Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 448]
| |
er noch elke nacht de fûle ljochtskynsels oer de gerdinen sjitten. En dêrnei hearde er steefêst de bolderjende lûden fan de kanonnen du't net fier fan syn hûs stiene. Dy knallen foelen as mokerslaggen fan de smid op syn bêd, yn syn earen foaral. Hy wist dat nei dat fûle ljocht de tongerslach komme soe, mar dochs skrok er elke kear as wie it foar it earst. Hy ferskûle him djip ûnder de tekkens en yn de kessens, mar it joech neat. Hy bleau bang en eangstich. Foar it fûle ljocht, foar it heidensk lawaai. Soms spoeke it de hele nacht - bûtendoar en yn syn holle - sadat De Lytsk op it lêst helendal net mear yn sliep komme koe. Dan sloep er hoeden nei it swarte gerdyn en rôle dat in pear sintimeter omheech. Heel fier oan de loft hearde er it duorjende gûnzjen fan de fleanmasjinemotors. It liken ûnsichtbere bijen of holders sa't dy oerdeis foar har nêsten krioelden. Fier yn de loft flitsten strielen ljocht omheech. Ut en troch skeaten se yn in heale rûnte by de loft lâns. Fan rjochts nei lofts. It wie net mear deun by har hûs, want it gebolder koe er mar krekt hearre. Ljocht en lûden ferdwûnen yn it swarte gat fan de nacht. De stjerren lieten it ôfwitte. Ut en troch waard in gunzjende holder rekke, want dan flikkere it even yn it tsjuster. It like oft der in stjer of in komeet foel. Dat luts syn eagen as in magneet, mar it makke him tagelyk bang. Soms tocht de Lytsk dat der in gat yn de nacht sketten waard, in iepening nei wa wit wersanne, dêr't se meielkoar trochhinne sjitte koene de ûneindichheid yn. Moarns like alles wer gewoan, oft der neat bard wie, omdat alle lûden en ljochten fan de nacht net mear bestiene. Neat wie der oerbleaun fan alle aktiviteiten yn it tsjuster. Op de grûn soene miskien in pear fleanmasjines lizze, hjir en der in stik fan in piloat of fan in iepentearde parasjute. Wat der nachts barde waard oerdeis net oer praten. It hearde by de swarte wrâld. Ek de kranten skreauwen allinne oer saken dy't it deiljocht ferneare koene. De Lytsk siet tangele mei de fraach op hokker stuit de wurklikheid yn in dream feroare, en oft alles wat der nachts barde wol echt wie. It deade ôfwargeskut wiisde omheech nei de nacht, want oerdeis wurke it net. Dan wie it sokssawat as in izeren A-peal fan de heechspanningstriedden. Kâld en net te ferwegen. Dêr't dy peallen oerdeis songen bleau it kanon dea en deadsk. Yn de nacht spuide it | |
[pagina 449]
| |
fjoer omheech. Lykas de A-peallen fûn De Lytsk ek de izeren kanonnen prachtich fan foarm. Op de A-peallen stie in plaatsje mei de tekst ‘libbensgefaarlik’ en dat koe likegoed op de kanonnen spikere wurde. Dy skitterjende foarwurpen wiene eins ferskriklike ferneatigjende ynstruminten. Dêr skreaunen de kranten ek net oer. De Lytsk fûn dat frjemd. It wie in grutte tsjinstelling. Alles wat moai en sierlik like koe as it der op oankaam ferrotte en libbensgefaarlik wêze. Nachts seach De Lytsk de stikkene piloaten, mar nei de lûde knallen ek de eachbollen en de noazen fan de lju troch de loft fleanen. Oerdeis feroaren dy yn de earmen, de skonken en it iene each fan it kanon dat rêstich yn de sinne sliepte. Nachts fleach de dea him foar de eagen lâns en by ljochtskyndei like alles wer skjin en ûnskuldich. Ut en troch feroare sa'n gewoane dei ek yn in helske nacht fol fjoer, geraas en gesjit. Dan spatte it bloed as fonteinwetter omheech. Oerdeis. It barde altiten op freedtemiddei nei't de feekeaplju moarns op de feemerke yn de haadstêd de kij en de bargen ferhannele hiene. Dan seagen se troch it finster fan it skoallelokaal De Drek op syn dronken fyts weromkommen, no en dan ek wol in feewein. Dy lêste soarge foar it gûnzeljen yn it lokaal, want elk wist dat de feewein ien of twa kij, soms ek bargen, ôfleverje soe by de doarpsslachter. Meastens slachte er ien kear yn de fjirtjin dagen sels in ko of in baarch. It slachthok fan de slachter wie swier ferbean terrein, mar guon dy't it slachtsjen sjen woene wisten de stegen en de gloppen wol te finen dy't laten nei it plak fan de eksekúsje. De slachter besocht har altiten fuort te jeien mei syn blinkende slachtersmessen, mar as er ien kear yn it slachthok siet hie er syn hannen mear as fol. Dan koene De Lytsk en syn maten sûnder grut gefaar harkje en sjen nei wat der allegeare barde achter de muorren en de rútsjes fan it slachthok. Faak hie De Lytsk mei himsels ôfpraten om noait wer te gean, mar elke kear lokke dochs wer dat tafriel dat him ôfspile tusken libben en dea, tusken de slachter en de ko, tusken de boal en it slachtoffer. De Lytsk koe net mear sûnder de bargebongels, de kowe-eagen, de jaren as ballonnen en it bloedspatten, dy't tusken de fjouwer muorren hin en wer fleagen. Lykas de smid dy't grouwélich flokte as er in hynder beslaan moast, sa flokte ek de slachter as in beest. Dêrfan genoat De | |
[pagina 450]
| |
Lytsk, dat klonk hast as muzyk yn syn earen. Twa beesten dy't flokten tsjin oare beesten. Prachtich wie dat. De Lytsk hie der noait mei oaren oer praten oft se it gebalt, it geraas en it fjochtsjen op libben en dea yn it slachthok ek ferskriklik fûnen. Miskien wie er ek wol de iennige dy't eins allinne fan it flòkken genoat, want al dy oaren fûnen alles wat der fierder barde prachtich. Sa like it teminste. Se genoaten, en se raasden soms noch lûder as de slachter en syn beesten yn it hok. Dy hearde en seach sels al neat mear, omdat him it bloed troch de eagen en de earen skeat. As de doar fan it slacht- en moardhok ien kear yn it slot foel, lykas de koelsel oan de foarkant fan it hûs, dan hoegden se net mear benaud te wêzen dat de slachter har in mes yn de kop smite soe. Nettsjinsteande dat hâlde De Lytsk de útgong fan de steech goed yn 'e rekken. Sa'n bolle, ko of baarch koe ommers ek samar losbrekke, troch de doar ramme en as in wyld op har ta stowe. Doe't se dy freedtemiddei út skoalle kamen hearden se it gebalt en geraas al fan de beesten dy't feroardiele wiene ta de dea. De measte hûnen yn it doarp folgen dat konsert, want hûnen wisten faak presys wat der barre soe, en wis as it mei bloed te krijen hie. It wie eins krekt as mei it ûnwaar dat op kommende wei wie, ek dan raasden de beesten yn it fjild en op de buorren. No waard der in oar ûnwaar oankundige. De gjalpen klonken ek eangstiger. Mar de froulju yn it doarp soene fêst sizze: ‘moarn farsk fleis’. Yn Snyp hoegde dat net iens op 'e skille. Doe't se yn in grutte kliber op de trijesprong foar de slachterij kamen waarden se dêr al opwachte troch de slachter en syn soannen. Lykas meastens barde besochten dy ek no wer har mei ferwinskingen en bedrigings op in ôfstân te hâlden. Dat slagge foar in skoftke, want se hiene sa njonkelytsen ûntsach en respekt krigen foar de grutte slachtersmessen. Se wisten út ûnderfining dat se der net foar omlizzen gongen en brûk de messen. Der rûnen al guon yn it doarp om mei ien each. Yntusken gong de klok troch, de beesten begûnen mear en mear te balten en te razen. Alle hûnen blaften no mei, want dy rûkten al it ôffal dat op 'e rûchskerne kroade wurde soe. Miskien rûkten se ek wol de dea. In helsk kabaal en geweld daalde op it doarp del. De warskôgjende stimmen fan de slachter en syn soannen ferdronken yn de oerlûden fan de natuer. It wie wer freed en snein soe der farsk fleis wêze. Dêr hearden dizze rituelen by. De ynwenners wenden deroan. It slaan fan de | |
[pagina 451]
| |
klok, it lieden trije kear deis fan de brûnzen bel yn de toer en it konsert fan de beesten op 'e lette freedtemiddei wiene de muzyksoarten dêr't it doarp fan hâlde. Op sneon ferskynde it reade fleis yn de etalaazje fan de slachter. Dat like helendal net mear op in ko of op in baarch. Yn 't wykein sloech read fleis foar master op. De Lytsk wist al jierren dat der kij en bargen deamakke waarden yn it slachthús. Dat wie eins de gewoanste saak fan de wrâld. De grins tusken in mins en in beest lei yn it slachthús fan de slachter. Dêroer waard net praten, dat wie in fanselssprekkende saak. Doe't er dat op in stuit apart begûn te finen prate er der net oer. As elkenien dat spultsje fan libben en dea nijsgjirrich, gewoan en sels opwinend fûn dan soe dat wol normaal wêze. Sokke boarterijkes moasten út soarte net ferpest wurde troch ferfelende fragen, oanmerkings en krityk. Hy wist ek net presys hoe't er it sizze moast. It wie te yngewikkeld. Mar it bleau frjemd dat guon de iene dei in ko noch oer de kop strutsen en har de fingers slikje lieten, en dat se in pear dagen letter fan wille raasden as dyselde ko yn 't slachthús deasketten waard en tsjin de flier soademitere as in baal ierappels. Dea, hartstikke dea. Eins barde itselde wat der mei de katten bard wie doe't se kapot slein waarden tsjin de betonpeallen. Mar dêroer rekke it hele doarp letter wol yn ûnstjoer. Tusken de slachterij en de deadesel lei in iepen stiennen plak dêr't faak de bargen en de biggen rûnen foardat se slachte waarden. Yn ien muorre fan it slachthús siet in mânsk finster mei traaljes. Sûnder glês. Tusken dy traaljes troch koe men sjen wat der yn it slachthok barde. Njonken dy muorre stie in keale beam dy't oait ris troch it wjerljocht rekke wie. Dy beam like op in bonkerak. Dêrfoar hie de slachter in houten sabeare baarch delsetten, op in skelet fan fjouwer izeren poaten. De houten baarch die tsjinst as reklamepeal en wie tagelyk in soarte fan wetterbak. Op de noas fan de hingjende kop siet in koperen kraan. As dy iepene waard spuite it wetter út de baarch. Miskien hiene se de baarch mei de kont wol oansletten op de wetterlieding. Mei dat wetter út de houten baarch himmele de slachter it slachthús en it binnenplak. De bonkerakken beam dêr't de woartels heal boppe de grûn útstutsen en de wetterbaarch soargen derfoar dat it eksekúsjeterrein in folslein aparte wrâld waard. As hearde it net by it doarp. It like wol toaniel of in sinteklazemearke sa't se dat elk jier mei sinteklaas yn de stêd seagen. | |
[pagina 452]
| |
De Lytsk waard der soms bang fan, hoewol't er wol wist dat it net echt in spoekewrâld wie. Sa wie it hjir by it slachthús ek in bytsje. Ek hy wachte lykas al dy oaren op it skot, dat de skieding foarme tusken it bestean fan aldendei en de dream fan de nacht. In nachtmerje miskien. Dy spanning magnetisearre him as wie er in spiker oan in magneet út in fytsdynamo. Foar de oaren jilde dat fêst ek. Se wisten út ûnderfilling wat der barre soe, mar elke kear wie it wer nij en spannend. Meastens begûn it spektakel mei't de slachter in searje flokken de loft yn stjoerde. Underskate kearen en hyltiten lûder. It hie der wol fan oft er bang wie. Syn stim trille ek. Bang foar de beesten, miskien foar himsels, mar fêst ek foar de dea. Miskien wie er wol like bang as de kij dy't mâlgûlden, jankten en balten. It soe bêst kinne, mar dêr siet it doarp fansels net op te wachtsjen. Snyp woe op snein farsk read fleis. De slachter wenne dêr om elke fjirtjin dagen it deafonnis út te fleren. In weake healsachte slachter hie it doarp neat oan. In goeie slachter rûn yn in mei bloed bespatte kile, mei reade hannen en mei in wrede bek. De slachter moast libben yn dea feroarje, ek al begûn er dêrtroch mei in skonk te slepen en mei de mûle te lûken. Dat die er nei al dy jierren. Dat hearde der sa't skynt by. Mar dat ynteressearre it doarp gjin moer. De slachter begûn ek wylder om him hinne te sjen. Nei in lytse fiif hûndert deade kij en bargen soe er der fêst ek fan dreame. Dat koe net oars. Nettsjinsteande al dy moarden gniisde De Lytsk yn himsels. Miskien dreamde de slachter wol dat al dy deade beesten achter him oan sieten, dat er midden yn de nacht wekker waard, syn buks pakte en as in gek op 'e spegel begûn te sjitten. Sokssawat moast it wol wêze, want oars soe er dochs net sa ôfgryslik flokke. Miskien hie de man gjin libben mear nei al dy kowe- en bargekoppen dy't er tsjin de flakte sketten hie. De Lytsk skrok wekker fan in skot. Dêrnei wie it in pear tellen folslein stil. Mar doe begûn ynienen it gebalt en geraas. Op it stiennen binnenplak reesden de bargen as gekken hin en wer. Se gnoarren en stinden, de stront rûn har ta de kont út. De kij balten en de hûnen op it doarp begûnen ek wer te blaffen. Mar boppe alles út davere de stim fan de slachter. It like wol oft er himsels yn 't liif sketten hie. De klompen fan De Lytsk sûgden har fêst yn it wiete gers. Hy koe gjin stap mear fersette. As feroare er yn De Jouk dy't oait mei spikers ûnder | |
[pagina 453]
| |
de klompen oan it toulûken west hie. Fêstneile yn de klaai. Hy hearde in dompich bûkjen tsjin de muorren fan it slachthok. It geboutsje trille op syn fûnaminten. It like wol oft de hel útbrutsen wie. Stikken glês rinkelen op it beton, en doe hearde De Lytsk foar de twadde kear in skot. Ien fan de âldste jonges siet op de wetterbaarch, sadat er ferslach útbringe koe fan it teater yn it gebou. Hy koe alles sjen troch de traaljefinsters. As in fuotbalferslachjouwer foar de radio, lykas De Hanhol melde er de doelpunten, de blessueres en it bûtenspul. De Lytsk hearde yn gedachten it geraas op de tribunes. Om him hinne raasden se ek al as gekken. Read bloed jage it bloed yn de ieren op nei grutte snelheden. Neffens de ferslachjouwer reesde de oansketten ko as in wylde bolle troch it slachthús, en as er de bocht net nimme koe ramde er tsjin de muorre dy't him dan wer yn it goeie spoar sette. De slachter stie mei de revolver yn de fûst yn in hoeke en besocht by de doar te kommen. Dy waard altiten ôfsletten mei eksekúsjes. Ut en troch rjochte de slachter op de ko, mar dy sprong as in dronken keal troch de pyste. De slachter koe him op dy wize net mear op it krekte doelwyt reitsje, dat wol sizze flak foar de harsens. De slachter waard oanienwei oanfallen troch de ferwûne ko, sadat de man deabenaud nei in oare hoeke skeat. Hy draafde foar syn libben. It swit stie him yn kobben op 'e kop dy't helendal read útskynde. De ko balte, raasde en brinzge. It bloed rûn har oer de kop en ferdwûn yn har eagen. De ko moast wol heal blyn wêze sa njonkelytsen. Miskien wie dat wol it gelok foar de slachter. Dy begûn yntusken ek te âljen, en foaral te roppen om help. Hy wie der glêd mei oan. Ut en troch skeat er nochris, mar it wie fêst allegearre mis, want de ko gong troch mei stampen en beuken troch it slachthûs. Doe klonk der wer in skot, en even letter hearde De Lytsk in doffe droan. It gebalt hâlde op. De slachter sprinte nei de doar, skeat nei bûten, en sloech de doar mei in fûle slach achter him ficht. De ko lei te spinfuotsjen op de betonnen flier dy't read kleure. De striid wie striden. De slachter hie op it lêst it gefjocht dochs wûn. It read fleis foar Snyp wie rêden. Op it binnenplak naam de slachter tusken de bargen in pear buorrels en doe gong er mei syn soannen it slachthok wer yn. Hy skeat noch twa | |
[pagina 454]
| |
kear, en neffens de ferslachjouwer bleau de ko nei in setsje dea en stil lizzen. It priissjitten wie foarby. In tal jonges gong no sâlt-te-keap foar de traaljefinsters stean. Se woene sjen hoe't de ko útklaaid waard. Syn swartwite jurk soe him oer de kop lutsen wurde. De skonken fan De Lytsk wegeren. Hy wist it al, hy hie al genôch heard en sjoen. Moarn moast er in stik fleis helje foar syn mem. Hy luts de klompen út de klaai en rûn de steech troch de buorren op. Doe't er thúskaam woe er it fertelle, mar de krekte wurden kamen him net yn de mûle. Hy woe eins sizze dat er meilijen hie mei beide, mei de ko en mei de slachter. Mar dat soene se fêst frjemd fine as er it sa sei. Mar oare wurden koe er op dat stuit net betinke. Hy moast ek tinke oan it each fan de soan fan de slachter dat ommers al ris oer de buorren rôle hie, en miskien ek wol yn it slachthús. Dêr soene se miskien no de eagen fan de ko as keatsbaltsjes brûke. Keatse mei in kowe-each, dat koene se dêre heel goed. It wiene kowe-eagen dy't nei De Lytsk seagen doe't er wer foar de spegel kaam. Eins koe er neat fertelle, omdat dan syn eigen eagen ek oan de oarder komme soene. Stil wêze, dat soe fêst it bêste wêze yn dizze omstannichheden. Alles hie sa njonkelytsen mei de glogen te krijen. sels in deade ko mei bloedtrochspielde eagen. Kij hiene noait glogen nedich. Dat wie eins wol handich. Allinne, kij waarden fermoarde, en minsken minder faak. Se waarden ek opfretten. De Lytsk lake. Doe skrok er, want yn de spegel like it no helendal idioat. |
|