn libben brocht hiene. Hy koe der foar stean bliuwe, of hy soe der mei glogen en al oerhinne stappe moatte. It iene of it oare, in tuskenpaad wie net te finen. Mei de glogen op syn kop foarme er in útsûndering, en hearde er foar altiten by de bûtensteanders. Hy waard in frjemdeling, in stakkert, in sêfte hin, in memmepopke. Alle sporten lykas fuotbal, keatsen, fersideplak en bygelyks reedriden koe er fanôf dizze tongersdei wol ferjitte. Mei de glogen like de wrâld rommer, mar eins wie it omkearde bard. Hy waard werombrocht ta in pear glogen. Ek al seach er achter de spegel it wide fjild mei ljippen en seefûgels, hy koe allinne mar each hawwe foar de glogen op syn noas en foar syn eagen dy't it ôfwitte litten hiene. De Lytsk skode de glogen wer yn de kartonnen koker. Hy frege him ôf | |
[pagina 442]
| |
wat er no dwaan soe. Hy boarte mei de koker yn syn hannen, en ynienen wie er der wis fan dat er de glogen noait brûke soe. Dat betsjutte dat er in feilich plakje fine moast dêr't er de glogen opbergje koe. Op 'e nij seach er nei de kartonnen koker. Yn 'e hûs wie gjin plak te finen, want dat waard elke moanne binnenstebûten keard. Hy soe mei de glogen libje moatte, mei reizgje foaral. De skoaltas soe miskien dochs it beste plak wêze. Mar dêr skûlen ek risiko's, want se smieten dy tassen ek wolris troch de lokalen. Mar hawar, dêr wie er op it lêst sels by. De Lytsk helle alles út de tas en bestudearre doe de ûnderskate fakken en fakjes. De tas hie noch fan syn pake west, en like dêrtroch moai aardich âlderwetsk, mar hy hie wol in ûnbidich soad opberchplakjes. Sels oan de sydkant, en miskien wie dat ek wol it bêste plak. De glogen feroaren yn in geheim. It drukte swier op De Lytsk, hy rekke syn frijheid kwyt. Tagelyk krige er it idee dat er elke dei minder skerp sjen koe no't offisjeel fêststeld wie dat er glogen noadich hie. De geheimsinnige glogen achterfolgen him dei en nacht. Se seagen nei wat er die. sels as er oan it tinken wie like it wol dat se om in hoekje kipen. Oeral ferskynden se, de hele wrâld siet fol mei glogen. En oeral easken se dat se brûkt wurde moasten. De glogen loerden nei him, elk eagenblik fan de dei. Ienris moast De Lytsk syn ferset opjaan. Dat koe net oars. Nei't De Lytsk eigner wurden wie fan de glogen fielde er him libjen yn twa wrâlden dy't tsjinstridich wiene. Foar him besriene de glogen yn it echt, omdat se yn it rjochterfakje fan syn tas sieten. In pear oaren tochten dat er se brûkte en kamen him as sadanich temjitte, mar de measten yn de wrâld om him hinne wisten fan neat. Dêrtroch stjoerden de glogen, sichtber en netbesteand, syn libben foar in grut part. De Lytsk wie as de dea dat de twa soarten lju - de pear dy't it wisten, en de lju dy't neat yn 'e rekken hiene - meielkoar yn kontakt kamen. De Lytsk stuts in bult enerzjy yn it útfinen fan trúkjes dy't derfoar soargen dat gefaarlike ûnderwerpen yn in petear fluch en handich op wat oars brocht waarden. Allinne op dy wize koene de glogen in geheim bliuwe. De Lytsk waard handich yn it omsilen, mar hy fielde tagelyk de eangst dat se it ûntdekke soene. De ferhalen dy't er fertelde moast er allegearre | |
[pagina 443]
| |
ûnthâlde, want se mochten elkoar net tsjinsprekke. Soms stie syn holle op knappen as der in pear kaaien op 'e rin wiene. Nei in setsje makke er oantekens dy't er eins faker bestudearre as de boekjes dy't er lêze moast. Eins gong er sels net mear mei de minsken om, mar wiene it de glogen dy't seine wat er dwaan en litte moast. Foaral dat lêste. Alles om him hinne waard ûnfeilich, want op elk eagenblik koene de gerdinen iepen lutsen wurde. Elke dei op 'e nij ferwachte er dat er ferret wurde soe, dat se ûntdekke soene dat er de boel besoademitere. Dêrtroch kniep syn keel soms ticht en koe er net prate, ek net laitsje. Bang wêzen joech stive spieren. De Lytsk rekke wat langer wat mear oertsjûge fan de katastrofe dy't plak hawwe soe as se syn geheim ûntdekke soene. Hy moast lêstige fragen ûntwike, hy moast yn de klasse syn eagen skeeflûke as in sjinees om op it boerd te sjen. Mei it keatsen waard it ek wat langer wat minder. Faak wie er te let of sloech er mis. Alles byelkoar makke dat syn eangst en pine grutter. Op in stuit sakke er fan it iene rapport op it oare wol in fyftjin punten. Ek dat hie te krijen mei it geheim. Syn hele libben draaide sa njonkelytsen om dy glêzen eagen. Yn de praktyk bestiene se net, mar se hiene syn libben wol folslein op 'e kop setten. De Lytsk bestege mear tiid en enerzjy oan it úttinken fan allerhande fragen dy't steld wurde koene as oan de wurklikheid om him hinne. Dat unechte, net besteande libben, ferfong soms it echte. De glogen achterfolgen him en stjoerden him. Se woene erkend wurde. De Lytsk wie yn de tiid en de romte meastens in stap fierder as de wrâld om him hinne. Soms like it wol oft er hypnotyske jeften krige as it gong om wat minsken dwaan en sizze soene. Hy wie altiten op syn iepenst, mar it like wol oft de rûnte om him hinne wat langer wat mear lytser en smeller waard. Ut en troch tocht er dat er gjin siken mear helje koe as er op it rantsje fan de brêge rûn. Hy focht as in gek mei de glogen, mar se setten him eins helendal fêst. De Lytsk waard stiller en ôfwêziger. Hy fielde him faker ferlegen en hy sei net sa'n soad mear. Hy soarge derfoar dat er sa min mooglik yn frjemde sitewaasjes kaam. De Lytsk libbe in pear minuten yn de tiid foarút. Hy moast oeral rekken mei hâlde. Teiwaar soe foar him it grutste gefaar wêze. Elk wurd boppe de beferzen grûn, fan himsels of fan in oar, stie yn | |
[pagina 444]
| |
ferbining mei de streamen taal dêrûnder. En alle wurden dy't dêr húsmannen foarmen syn eigen wrâld dy't er folslein bepale liet troch de glogen. Fier dêrûnder - yn in bestjurre laach, as in iistiid - hie De Lytsk syn boartlikheid en wille opslein. Dat terrein wie fan himsels, dêr hiene de glogen noch gjin ynfloed. Djip yn himsels koe nimmen him achterfolgje of ûntmaskerje. Soms koe De Ank dêr komme as er mei har nei hûs fytste út skoalle. Even mar, want ek De Ank hearde no by dy oaren. Moarns gong De Lytsk mei syn te lytse tas nei syn fyts en liet dy tas heel foarsichtich yn de grutte fytstassen glydzje. It moast op in heel spesjale wize, want oars koe it rampsalige gefolgen hawwe foar de glogen. Dat ritueel koste him in pear minuten. Hy iepene de rjochterkant fan de fytstassen, seach oft it plankje goed horizontaal op de boaiem lei en liet dan de skoaltas heel foarsichtich op syn kant nei ûnderen sakje. De boeken mochten net ferskowe, en de iepening en it slot kamen oan de binnenkant. It hantfet moast njonken it achterljocht. Op dy wize koe der neffens De Lytsk neat mei de glogen barre. En sa fytste De Lytsk elke dei fjouwer kear hin en wer, fjouwer kear in fjouwer kilometer. Hy koe it paad hast dreame en soms foel er op syn fyts yn in dream fan de nacht dy't er al traapjend fierder dreamde. Soms rekke er fier fan de wrâld. De Lytsk siet op syn fyts. Hy trape, hy stjoerde, hy besocht sa fluch mooglik de ôfstân tusken syn hûs en de skoalle ôf te lizzen. Soms like it wol oft er eins net foarútkaam. Dan sweefden de glogen foar syn echte eagen - dêr't se eins ek thúshearden - of sels dêrachter, want yn syn holle barde in soad. Dêr draaide soms in film. Op sa'n stuit siet De Lytsk ferstive as in fûgelferskrikker op syn fyts. Ek de tiid ferstjurre. Alle toerklokken stiene op deselde oere, de wizers ferweegden net mear. Soks barde mar in inkelde kear, want meastens rûn gjin toerklok lykop mei de offisjele tiid fan de radio. Eigensinnich as de doarpen sels bepaalden dy klokken har eigen tiid. Op sokke eagenblikken - as alle klokken op deselde oere stiene - krige De Lytsk it gefoel dat er noait oankomme soe. Noait mear te let, mar ek noait wer op tiid. Dan seach er fertwifele om him hinne. De molkbussen mei de noch waarme molke stiene oan de kant fan de dyk. De boeren hiene har wurk op tiid dien, allinne de molkrider hie it | |
[pagina 445]
| |
ôfwitte litten. Tocht er. Mar miskien wie er ek wol te betiid fan hûs gongen. De deksels op 'e bussen stiene skean op de halzen. De boeren ferwachten in moaie dei. Se rekkenen op de molkrider, want sa koe de frisse lucht by de molke komme. Dat like allegearre moai aardich gewoan. Soms stapte De Lytsk ôf en naam in slokje molke út in lid. Mar ek dat brocht de tiid net yn beweging. De Lytsk kaam gjin sintimeter foarút. Yn ien fan de wolken dêr't de sinne op skynde fan de achterkant siet in barst. De Lytsk skrok, syn hert bûnze. Foarsichtich seach er oer it skouder, mar de tas stie noch goed yn de fytstassen. Ynienen seach er twa barsten yn de wolk. En wer kipe er oer it skouder. Mar ek no wie der neat feroare. De sinne skynde fûl troch de brutsen wolk. It die sear oan syn eagen. It fertsjustere syn sicht. De barsten skeaten troch syn eagen yn syn holle. It liken wol twa sulveren triedden. De Lytsk rydboske, hy koe net mear goed sjen. Doe't er fan syn fyts stappe woe mislearre dat. It gong him kâld oer de lea, it like wol oft er koarts hie. En de sinne baarnde mar troch de barsten, streekrjocht yn syn holle. De glogen begûnen no sels foar syn holle te sweven. De Lytsk waard bang, want foar de wolk hong no ek in wite doek oan in waskline. Fiif knipers hâlden it lekken fêst, en op dat wite flak ferskynde syn holle mei de glogen op syn noas. De beide glêzen hiene elk in barst. De Lytsk die syn eagen even richt. Hy waard der hast gek fan, it mealde him yn de kop. Doe't De Lytsk de wrâld wer seach sa't elkenien dat sa likernôch die krige er yn 'e rekken, dat er de yngong fan de fytsestalling al foarby wie. De bel waard let, de dei moast wer begjinne. Dy moarns ûntduts De Lyts dat der wat oan de hân wie mei de glogen. Der kaam in rammeljend lûd út syn tas. Hy wist wat der bard wie. It like wol oft de wrâld fergong, mar tagelyk fielde er him ferromme. De glogen bestiene net mear en wiene út harsels feroare yn in soarte fan rinkelbel. Soksoarte fan boartersdinkjes soargen derfoar dat lytse bern laken. Dizze rinkelbel kaam út de hel, want De Lytsk trille oer syn hele lichem. It swit bruts him út, in pear triennen kamen yn syn eagen, sadat er ynienen wol alles lêze koe op it boerd foar yn it lokaal. Jankend koe er miskien de sechtjin punten dy't er ferlern hie op syn rapport wer op 'e nij fertsjinje. Hy hie noait witten dat De Wyb, de grutte Fryske dichter dêre foar de klasse, sokke grutte tosken hie. Hy seach dat no | |
[pagina 446]
| |
mei triennen yn de eagen foar it earst. Alles wie brutsen, kapot en yn tûzen stikjes fallen. De glogen, hysels en de wrâld om him hinne. De Lytsk frommele stikjes papier oan propkes en treau dy yn en om de kartonnen koker. It ratteljen fan it glês moast ophâlde, it rammele al genôch yn syn holle. Mei in reade holle, it swit tusken syn hier en op 'e noas gong er wer rjocht yn syn bank sitten. De Wyb lei út dat it oer Emis wie en net oerem Is sa't De Alb lêzen hie. It makke De Lytsk gjin grevel út, want foar syn holle wiene beide wurden fan tapassing. Syn hele lea fielde oer Emis en oerem Is. Hy wie in rinkelbel wurden dy't himsels net mear oan it laitsjen krije koe. De Lytsk wist dat de problemen no noch grutter wurden wiene, omdat de glogen njonken har folume ek noch lûd joegen. De Lytsk rydboske, hy fielde him tagelyk ferskriklik kâld en koartsich. Doe't se nei hûs fytsten tocht De Ank dat er gryp krigen hie, en De Gret - har âldere suster - frege ek noch wat der yn de goedichheid mei him oan de hân wie. De Lytsk skodde wat mei de holle en bewearde dat it wol wat tafoel. Miskien wie de rauwe molke út de bus fannemoarn wol ferkeard fallen. Mar yntusken hearde er it lûd fan de ratteljende glogen yn syn fytstassen. Eins wie er tige ferbaasd dat sij it net hearden. It wie ommers hast it lawaai fan rammeljende molkbussen yn in heawein op in reed mei kûlen. Doe't De Lytsk thúskaam strûsde er daalk nei syn lyts keammerke en die de doar op it slot. Hy sette de tas foarsichtich op it taffeltsje. Even wifele er, en seach yn de troch it waar útsleine spegel op 'e muorre. Op syn gesicht rûnen in pear drippen swit, syn foarholle glinstere en syn holle skynde krytsjewyt yn it glês op him ta. Foar de safolste kear kaam syn spegelbyld op him ta tusken de beammen, de blommen en it gers bûtendoar. Alles waard ferfoarme en fertekene. Mei syn hân hâlde er de stam fan in beam fêst. Hy stoareage heal blyn fan triennen nei himsels. No skynde de sinne ek wer troch de wolken. Dy sieten fol mei barsten. Se foarmen mei de wolkeflarden de gesichten fan de minsken dy't er koe. Guon laken, oaren wiisden, in inkeldenien knipeage. It like wol dat op syn rêch twa wjukken groeiden, en út syn wite mûle luchtbeltsjes kamen. Hy seach noch rjocht yn de fûle sinne op, en troch it swart foar syn eagen skeaten wite triedden en stripen wyt lekken. Dêrachter kaam in poddestoel omheech, as wie der in atoombom fallen lykas in | |
[pagina 447]
| |
pear jier lyn yn Japan. De Lytsk fielde syn gesicht baarnen. Yn de midden fan de mânske poddestoel stie syn holle as in wyt ferstienne byld. De lytse splinterkes fan de glogen ferskynden yn syn hûd en glinsteren. Syn gesicht feroare yn in mombakkes mei diamantsjes. It izeren skelet fan de glogen kaam him ta de mûle út en fleach nei de wolken mei de barsten. Dêr ferdwûn it yn in gat. De Lytsk fielde him in púnfal dêr't út en troch noch wat glinsterjend lûd foar 't ljocht kaam. De glogen wiene dea, mar libben dêrtroch nammestemear. Yn syn gesicht, mar foaral yn syn holle. Hy rydboske wer en moast hast spuie. Hy koe it noch krekt tsjinhâlde. Syn keel en strôt fielden bitter. As er de mûle iepen die rûkte er de stank fan stront en bedoarne aaien. Hy wist net wat er dwaan moast mei al dy lytse stikjes glês. Hy soe se út syn gesicht wriuwe kinne, mar dan seach elk letter de groeden, en koene se it ferhaal dat derby hearde wol riede. Yn de spegel, fier op de hoarizon, kamen twa neils fan glês op him ta. Hy knipere mei de eagen, en doe feroaren se stadich yn de glibberige eachbollen fan in ko. Glinsterjend ek, en yn allerhande kleuren. Se koene de sjitskiven wurde fan de slachter en syn soannen. Letter soene se der mei keatse kinne of fuotbalje. Se groeiden grutter en grutter. De Lytsk sleat syn eigen eagen en die in pear stappen tebek. Hy woe it net mear sjen. Neat mear. De eagen net en foaral de splinters glês net mear. Yn syn holle, achter syn richte eagen, seach er de muorren en de slachterij, de betonnen readbespatte peallen om it tsjerkhôf hinne. It bloed skeat by de muorren omheech. As fêstspikere bleau er stean. Mei glêssplinters yn syn holle koe er de oaren altiten fuortjeie. Foar readachtich glês wiene de lju bang. Dan flechten se alle kanten op. Bloed rûnen de measten mei in boochje om hinne hoewol't se der faak om fregen. |
|