Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 116]
[p. 116]

XIX

De foarste fan blommemoanne.

Gerrit Jan Eggink stie mei Trude ree foar 'e karre. In grutte, lompe, Twintske boerekarre op hege tsjillen.

Efter de bosk soe hjoed noch in stik ynsiedde wurde mei foerbiten, en op 'e ies hie de boer in stik rogge stean dêr't er ek by sjen woe. Justerjûn blonk it sa kostlik yn 't lêste sinneljocht. It waar wie goed. De maaiesinne beskynde it efterhûshiem dêr't de wite leghorns tige op yn 'e skrep wiene, wylst Bokke grutsk op 'e râne fan 'e drinkwetter-saad it krop foarút sette en syn fiktoarje oer it wide hoarnleger klinke liet.

Hoewol Gerrit Jan Eggink Trude noch nea yn 'e stokken hân hie, soe er it doch mar ris probearje foar 'e grutte karre. It joech gjin beswier. Mei it túch op 'e lea wachte Trude bedaard ôf, wat der barre soe. De boer sette de stokken wat omheech en helle de leie oan. Hja stoep in pear stappen tebek. Gerrit Jan Eggink moedige yn syn Twintsk dialekt oan. Syn eigen taaltsje tsjin 'e eigen guds.

De frou kaam efterhûs. Trude wrinzge. It gie har oan. Hja lei de guds in hân om 'e hals en kloppe mei de oare ûnder 'e moannen. ‘Earm bist,’ en hja tocht oan dy moarn, doe't har man de fos by de râne fan 'e bosk foar 't earst seach.

En hòe.

‘Wêr bisto wei kommen,’ frege hja stadich en streake Trude leavjend oer 'e kop.

In waarme gloede fan it blaubrún yn Trude' heldere eagen striele har temjitte.

‘Myn popke,’ koese hja oan 'e freonlike kop en seach doe nei har man, dy't op nije wite klompen, stúsjekoarden broek en blaukile oan, de reis oer 'e ies mei Trude ûndernimme soe.

 

In motorfyts mei in duorider der efterop swaaide tusken de wite peallen foar it hiem troch en hâlde fuortby de karre yn. Gerrit Jan Eggink seach it daalks: in C.C.D.-er en de opsichter. Hy beloek. Mar daalks begûnen syn harsens, traach, te wurkjen om dit te winnen, want hy fielde dat er op glêd iis stie.

[pagina 117]
[p. 117]

‘Goemoarn.’

It fielde Gerrit Jan Eggink fuort al sa oan, dat der wat yn dy moarn-groete skûle. Syn wjergroete wie der dan ek neffens en de frou hâlde de lippen stiif op inoar. Mar har eagen...? Hja stiek har beide hannen ûnder 'e grutte skelk, en al woe hja it op dit stuit sa net meitsje, mar hja - ek op wite klompen, foarme mei har hynder, karre en boer, mei de âldsaksyske buorkerij as eftergrûn in alderbyldrichst tafrieltsje dêr op it boerehiem yn dy Twintske lânsdouwe.

Oft de beide mannen fan de kontrôle it sa ek seagen?

‘Soe de boer der krekt op út?’ wie de fraach fan 'e C.C.D.-er. ‘Nei de rogge efter oer 'e ies,’ wie it wjerwurd.

‘Hm...’

De beide mannen stoepen om 'e karre hinne.

‘Miskien gjin beswier om it feeboekje en de kaarten fan de hynders en de oanhâldfergunning fan 'e foksûch effen op te heljen?’

It wie in fraach, mar de manear wêròp wie foar Eggink dúdlikernôch. ‘Al wer?’ koartoan.

‘Ja.’

Dit klonk net bemoedigjend dat Gerrit Jan Eggink wiisde de frou op guds en karre en gie sels yn 'e hûs.

‘Gnap foske! Wêr komt it wei?’ woe de C.C.D.-er witte doe't de boer om 'e papieren fuortwie.

‘Moat jo myn man mar freegje!’ Yn har eigen Twintsk dialekt klonk it sa fermaaklik, dat de opsichter him omdraaie moast.

De C.C.D.-er frege net mear en de frou stie mei de lippen stiif op inoar foar de guds, mar har donkerbrune eagen lieten dy beide mannen gjin amerij los.

Einlings kaam Gerrit Jan Eggink, traach en stroef fan troanje, mei de fereaske papieren yn 'e hân wer by it reau en de minsken efterhûs. De kontroleur stoep him oardel stap temjitte en naam it spul oan. Hy joech it feeboekje oan 'e opsichter, dy't der net folle wurk fan makke. De oanhâldfergunning foar in foksûch seach er sels effen yn.

‘Dat is wol ynoarder,’ sei er, en joech dy de opsichter ek oer.

‘Twa hynders?’

Gerrit Jan Eggink knikte.

‘In fos en in brune, beide belzen?’

Gerrit Jan knikte wer.

‘Wêr is de brune?’

[pagina 118]
[p. 118]

‘Yn 'e byskuorre.’

‘Hm... En dizze is de fos?’ mei it each op Trude, dy't dêr glânzich en prûs foar de heechoppe karre stie as soe hja sa op 't portret.

‘Dat kin jo sjen.’

‘Mar gjin bels.’

‘Nee.’

De kontroleur naam Gerrit Jan Eggink fan kop ta tean op; doe sei er: ‘Sis my no mar earlik, wêr't dy bels is.’

Mar doe die de frou op it alderûnferwachtst in útfal. Skerp flime hja: ‘Dat wìt Gerrit Jan net! As jimme it net witte, wy witte it alhielendal net, hear!’ en har donkere brune eagen flimen Gerrit Jan Eggink in tel oan.

‘Witte jimme net, wêr't de bels-fos is? En dizze dan, wêr komt dizze dan wei? Hingje no de ûnnoazele mar net út, want dan nim ik 'm sa yn beslach.’

As in njirre sette de lytse frou op.

‘Dat meisto net dwaan en dat kinsto net dwaan,’ fjurre hja skerp, en holp doe har man - dy't de skerpste net wie - rêd op gleed mei: ‘Wy doarsten der net mei op 'e proppen komme, no Gerrit Jan, mar ús fos is stellen en dizze stie yn 'e byskuorre d'r foar yn 't plak.’

De kontroleur kloppe har freonlik op it skouder en sei mei in glimke om 'e mûle: ‘Froutsje jo lige. Jimme âld bels wie fyftjin jier en dit is in poerbêste jonge merje. Wa soe soks úthelje,’ lake er lûd.

‘Ja, mar dan moatst hjir ris sjen,’ kaam Gerrit Jan Eggink los. ‘Ien stik groeden,’ en hy wiisde op it boarst, de poaten en it lichem.

‘Sa stie er yn 'e byskuorre. Sa meager as in latte en ien stik bloed. Skrammen rûnom en in grutte fladze by it boarst del.’

De kontroleur en 'e opsichter beseagen de groeden en seagen inoar freegjend oan. Doe frege de kontroleur kâldwei: ‘Hoe lang is dat lyn?’

Doe die Gerrit Jan Eggink in goocheme set: ‘Krekt wit ik it net mear,’ sei er, ‘mar it wie dy wyks fòardat dy trein dêr by de grins bombardearre is... Witst noch?’ frege er it wiif, ‘dat de post ús dat fernijde, doe't we mei de fos oan 't masterjen wiene?’

Skerp befêstige hja: ‘Ja, doe wie 't, freegje de postrinder d'r mar nei.’ ‘Hm...’

Beide mannen stoepen om 'e karre en it hynder hinne.

‘Dus jo fos is út 'e stâl helle en dizze dêr foar yn 't plak brocht?’

[pagina 119]
[p. 119]

‘Sa is it, hearen.’

‘Hm... Wêrom ha jo dat net by de burohâlder oanjûn?’

‘Ja, sjoch ris hearen, ien fan myn hynders wie my al ûnthelle en as ik dit no by de burohâlder oanjou, steane jimme d'r dan foar yn, dat 'k dizze hâlde mei? En wat sil 'k mei ièn guds. It wurk stiet foar 'e doar. Wy hawwe it beest sa goed behannele as it mar koe; wêr kriget men yn dizze tiden wer in hynder wei?’

‘Mar as men se sa kriget lykas jo dizze.’ De kontroleur seach brimstich.

‘Mar ús eigen dan?’ bitste de frou fel.

‘Jo hawwe gelyk frou: stik om stik,’ lake de opsichter en kloppe de boerinne op it skouder.

Doe lake er lûd: ‘Dit is in moaie bak. Ha... ha! Sa haw ik it noch nea belibbe.’ Doe tsjin syn maat: ‘Do?’

‘Wy sille hjir goed notysje fan nimme, Eggink,’ utere de kontroleur him earnstich en skreau ûnderwilens drok yn syn boekje.

Gerrit Jan Eggink seach spoeken, mar hy ferwarde him noch mei: ‘As jimme d'r mar om tinke wolle, dat wy hjir twa hynders op it bedriuw hâlde.’ Mar de frou - it lyts wyfke koe him wol twaris yn 't rûn - foel skerp út: ‘Dat hat men d'r fan as men in hynder, dat in oar foar strûpen ree makke hat, sa goed oppast en der tiid en kosten oan spansearret dat it wer alhiel opknapt rekket. It is prachtich!’ en kritend lilk der efteroan: ‘En dan jin eigen guds der ek noch by kwyt reitsje.’

De beide mannen fan de kontrôletsjinst stiene earst in toarntsje it spul dêr foar harren oan te sjen.

Doe foel de kontroleur skerp út: ‘Dit liket ferhipte mâl! Sa'n earste klasse guds.’

‘Wat miene jo dan: dat wy hjir steane te ligen!’ biet de boerinne him ferwitend ta.

De kontroleur sei neat, mar smiet wrantelich in foet oer syn âld motorfyts en begûn te akseljen om de motor op gong te krijen. Syn maat seach de boer en boerinne oan en loek oan de skouders. De âld Harley makke sa'n leven dat se inoarren dochs net mear ferstean koene. Doe't er op 'e duo siet en it spul gong krige, stiek er in hân omheech ta groete.

Gerrit Jan Eggink en de frou seagen inoaren oan...

‘Lit se mar besykje om it út te finen,’ knikte de frou neat net ferslein.

Gerrit Jan Eggink ried swijsum de ies op. Hy wie wierliken net sa

[pagina 120]
[p. 120]

hiel rêstich temoede. Mar de krigele Trude joech him nei dit opûnthâld foarst wat ta omtinken: hja moast noch bewenne oan it traach tempo fan 'e lânsdouwen dêr't hja yn oanlanne wie.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken