Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 213]
[p. 213]

3

Om dizze tiid hinne wurdt, sa't dat hjit, de earste stien lein fan de hear J.P. van Heuvel syn nij hûs. It wurdt in moai hûs, wurdt der sein; en it kriget ek in moai plak, deun by de bosk. As Laerman baron Tinnegieter noch libbe hie, wie dat hûs der nei alle gedachten net kaam, teminsten dêre net; mar Sybrandy hat der fansels foar de fundaasje in foardielich saakje yn sjoen. Dy grûn bringt oars ommers gjin sint op!

Salang it hûs net ree is, hâldt de hear J.P. van Heuvel ta by Jan Berga; teminsten as er yn Abbingawâld is; hy is der lykwols net sa faak. ‘Men soe sizze, dat sa'n kantonrjochter net mear te dwaan hat; dat folk fertsjinnet syn sinten maklik,’ lekskoait Jan Berga tsjin syn broer Hylke. Soks hat er nea sein, doe't Laerman baron Tinnegieter kantonrjochter wie, mar dat wie op 't lêst in baron en de hear J.P. van Heuvel is mar in gewoane man. Syn rjochtspraak moat oars wol goed wêze; hy is skerp yn it freegjen en kin de minsken wol aardich taksearje, wurdt der sein.

Tsjin mynhear Van Heuvel sels is Jan Berga oars moai en leaf genôch. It binne goede klanten, sokken, en it kin bêst wêze, dat er oan 'e ein fan de simmer, as it hûs noch net klear is, frou en bern ek noch in set kriget.

Oft der te Abbingawâld gjin swimgelegenheid is, freget de hear J.P. van Heuvel op in kear oan Jan Berga. Mynhear Johan, neamt er Jan Berga trouwens, lykas alle simmergasten. Mynhear Johan lûkt oan de skouders; fansels, yn syn jongestiid swommen syn maten en hy yn it Boeredjip, mar dat is einliken gjin plak foar grutte minsken.

[pagina 214]
[p. 214]

Soa net? De hear J.P. van Heuvel liket wat ferheard. Is it dêre smoarch of ûndjip of ferbean faaks?

No nee, fan datoangeande binne der gjin beswieren, seit Jan Berga; mar dat útklaaien fan grutte minsken yn it frije fjild; hawar, mynhear begrypt it sels wol.

Mar dêr is er mis mei; de hear J.P. van Heuvel begrypt it net. Soks bart oan it strân dochs ek, seit er, en dêr sjocht nimmen der wat yn; wêrom soe it hjir dan net kinne?

Fan dy kant hat Jan Berga it noch net besjoen, mar hy is samar ree, de hear J.P. van Heuvel gelyk te jaan. It is ek sa; der koe einliken folle mear swommen wurde yn it Boeredjip. Op 'e hoeken yn 'e kolkjes is de grûn hurd, en it is djip genôch om mar taswimme te kinnen.

Twa dagen letter fertelt mynhear Van Heuvel al, dat er mei notaris Benedictus te swimmen west hat. It hat him bêst foldien, mar botte rom is it dochs net yn sa'n hoeke fan it Boeredjip en der koe ek wol wat mear wetter stean.

‘Soa, mei notaris Benedictus,’ fernuvert Jan Berga him; dat dy stive keardel samar mei woe! As in oarenien as de kantonrjochter it him frege hie, hied er it grif net dien. Hawar, it is better sa. - Dy dingen seit er fansels net tsjin de hear J.P. van Heuvel, dy tige praatsk is en ornearret, dat hjir bêst in swimynrjochting bestean koe; sa'n stikje Boeredjip kin men maklik wat útgrave en dan hoege der op 'e kant allinne noch mar wat hokjes foar it út- en oanklaaien.

‘Dêr seit mynhear sawat,’ antwurdet Jan Berga, wylst er knikt; dy blinder, dat liket net sa raar. Ek in attraksje foar de gasten; it soe moai wêze, as er yn syn prospekty sette koe, dat op in distânsje fan twa kilometer in natuerbad leit.

Hy freget, oft mynhear der wurk fan meitsje wol; hy wol de aksje graach stypje. Lykwols, de hear J.P. van Heuvel wol net oer ien nacht iis gean. Ris sjen, seit er, oft der belangstelling foar is. Hy is hjir mar krekt en ken de lju amper of hielendal net. Mar notaris Benedictus fielt der ek tige foar.

‘It is dochs net sa'n minne keardel, dy mynhear Van Heuvel,’ seit Jan Berga letter tsjin Hylke. ‘Ik leau, hy wol wat foar it doarp dwaan.’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken