Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

6.

Dy simmers keape Former in lakte fiskerboat fan Ids Jousma oan it Dokkumer Kearewear. In tsjottermodel, mei wangen as fan in jongfaam. In eintsje njonken de barte hat er it boat op 'e wêl hân en it op 'e nij yn 'e lak set. No leit er yn it wetter en it sinneljocht wjerkeatst fan it lakwurk yn it wetter.

Op 'e earste hûnsdei bringt hy der in fleet fûken mei fuort dy't er útset tusken it set op Berchhuzen en de Bollingwierster brêge. Leaver hat er syn simmersteed wat tichter by hûs, mar dêr sitte yn 't langst fan 'e dagen gauris in moai nust glimmers en dwelmers. De boaiem is dêr slikich en djip. Dêr kin er de fûken wol in wike stean litte en gean der alle dagen bylâns te fandeljen. Fan 'e Peazenser kant ôf komme soms ek in pear fiskers del, de Nijtsjerkster kant op. Mar krekt as skamje se har om ûnder de Nijtsjerkster brêge troch. It bliuwt seefolk, dat leaver efter de slûsdoarren stiet te seinefiskjen, of it Waad opgiet te skulpfangen foar de kalkbranderijen, as dat se in wytfisk út 'e Peazens helje. Sa bliuwt it fiskgebiet moai skieden.

En wa moetet Former dêr op it wetter? It kin net misse, dat moat Lútsen syn bok wêze. Former sjocht it al út 'e fierte oan 'e brike roef.

Lútsen kriget him al ryklik gau yn 'e gaten en ropt ‘Dêr ha wy Moazes ek.’

Former docht krekt as hat er neat heard. Hy sousket in pear fûkestokken yn 'e boaiem fan 'e feart. Lútsen boomket om 't leven om it djip laden skipke yn beweging te hâlden.

‘Hast mar in moai fiskersboatsje,’ priizget Lútsen de nijkeap.

Former knikt en freget wêr't de reis ditkear hinne sil.

‘De timmerbaas fan Nijtsjerk, dy bout op 't Langgrou. In lading sân fan Eastermar.’

Se steane elkoar in skoft nei te sjen. It falt Former net ôf, dat Lútsen him der sa knap trochslacht. Hy hie ferwachte dat it in spultsje fan in

[pagina 36]
[p. 36]

wike as wat wurde soe, mar hy fart no al langer as in fearnsjier. En wilens er Lútsen nei eaget, seit er tsjin himsels ‘Mar kompanjon, dat sil myn lêste wêze.’

De loft feroaret wat. De wyn moalket. Former mei wol oer wat smoarch waar en wat kjeld. Dan wol de iel wolris warber wêze. Der stiet dy jûns in moai koeltsje, dêr't Former mei it spitse sprietseiltsje op mei nei hûs ta sylt.

Eardat Lútsen te Bollingwier de feart nei Nijtsjerk yndraait, stjit er de kloet hjir en dêr even fierder yn 'e wâl, dwers troch Former syn fûken hinne. Sa smoart er wat fan syn oergeunst, sûnder dat it him in soad muoite kostet. Dy nacht leit er mei de bok efter It Tún te Nijtsjerk en sliept yn 'e sigerige roef op it dampe poepebêd. De oare deis kroadet er it skip leech op it Langgrou, dêr't in pear arbeidershuzen boud wurde sille.

It is dy jûns al let as er wer nei Dokkum fart om in nije lading fan 'e Tike. Hy wol sa gau mooglik út 'e Peazens wêze, yn alle gefallen eardat Former komt te fûkfandeljen. Efter it Dokkumer stedsfallaat leit er dan de nacht oer. Mei reinich waar en hurde wyn rekket er de oare moarns nei de Tike. Dêr kroadet er twa lêst sân yn it skipke. It is mar in bekjefol. Elke dei fielt er ferlet fan in grutter skip. Dan in foech jonge der by. It is him gjin oere út 'e kop. As er jûns yn 'e roef leit sjocht er it allegearre foar him. Hy hat der tsjinoan skrept om foar de nacht de Leijen oer. No leit er yn 'e Lits by Eastermar. It wetter slikket oerstjoer oan 'e wand fan it skip. It wurdt rûch waar. De roef trillet yn 'e hurde wyn. Nachts keile der felle snjitters op 'e roef, dat it lekt op it poepebêd. Mar syn dreamen fan in grut skip dije dy nacht noch mear út. Hy nimt him foar om meikoarten om wat oars te fjilde. Dan kin Feije de bok wol wer krije. At er earst de hier der mar út hat en mei in skjinne laai begjinne kin.

As Lútsen dy oare moarns al ier op 'e lêst fan De Worstelaar stiet, rûkt er oar waar. Hy kloetet mei in flink rak yn 'e wyn nei de Burgumer Mar en leit dêr in skoft op 'e lanfêsten, oant it slimste waar him deljûn hat. Tsjin 'e middei komt de sinne der wat troch, it liket de loft sil wat ôfskjinje. It baarnt Lútsen yn, want it wurk en de striid om it bestean ha him fûl makke as in foarke. It liket dat de wyn wat romje sil. Lútsen hat der hope op dat de pûster wat meiskowe sil. Yn dat fertrouwen skuort er de pinnen út 'e wâl en triuwt it skip earst in ein yn 'e wyn op, nei it Sudergat, om fierderop mei de wyn ôf te bûgen. It waar knapt wat op. De loft brekt en de sinne blikkert ferriederlik oer it wetter fan 'e mar.

[pagina 37]
[p. 37]

Hy hâldt oan op Lyts Switserlân, sadat er in bytsje yn 'e lijte fan 'e wâl fan Sumarreheide bliuwt. Mar it waait noch dat it rikket en it liket as hellet de wyn noch mear oan. De mûnder op Burgumerdaam hat de einbuorden al fan 'e swurden. Hy kriget de wyn pal op 'e side as er om it beaken hinne, op It Soal en de Kûkhernsterfeart oanhâlde wol. De wyn hellet út oer de keale mienskar, dat yn in omsjoch hat de mar it himd boppe de broek. It binne allegearre wite koppen. As er dat oersjocht nei Skûlenboarch, dêr is 't ien lange streek skûm. It spoeket. Der slacht wetter yn 'e fracht. Lútsen besiket út alle macht de bok mei de kop op 'e wyn te krijen, mar yn it soal telâne kommen is er alle bestjoer kwyt. Der is mei de kloet gjin bedjipjen oan. Hy roeit as in wyld mei de boom troch it wetter, mar it skipke is oan 'e wyn oerlevere. It komt dwers op 'e weachstream te lizzen en wurdt yn 'e rjochting fan Skûlenboarch treaun. Dan komt er yn 'e stream fan 'e Grinzerfeart. Der is gjin hâldensein mear oan. It wetter slacht mei tichte slanters oer de boardrâne. Lútsen besiket in foech damke fan sân op 'e loefkant te lizzen, mar dat is der mei twa gjalpen wetter weispield. Mei de hiele hûd hinget Lútsen op it roer, mar it spul is sa gjirrich op 'e wyn, dat er frijwol stjoerleas wurden is. Hy smyt in pear kroadeplanken oer it sân om in loefgong oer it skip te krijen. Lútsen skopt de klompen út en stoot fan foaren nei etteren. Machtleas lit er him de mar op driuwe. De bok komt hieltyd djipper te lizzen. Wat fierder hy de mar op komt, wat mear dining.

Hy sjocht om him hinne om help. Der is neat, nimmen dy't him byspringe kin. De mar is leech. It wetter wurdt wylder; it skolpert oer de râne. Hy stiet te razen út kleare ûnmacht. Ienkear noch raamt er de skeppe en stekt krekt safolle sân oer board as er uterhaast beskeppe kin. De gatten dy't er stekt rinne like hurd wer fol mei wetter. It liket wol as makket er mei elke skepfol dy't er oer board joetst romte foar in plasse wetter. It spielt him om 'e fuotten. Oer de planken strûst er nei de roef en giet dêr boppe-op stean. De baren rinne oer it sân en hy fielt it skip ûnder syn fuotten weisinken. Dy fyts en de kroade, dy't op 'e kop fan 'e bok lizze strûpe al ûnder it buiswetter. Ut it sân komme grouwe bûlen lucht. It liket wol oft it wetter siedt. Dan is der ynienen oars net mear as de wieling fan de mar. Stadich sakket Lútsen wei yn 'e djipte. Noch in momint fiele syn fuotten de planken fan 'e roef, mar ek dy sakje ûnder syn fuotten wei. Der komt in romte, in momint fan eangst. De mar wurdt sa grut as in see. Even lit er him mei it skip ûnder gean en wegert syn lichem ferset tsjin it kerbûstige wetter. Hy sinkt mei it skip mei, oant er him ôfset en wer boppe komt. Hy raast en gûlt fan

[pagina 38]
[p. 38]

eangst en teloarstelling. De weagen slagge him oer de holle hinne. Hy sjocht net oars mear as wetter en loft. Wyld begjint er om him hinne te slaan, mar fynt nearne hâldfêst. Hy gûlt fan bangens en klaut om 't leven. Ien fan de kroadeplanken driuwt him foarby. Hy hûntsjeklaut der efteroan om it ding te pakken te krijen. Machtleas lit er him oan 'e planke hingje en lit him mei de wyn en de stream de mar oer driuwe yn 'e rjochting fan it Knillesdjip.

In eintsje besiden Skûlenboarch spielt er oan lân, mear dea as libben. Mei lijen klaut er efter de reiden en leit dêr in skoft yn 'e felle sinne te bekommen. Hy sjoeht de mar oer. De wite skomkoppen komme as hûnebekken op him ôf. It wetter raast him yn 'e earen. Dêr, efter de reiden falt er yn 'e sliep. De sinne sakket al oer Burgum en Burgumerheide as er wer wekker wurdt. Hy is sa stiif as in doar en kin amper oerein komme. Hy rint in eintsje by de mar lâns om te sjen oft der ek wat fan him oanspield is, mar hy fynt neat. Beroaid stiet er dêr. De jûnsinne stiet djipread op 'e kime.

It wurdt al jûnich as er op sokken troch de greiden rint. Oer in smel dykje komt er op 'e grutte wei. Sa belânet er op it Swart Krús. In eintsje fierder de Goddeleaze Singel yn troch it bosk fan Schwartzenberg. Sa komt er op Kûkherne, dêr't Geart Goddeloas de tolbeammen omheech triuwt foar de drinkeldeade. Lútsen folget de Singel oer it spoar nei de Skilige Piip. De sinne jout him read del as Lútsen even twivelriedich oer syn ferlies oer it heechhout fan de Falomsterfeart komt. Fan 'e Broek ôf rint er de haaddyk del troch de berm. It is al aardich tsjuster wurden as er op bekend terrein komt. It ljocht yn 'e keamer is al út as er thús it hiem op rint. Wa ferwachtet him ek thús.

Luertske knoffelt op syn beskiten roppen troch it nachtlike hûs en stiet dan yn it nachtjak foar him. ‘Is der ien?’

‘Ikke,’ seit Lútsen besketen.

Even stiet er te klappertoskjen en strûpt de wiete klean út. Luertske stekt de lampe op en ljochtet him by. Se freget ‘Hast der yn sitten?’

Hy knikt dimmen as in skuldich bern.

Luertske hellet ferskjinning.

‘Bist by de planke troch stapt?’

Lútsen skodhollet. Der is wat yn him dat wegert de wierheid te sizzen.

‘Hoe hast dut hân. Bist fallen?’

‘It skip is fuort,’ seit er.

‘Stellen?’ ropt Luertske ferheard.

Hy kin it wurd amper oer de lippen krije. As moat er gûle seit er ‘Fergien.’

[pagina 39]
[p. 39]

Se sjocht him ûnbegripend oan en skodhollet. ‘Fergien?’

‘Nei de plûmpert,’ seit er wreder.

‘Sonken?’ freget se.

Hy knikt.

Se helpt him yn 'e droege klean en gûlt.

Dan leit er út dat De Worstelaar yn it needwaar fan dy middei mei in lading sân nei de boaiem fan de Burgumer Mar sonken is. Hy fertelt dat er oant it lêste momint op it skip bleaun is, lykas it in goede skipper foeget. ‘Mar ik koe my dochs net mei in lading sân fersûpe litte,’ gûlt er lulk.

Willem stiet deableek ûnder de lampe en sprekt suver plechtich it Jobswurd ‘De Heere heeft gegeven, de Heere heeft genomen. De Naam des Heeren zij geloofd.’

Mar Lútsen hie noch tefolle kriich yn 'e hûd om him der sa ûnder del te jaan. De oare deis stekt er nei Feije Joepertsje en fertelt him fan de skipbrek. Feije wol ha dat er him it skip betelje sil. Lútsen seit dat it de noed fan de eigner is en jout him ôf, sûnder it oardiel fan Feije ôf te wachtsjen. Feije stiet op 'e ein fan it paad him nei te roppen fan oerkommeling en skytskipper. Mar Lútsen sjocht net om.

‘Ik smyt it foar it rjocht,’ raast Feije noch, mar dan is Lútsen al safier bûten syn berik dat er it net mear hearre kin.

Lútsen jaget de Efterwei del nei hûs. Hy hat syn boadskip dien. Mei de farderij is it dien. Lútsen is skipper ôf.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken