Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 100]
[p. 100]

XVI

Trude wie fan 'e pleats helle. Dit wie in died, dy't troch hiel it lân klonk. In died om nea wer te ferjitten. - Trude - de goudfos fan Ate Kuperus!

Mar Eke...

De fraach, hoe't it no mei Eke komme soe, woech swier op it hûs fan Ate Kuperus. De boer en de frou begriepen it: dit wie foar harren Eke swierder slach as foar de buorkerij.

Nei Hartman no Trude...

In tel fleach it Kuperus troch it brein: de Dútsker wie mei jild, bûter, spek en drank wol te brûken. Hy wist it fan tichteby. En oars; it waard planút sein. Mar doe biet er op 'e kiezzen en smiet it fier fan him ôf. Hy wie en bleau: Ate Kuperus.

Mar syn dochter, syn Eke...

Eke? Hja hie de oermacht fan 'e besetter field, doe 't de feeauto it efterhûshiem opriden kaam. It wie as waard hja warskôge. Hastich gie hja nei de skuorre en dêr fernaam hja it wol: Trude waard foardere. In tel fielde hja de grûn dêr't hja op stie net mear. In hân taaste nei it reedsbynt...

Ynwyt socht hja wer stal en hâlding.

Hja seach de C.C.D.-man mei glêde kûtkappen om 'e skonken en gâns poerum mei wite en reade papieren en de polysje fan waans troanje men by wize fan sizzen it tsjinsin yn dit aventoer wol ôfdrippen sjen koe.

Har eagen stiene grut en har striid wie ek grut, mar it moaie leave kintsje trille, hja hie it net mear yn har macht.

Noch ynwyt hie hja har omdraaid en wie nei har keammerke op 'e opkeamer gien en foar de twadde kear op knibbels foar it iepene finster delfallen, mei de earms op 'e sille...

Lang hie hja der lein, Eke, skriemende oer it ferlies fan har feint en har leave Trude...

 

Yn in ratteljende âld auto wie Trude yn 'e hjerstmoanne fan sânentritich as in prûs en útsocht interke by Ate Kuperus brocht. Mar de motor waard noch fan benzine dreaun.

[pagina 101]
[p. 101]

De âld kast dy't har no ophelle wie al sa yn ferfal, dat der gjin goeds mear fan te sizzen wie. It benzinebrûkme behearde ek al ta it ferline en dreaun fan in turfgenerator gie de reis nei Ljouwert ta oan.

As interke wie hja suver feestiik op 'e pleats ûntfongen. Dizze maitiid soe hja acht jier wurde en waard hja op heech befel opfoardere.

De reis gie oan en nei folle mankeminten en wetter bypjutskjen kamen hja te Ljouwert. By de ‘lange stâlen’ moast de fos ôflevere wurde. Twa taksateurs stiene al ree doe't de auto d'r oan suchtsjen kaam.

Krekt foar de doarren wie it: ho! Mar se wiene der ek.

De sjauffeur raamde mei in nytlige hoart it kabinedoarke iepen en dûkte út syn kast. ‘Krekt teplak. Men soe 't langer ek ferpoffe’ en mei in ferwoedene troanje stoep er om it merakel hinne, dêr't er dei út dei yn mei siet te hâlden en te kearen.

‘Kom, kom, ik haw 't wol minder meimakke,’ sei de C.C.D.-er en doe tsjin de taksateurs: ‘Ik tocht fan 'e moarn: dit kin der hjoed wolris om spanne, mar sa mak as in laam, man,’ en tige oer it risseltaat tefreden soed 'r trochgean, mar ien fan de beide taksateurs frege kâldwei: ‘Hiene jimm' ek in polysje mei?’

Mei in lytsachtsjen sei de C.C.D-er: ‘O... dy...’ en doe tsjin 'e sjauffeur dy't yn 'e auto gie om Trude der út te heljen: ‘Wêr is dy bedarre?’ ‘Dy is dochs mei de boer yn 'e hûs gien?’ klonk der dôf út 'e autobak wei.

‘No ja,’ de C.C.D.-er klienearjend, ‘dy hat ek net iènkear in bek opdien.’

‘Dat hoegde ek net,’ sei de âldste taksateur koartôf en mei begearige eagen naam er de fos op, dy't stapke foar stapke by de belape barte del kaam.

‘Lit 'm mar effen stappe, jonge,’ doe't de guds op 'e grûn stie. As ferstie Trude dit. De kop heechop, in bytsje skean nei dit diel fan 'e stêd, dat der no sa keal en útstoarn hinne lei, stoep hja yn loftige swier oer it effen pún by de lange stâlen lâns. De sjauffeur hie der wurk fan om har stap by te hâlden. Ien fan de taksateurs stoep in eintsje mei en seach mei wolgefallen nei gong en hynder.

‘Ho mar,’ rôp er. ‘Moaiernôch sa, swaai 'm mar werom.’

Yn in feech wie Trude yn 't rûn. Hja prûste. Moed en noft spriek út har eagen.

De taksateur weau, kalmoan, mei ien hân.

‘Foarsichtich!... Efkes drave.’

[pagina 102]
[p. 102]

Trude hoegde net oantreastge te wurden. Gjin Eke, gjin boer en boerinne om har te leavjen. Gjin pleats en de eigene lûden.

En dochs: It sturtsje swaaide lichtwei troch de loft, de fine earkes spitsten har skerp nei foaren; de glêsheldere eagen stoarren oer strjitten en gebouwen en de sterke foarpoaten taasten fier foarút dat de hoefslach der fan op dizze stille moarn hoarich by de lange stâlen opklonk.

De taksateurs knikten foldien. ‘Prachtich hear. Set 'm mar gau yn 'e stâl.’

In driuwer naam it heltertou oer en late Trude yn 'e lange stâlen dêr't hja fan guon lotgenoaten mei in licht wrinzgjen ûntfongen waard.

De taksateurs stoepen nei de kowemerk op en de C.C.D.-er probearre mei de sjauffeur de turfgenerator wer yn aksje te krijen.

 

De jûne om healwei sânen kaam de frachttrein einlings yn beweech. Piipjend, gûlend en krassendewei naam er de bocht it suden yn. Swarte smookloften mei hel reade fonken der yn, stompten yn 'e kâlde jûnloft op en de goare swarte lokomotyf pûste en stinde as soed'r nea op gong reitsje kinne. Hjir wie ek al wer brekme oan 'e fereaske branje. Mar d'r kaam gong yn, al wie dy net oerdiedich. Foar de safolleste kear al ried der in frachttrein ôfladen mei jirpels, bûter, tsiis, fleis, spek en diskear rom tritich bêste hynders foargoed de ferkearde kant út.

Trude wie mei oare gudzen ynladen. Unwennich, skou, eangstich ûnder it hoarten en stompen oer 'e wiksels, eage hja mei skrille eagen yn it tsjuster fan 'e wagon op. Earme Trude, bewend oan leafde, oanhinklikens en in sêfte fammehân; no faaks oerlevere oan hab- en selssucht, in rouwe behanneling mei as ein... it fildersmes.

 

Eke stie, noch ferslein, oan 'e skuorside.

Hoe graach hie hja sjen wollen dat de loft helder en klear wie mei in skittering fan miljoenen stjerren om har dêr, nei jinsene ûneinichheid, mei al har leed te bejaan. Mar de iere maitiidsloft wie kâld en goar. In huvering ware om de smoutens fan it eigen hûs. Hja rydboske. Har kiel slokte, it kin trille. Kâld skeukte hja har smelle skouders omheech en hja wist, dat it net goed wie dêr sa te stean. Hja, dy't fuorderstiid trou it boksebaitsje oan hie en treast en ferdivedaasje socht by it eigen fee op eigen bedriuw. Mar hja kòe net oars.

[pagina 103]
[p. 103]

Trude... myn Trude!

Stadich stoep hja nei de hoeke fan de skuorre.

Hark!

Op 'e amme fan 'e sûdeastewyn dreau it lûd fan in nachttrein troch de donkere stilte fan fierrens op har ta.

Hoe faken hie hja hjir no al in nachttrein op in stille jûn beharke. En altyd wer hie it har benearje moatten. Oarloch; honger en brekme yn it eigen lân en de besetter helle wat er mar krije koe. Jirpels, bûter, tsiis, fleis, spek, kij en hynders...

Hja skrille op. Har eagen spjalten iepen. In eangstme spriek út hiel har wêzen. Trude!

As Trude, har Trude yn dy trein... slachte foar de Dútskers... Skerp hearde hja ta hoe tergjend wis it lûd nei it suden op wei waard.

‘O God!...’ snikskokjend sloech hja har hjitte foarholle tsjin de iiskâlde klinkerts fan 'e skuorremuorre oan en bea, lûd en eangstich, foar har eale happe wylst hjitte triennen yn har eagen baarnden.

En de nachttrein rammele al mar fierder it suden yn. En heech oer 'e Fryske geaën fleagen de Ingelske nachtjagers yn sterke formaasjes mei dea en ferdjer oan board nei it al wrakker wurdene Dútsklan ta, dêr't de gûlende sirenes in hel en noch minder as in hel ynlaten.

Mar ear't de dage oan 'e loft wie, kroep der in goare swarte sallemander yn wringjende bochten oer 'e wiksels te Swol en wie de foarste ‘etappe’ fan in wat nuodlike reis sûnder it minste ûnk foar de nachttrein, ôflein.

De oare jûns stie der te Swol wer in nachttrein ree. De lokomotyf pûste en spijde. Stasjonamtner en wurkfolk rûn swijsum hinne en wer. Trije man fan 'e griene polysje stoepen yn militêre pas oanienwei it lange perron op en del. Ferwoedene troanjeminten ûnder 'e bekende stielen helms. It wurkfolk ferbiet ferwinskingen. Nimmen doarst it lûdop dwaan. Hoefolle fan har maten wiene al net ophelle? Guodden hiene de kûgel krige. En hja sels? De âlderdom die it dat se hjir noch tahâlde koene. Fijânskip. Hjirre ek foargoed!

In blauwekile-man rûn mei in grutte oaljesnip by de trein lâns. In Dútsker stoep him parmantich efternei. By de foarste wagon bleau er stean. Heldhaftich. De oaljeman peutere mei syn grutte snip oan 'e assen ûnder 'e wagon. Mei in swaai skreau de Dútske militêr op 'e side fan 'e wagon: Bentheim - Oldenzaal.

De oaljeman kaam oerein en seach dernei. Spot twinkele yn syn

[pagina 104]
[p. 104]

eagen en fertroulik tikke er de Dútsker op it skouder dy't daalks yn 'e hâlding sprong.

Noch wat spotglimkjend wiisde de blauwekile op 'e beide nammen en skodholle. De Dútsker stie op blaffen, syn eagen pûlen út. Mar de oaljeman naam kalm in poetslape en fage de nammen út. Mei in stikje kryt skreau er op 'e nij del: Oldenzaal - Bentheim.

‘Nein!’ raasde de Dútsker en as hong it heil fan hiel Dútsklan d'r fan ôf, sa ferwoeden roste er de nammen wer fan 'e wagon en skreau der nochris op: Bentheim - Oldenzaal.

‘Domme poepeharsens!’ Koart skokte de blauwekile it d'r út en gie wrantelich fierder.

Healwei sânen ried dizze nachttrein fan Swol ôf it easten yn.

Trude stie mei acht lotgenoaten yn 'e fyfte wagon.

Hja switte en wie dweiltrochwiet fan klearebare eangstme. It strie wie smoarch. De boom wie glêd en wiet. Hja skoarre, hâlde en kearde ûnder 't riden. En switte! Gjin moed iens om te wrinzgjen. Nacht, tsjuster, hompend en stompend oer 'e railoansettings. Healwei sânen fan Swol. Tolf oere te Oldenseal. Op it útstoarne perron gjin minske te sjen. In pear spoekeftich oerkape ljochten. Doe't de nachttrein nei in lange ferfelende rit foar 't earst stoppe, wrinzge der in guds yn 'e fyfte wagon.

Trude. Har heldere eagen boarren yn it deadzjend tsjuster fan 'e wagon. Har earen spitsten har om elts lûd op te heinen. De noasters stiene wiid, de flanken krompen yn. Neat...

Yn djip swijen giene de beide masinisten fan 'e lokomotyf en twa Dútske masinisten namen har wurk oer.

Op it alderûnferwachtst gûlde in sirene oer 'e stêd.

Loftalarm. Ien stik tsjustere nacht oer 'e stêd, it wie oft hiel de natoer de siken ynhâlde. In koart momint. Doe kaam it swier-monotoan gebrom fan 'e Ingelske nachtjagers mei faasje tichterby. In ljochtkûgel sette alles fier yn it rûn yn in helder ljocht. De twa Dútske masinisten flechten fan har masine en sochten ferskûl. Mar de ljochtkûgel dreau stadichoan ôf en de nachtjagers bromden heech oer 'e stêd en omkriten hinne as wie der neat gjin doel.

Nei in koarte amerij pûste en stinde de lokomotyf wer op 'e nij en besocht mei hoarten en stjitten it spul efter him oan it rôljen te krijen. Mei skokjen en stompen gie it wer fierder de tsjusternisse yn, op 'e Dútske grins en Bentheim ta. Yn it easten wie de loft read fan brân en

[pagina 105]
[p. 105]

ljochtkûgels. Swiere bommen waarden lokraak nei ûnderen keild. Loftdoelkanûnen droanen swier, mitrailleurs blaften. Skrik, eangstme en miene ferbjustering dêrjinsen. Wer ien fan 'e freeslikste nachten dy't minsken belibje kinne.

De nachtjagers swonken wer ôf it westen yn. De nachttrein kreunde en stinde it easten yn. Mar eardat de trein oan 'e Dútske grins ta wie, gûlden de sirenes al wer oer stêd en omkriten, mar it stompen en suchtsjen fan 'e lokomotyf oerstimde it loftalarm, dat fan fierrens kaam.

En doe. Ynienen ried de nachttrein yn in see fan ljocht en wie der in swiere slach en fûl geknetter. De lokomotyf lei dwers oer 'e spoarbaan, de foarste wagon tearde oerside, de twadde skode der by op. De fjirde stie amper rjocht omheech tsjin de tredde op en de fyfte rôle finaal by de spoarbaan del. Slaan, skoppen, eangstskreau en deadsgjalpen. Kreakjen en brekken fan houtwurk. Brân. En stadich dreau de ljochtkûgel ôf, mar it lawaai, dat freeslik wie, oerstimde alles. Wrinzgjen, slaan, biten en skoppen. Mar gjin minske wie d'r ta help en heil en gjin minske seach, dat in prachtige goudfos mei wylde sprongen oer stekken en staketsels, amper de grûn roerjend, oer iezen en dellings, knoffeljend yn greppels en geulen, stroffeljend oer en him wûnjend yn stikeltrie en oar ûnrant, yn deadseangstme flechtsjend socht om eigen honk en eigen krite.

 

In gitswart, tsjusterder as dizze neare nacht, riisde foar de eangstige Trude omheech. Hja skoarre. Heech snúfden de wide triljende noasters yn 'e lije nachtloft op. Hja roek in ûnbekende geur fan hars en iik, fan bjirk en spjir en dinnestammen. By yntuysje fielde hja de oanwêzigens fan in taastbre kear. Skerp boarren de heldere eagen yn it nachtlik tsjuster. De flanken trillen wyld, de siken skokten en de fine earkes ferweegden hoeden, op elts ûnrie fertocht.

Doe... Hark!... Earne klage in ûltsje en it eigene lûd dreau op leaflike neitrilderkes troch de stille nachtloft yn Trude' skerpsteande earen.

Trude prûste. In swiere sucht fan ferromming gie har troch hiel har lea. Dy klank, dat kleiend lûd. As fan de eigene skuorre, fan 't needlot skaat, kaam dizze toan as in groete yn 'e nacht, om rêst en betrouwen te bringen.

[pagina 106]
[p. 106]

Trude wrinzge. Hja skrille. Har wrinzgjen wjerklonk yn in frjemde beslettenheid.

Hja prûste en stampfuotte mei de foarste poaten. En wer dy ûnbekende geur fan bosk en beamt. Foarsichtich begûn hja mei de kop heech en fansiden út te taasten. Der aaide en kitele eat fyns oer 'e snút. Har lippen blibken taastend. In bjirken twiich mei katsjes. Roppich pluze Trude oan 't twiichje fan 'e sulveren bjirk, dy't der ûnberuorre yn 'e nachtlike stiltme as in keine frelle oan 'e râne fan 'e bosk stie. Trude helle it twiichje haffeljend neier en stadichoan kaam der in woldiedige rûst oer hiel har wêzen. Hjir, dêr't de lûden fan de nacht mank de ûnbesmette frede fan bosk en hiel de natoer it skrinen fan wûnen en eangstme fersalven, drigen gjin skrik en ûnheil mear op Trude oan. Rêstich pluze hja oan 'e bjirken twigen oant it foarste ljochtsjen fan in nije dei in frjemde wrâld foar har noch sykjende eagen iepentearde.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken