Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 195]
[p. 195]

23

It hat der mei de beneaming fan de kandidaat blykber swier ynhongen; mar it beslút komt te'n lêsten dochs los. Dan is de kandidaat gjin kandidaat mear, mar notaris; en foar notarissen hat Abbingawâld altiten in goed plak west, teminsten, as se wat mei de adel opsjitte koene.

Hy giet troch foar in man, dêr't net folle oan is; goed yn syn wurk, mar mei net folle belangstelling foar de ûnderskate doarpske dingen. Der wurdt sein, dat er ferkearing hat, mar dêr wit nimmen it rjochte fan; yn alle gefallen is syn oansteande net immen út de omkriten.

Hy hjit Benedictus fan fan, in namme, dy't mear foarkomt yn de Wâlden, en hy is no ynienen in doarpsnotabele wurden. Hy sil ek wol frege wurde foar de soasjeteit, mar lju dy't it witte kinne, betwivelje oft er dêr lid fan wurdt. Hy is dêr te stiif ta, sizze hja.

Der is nochal wat skea yn te heljen foar him; party lju binne nei it fallyt fan syn foargonger ta Sybrandy ferfallen; hja ornearren dat it hiele notariskantoar skuld hie, en dêr sit fansels wat yn. Ja, dit fallyt, dat is wat de notaris Benedictus faaks syn hiele libben yn 'e wei wêze sil. Sa'n Sybrandy, dy't allinne mar in pear boekhâlddiploma's hat, docht einliken in studearre notaris ûnearlike konkurrinsje oan, mar by Sybrandy komt it mei de sinten altiten op in healtsje ôf út, en dat is noch altiten de bêste reklame.

Nee, de soasjeteit sjocht it doarp him gjin lid fan wurden, mar hy sil him dochs wol wat by in pear ferieningen jaan moatte, sil er de minsken wer op 'e hân krije.

[pagina 196]
[p. 196]

Underwiles giet it hûs sûnder geroft yn syn hannen oer; mar net sa stiltsjes of Geart Hylkema, de opropper, wurdt it daliks gewaar en it doarp wit it dêrtroch ek al ridlik gau; och, folle kin men der net fan sizze. It is ommers in hûs, dat hielendal foar in notaris ynrjochte is; wêrom soe it dêrmei op in kwânseljen gean? Geart Hylkema is keapman, dy tinkt der oars oer, mar hy seit it net al te lûd; oproppers moatte it op 't lêst foar in grut part fan notarissen hawwe.

Hessel de Boer sjocht notaris Benedictus op in jûn op syn fyts by de hikke fan de state opdraaien. Aha, dêr giet er hinne, tinkt Hessel; fansels sjen, dat er de geunst kriget. Notaris is yn pontifikaal.

‘Wat sil er switte yn dy swarte jas,’ seit er letter tsjin Dillema, de skearbaas.

‘As er mar sa ferstânich west hat, daliks nei mefrou te freegjen,’ ornearret dy.

‘Hy hie it bêste daliks mar nei omke Lomme freegje kinnen,’ seit Hylke Berga, dy't der noch wer wat oars oer tinkt, ‘mar sa snoad sil er wol net west ha.’ Nee, Hylke Berga hat it net fan rjochten stean op dat nije folk dêr op 'e state. Mefrou komt út in eabel skaai, dat is wier, mar eabelens ferervet, tinkt him, mear yn de manlike liny; en froulju, dy't har man ûnder de kwint hawwe, dêr hat er it ek net op stean. It liket him ta, dat it mei Abbingawâld der net op foarút giet, de lêste tiid. Dat heale folk no foar de adel yn it plak, in kantonrjochter, dy't krekt sa'n klerkje liket en in notaris, dy't syn fak wol ferstean sil, mar dêr't sawat neat fan útgiet; nee, it is net wat it west hat. As it doarp neat oan syn notabelen hat, wat docht men dan mei sokke lju?

Der geane ek al gau ferhalen yn it doarp, dat freule Valéry de Charleville it notaris mar omraak opsein hat. Dat fallyt fan syn foargonger, dêr wie hy ek net hielendal ûnskuldich oan, moat hja him ûnder de noas hâlden hawwe; en hja ferwachte, dat hy foar de skea opkomme soe, dy't de fundaasje dêrfan hân hat. Notaris hat fansels wol besocht har sokke ideeën út 'e holle te praten, mar by sa'n sinnich âld minske is dat in nuodlik ûndernimmen en

[pagina 197]
[p. 197]

nimmen leaut, dat it him slagge is. De minsken fine it net ûnaardich; party tinke der wol in bytsje oer as de hillige Veronica, allinne doare hja der net planút mei oan te kommen. De âlde freule lykwols nimt gjin blêd foar de mûle; dat hat hja nea dien, lykas eltsenien wit.

Einliken hie notaris foar de klandyzje by Sybrandy wêze moatten; mar fansels, dat koe net. Der wurdt ornearre, dat Sybrandy de measte dingen foar de fundaasje wol dwaan sil, dy't foarhinne notaris die.

Nee, hy stapt net op in opmakke bêd, notaris Benedictus; hy moat hiel wat ferprate en oersljochtsje.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken