Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

5.

It is yn 't lêst fan april. Dan stiet Geeske mei de túnklauwer op 'e hurde kluten te huffen. In wike as wat lyn hat se in streekje grûn oan 'e hússide omdold, mar de kluten binne as stiennen wurden. De grûn is hurd en wreed en de kluten litte har net troch de klauwer fermurvje. Se mist de sângrûn, dy't mar mei him omfodzje lit. Se struit wat sied fan túnkaantsjes, anjelieren en duzendskoanen, dat ferwaait tusken de ljochtgrize kluten en seit ‘It moat him mar rêde.’ Sied dat se sels wûn hat yn it túntsje yn 'e Foksegatten.

In skoftsje stiet se yn 'e fierte te sjen en lit har tinzen gean. Oars klaude se om distiid de paden alwer op en luts mei de tinen kiemstreken yn it sân. Dan rearde se yn 'e blombêden om, wjoerde de smelle ekerkes mei sealje, lytse faleriaan en teewoartel. Mar hjir. It hiem is bewoeksen mei lange fitergerzen. Gjin begjinnensein oan. Ut 'e terpwâl stekke geile hûnestanken. It tún is read fan 'e stien en grien fan kjitten. De beamwâlen fan 'e Wâlden mei de kantsjeroas, de papsûger, it kleefkrûd yn 'e toarnehage by de wei lâns. De ljochtskadige bjirk yn 'e blikke. Se mist it hjir. Weemoedich om it ferlerne dreamt se fuort en sjocht de kleur fan bloeiend hout, nageltsje en wichterbeam. Ik bin tefolle in Wâldsjer wurden, tinkt se. Noch begrypt se har frjemde idealisme net dat har destiids nei dizze oarde ta dreaun hat. Soms hat se slim langst om werom nei de Wâlden; se mei har hjir net sjen. Alle kearen as dy langst by har boppe komt, bestraft se harsels. Se wol it ek foar Former net heal wêze. Dy hat syn slinger hjir wol. Dy klaget net. Se bûtst mei de klauwer op 'e kluten,

[pagina 32]
[p. 32]

dy't mar gjin belies jaan wolle. Dy kluten meitsje har lulk. Se hellet de hammer út it hok en slacht dêr de grauste stikken mei oan moatsjes, mar kluten bliuwe it. As wol se har ûnwennigens op 'e kluten wreke, sa fel timmert se der op om. De hurde, wrede ierde dêr't se hjir op telâne kommen is, wol har net te wille wêze, mar ferset him as wol er har straffe. De hannen dogge har sear fan it slaan. Der spatte har triennen yn 'e eagen. Se ferbyt har grime, har teloarstelling. Se skriemt waarme triennen yn in kâlde grûn.

It doarp is frjemd foar har wurden. Se ken frijwol nimmen. De measte bekenden fûn se okkerdeis, doe't se in slach om it tsjerkhôf rûn. Pibe en Lyske, Hille en Ane, de Sinia's, de Fokkema's, Rikkert Weidenaar, Hiltsje Teitsma, it binne nammen wêrby't har wer de gesichten foarkomme fan âlde bekenden. ‘Wêrom ha ik mysels mei dit ferline opskipe?’ hat se harsels doe ôffrege. ‘Wat hat my dreaun ta dizze selskwelling? Wol ik my hjir rjochtfeardigje? Foar wat? Bewize dat ik my foar myn ferline net skamje? Wat ha ik mysels misdien? Sykje ik in twade jeugd?’ It binne fragen dy't har dwaande hâlde.

Se siket de grouste kluten út it túntsje en nukt dy by de terp del. Der snuorret ynienen in straffe wyn troch de fleurhage. De deade prikken rattelje. De loft berint. Der falle dûnkere skaden oer it Leech. Even letter tikje der hurde drippen rein tsjin de ierde. Nidich smyt se de klauwer yn 't hok en giet yn 'e hûs.

Se is noch mar krekt yn 'e keamer, of dêr komt Luertske troch it Leech; de skelk om 'e hals slein tsjin 'e kjeld. Dy moat boadskip ha, tinkt Geeske. It is de earste kear dat Luertske har doar benei komt. Goed en wol yn 'e keamer eamelt se oer it waar. Der klitterje grouwe spatten tsjin 'e ruten, dat der in kâlde wâlm oer it glês slacht.

‘It begruttet my om Lútsen,’ seit Luertske. De jonge is poer allinne mei sa'n swiere bok yn 'e feart, it is suver gjin dwaan.’

‘Net te gau begrutsjen ha,’ seit Geeske. ‘It is in jongkearel. Hy is net fan sâlt.’

‘Mei safolle wyn en ien man allinne, is it skipke net út 'e wâl te hâlden.’

‘Dan moat er sjen dat er help kriget,’ seit Geeske.

‘Wêr fynt de jonge in goede help?’

‘Dy binne der genôch. Der binne safolle dy't omstippe.’

‘Mar it moat ek betelle wurde,’ klaget Luertske.

‘Sa'n help moat himsels fertsjinje.’

‘It is mei de jonge ien en al tsjinslach. Aant soe by him op 't skip, wie de hiting. Lútsen hie it goed yn 'e kop. Hy woe in grutter skip, in sylpream

[pagina 33]
[p. 33]

fan tweintich tonne. It ûndernimmen sit der wol yn. Mar no is Aant út 'e tsjinst kommen en hat der gjin nocht mear oan. Dat is ek sa'n wilewaal. No stiet Lútsen der allinne foar. As it mar in bytsje rûch waar is kin er it spul amper yn 'e feart hâlde. Hy hat krekt in terpke modder tusken Jouswier en de Kouwen nei Bouwekleaster fearn. Einen kroadzje om by it wetter te kommen. It gyng om dea. De jonge is sa meager as in roek.’

‘As it mar goed fertsjinnet, fanke,’ treastet Geeske har, ‘dan moatst al lang bliid wêze. Arbeidzjen is sûn, dêr wurdt er net minder fan.’

‘De fertsjinst, dat hat der wol oan. Hy hat de modder nochal stevich oan 'e priis kocht. Want by Lubbert Krans en har binne se sa deun as in earn en ha se de jonge it fel oer de earen helle. Dan is er ek wer te goed, Gees. Boppedien, it boerke op Bouwekleaster hie de sinten ek net op 'e fingerseinen, mar de modder lei al op 'e wâl, dat hy moast der suver op talizze. It kin de hier fan 'e bok amper opbringe. Ik bin sa bliid dat de jonge wat omhâns hat. Dat omhingjen komt ek gjin goed fan. Mar safolle tsjinslach. Dan is er jûns net te brûken.’

‘Lútsen is te bang,’ seit Geeske. ‘Hy moat mear fan him ôfbite.’

‘Mar as jo net op 'e minsken oankinne,’ ferfettet Luertske.

‘Dan moat er sjen dat er it op papier kriget. Hy is ûnderlein genôch om te witten hoe't dat moat.’

‘Papier, papier,’ himet Luertske. ‘De lju sette de hân net sa gau.’

‘Dat sa'n jonge syn eigen bêst net sjocht mei learen.’

‘Hy hie de ûnderwizersakte al yn 'e bûse ha kinnen. Wat hie it hindere dat er net daalk oanslach krige. De tiden sille wolris feroarje. Wy ha der altyd op út west om in goede takomst foar de jonge. Dêr ha wy krûm foar lein. Nei de mulo twa jier nei de Kweek te Dokkum. Hy koe bêst meikomme, mar ferpofte it.’

‘Former hat noait in learder west. As dy it fjild mar yn kin.’

‘Ik ha al in pear kear yn my omgean litten, soe it net wat foar Former wêze om mei Lútsen te farren?’

Dy fraach heart Geeske nij by op. ‘Former hat nea in man west fan it stoefe wurk. Ik kin him mei gjin stokken yn it tún krije. As jonge hat er in skoftsje nei it Stienfabryk te Eastrum reizge. Alle moarnen fytste er dan oer de Bûnte Hûn en Ie nei it Eastrumer tichelwurk. De wurkbaas klage der oer dat er as klaaigraver samar út it wurk stapte en it fjild yngyng te aaisykjen. Yn 'e droechhokken hat hy ris in tichelder by de lurven hân. Mar doe't er in klaaifarder in trochbakte Eastrumer hurdkak tsjin 'e hûd smiet, wie it dien. Der is mei Former neat te rêden salang at

[pagina 34]
[p. 34]

se him net yn 't farwetter komme. Sûnt er it dêr te Eastrum ferbruide, hat er altyd frij man west. Hy fertsjinnet in goede deihier foar ús tegearre. No ja, wy ha it ek wolris krap hân. Dan moasten wy in hiele winter fan 'e fiskerij libje. In tichtset yn 'e Driezumer Mar. Nachts te poeren nei de Swimmer, de Kûkhernsterfeart, it Soal út, wol oan 'e Burgumermar ta. As it begûn te winterjen, dan wie it skerpenheuvel. Mar it is de jonge syn libben. Ien winter hat er it besocht mei fytsmeitsjen. Deagewoan om troch de tiid te kommen. Ik wie wol húshâldster, mar in lyts komelker hie ek neat om by te setten. Dêrneffens hawwe wy it no rûm.’ Luertske ferfettet har ferhaal ‘Ik tochte, Lútsen en Former, se binne oan elkoar weage. Tegearre kinne se hiel wat út 'e wei sette. Lútsen hat it goed yn 'e holle. Meiertiid in wat grutter skip. Hy hat it wolris hân oer in wide Drintske pream, of mooglik in skûtsje mei in opdrukker en in fikse lape seil. Dan soene se it lichaamlik ek gâns nofliker krije. Miskien mei twa helpen yn 't wurk. De jonge lit syn gedachten wol gean. En wurk is der wol. Se ha him lêstendeis al oan west om in stikmannich frachten sân en grint te farren, mar de jonge moat it ôfwimpelje; hy hat mar ien pear hannen. De gemeente hat miskien noch wolris in putsje, liet Tsjalling fan it gemeentehûs him okkerdeis ûntfalle.’

‘Do moatst der mar net op rekkenje, Luertske.’

Luertske seurt troch oer Lútsen syn takomst. By de bûtendoar eamelje se noch in skoftsje oer it waar en dan kroasket Luertske as in rûngear protsje nei hûs.

Jûns fertelt se Lútsen dat se Geeske hifke hat oer Former as syn meiwurker. Lútsen it smoar yn, ropt ‘No witte se op it Heech krekt hoe't hjir de foarke yn 'e stâle stekt.’ Dat er om Former ferlegen sit is in gedachte dy't er foar gjin noch safolle útsprutsen hawwe wol.

En dan seit er grutsk ‘Former, ik soe him foar gjin noch safolle yn 'e warring hawwe wolle. Sa'n anargist. Reboelje meitsje. De kantsjes der ôf rinne, mar wat út 'e wei sette, ho mar. Wat ferwachtet mem fan sa'n ien? Hy hat noch nea in kroade yn 'e hannen hân. Tocht mem no wier dat se it dêr op 't Heech sa rom hawwe at Geeske it foarkomme lit?’

Sa straft Lútsen de reis fan syn mem ôf. Hy hat him fersoene mei de gedachte dat er syn ûndernimmen allinne fuortsette moat. Soms lit er it noch wolris even yn him omgean om ien fan de Elamiten te freegjen. Mar dan sjocht er wer hoe't de kliter op it heechhout oan 't akrobaatsjen is as hy der mei de bok ûndertroch fart; dat se him op 'e kop spuie, stiennen yn it wetter smite en skelle at er hast út it sicht is. Former as kompanjon, dêr hie er wol nocht oan hân, mar no't Geeske sein hat dat it

[pagina 35]
[p. 35]

neat wurde kin, hat er it smoar yn. It giet Former goed. Te goed. Dy fertsjinnet boartsjendewei wêr't hy him foar deabealgje moat. By nacht en by dei wrotte om foar dy keale Feije de hier boppe wetter te krijen. Trije moanne yn 't foar, en dat foar in âlde wankantige bok. En dochs wol er it net sitte litte. Hy wol it net wêze foar Former, dat er it net oankin en dat er net goed is foar himsels.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken