Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 238]
[p. 238]

12

Jan Berga hat tige war dien, dat de kaarten foar de fundaasjebosk net djoerder waarden; twaris hat er dêr de hillige Veronica oer oan west en wol in kear of fjouwer Sybrandy. It wie goed dat hy op syn iepenst wie, der soe in dûbeltsje by, mar hy hat it safier krige, dat it dit jier alteast net mear bart. Dat is al wer safolle wûn. Der binne plannen, hjir in feriening fan frjemdlingeferkear op te rjochtsjen, en dan moat dy ankom' jier dizze saak mar ris oanpakke.

Ja, Jan Berga's aksje hat tige fertuten dien; it is allinne mar spitich, dat yn it lêstoan fan July, krekt as de fakânsjes goed begjinne, it moaie waar blykber op is. De maaityd wie oer 't generaal goed en de simmer oant no ta bysûnder moai, mar as de hûnsdagen komme, is it út. It begjint mei wat swier waar, en dan is it eltse dei reinwetter.

Dat is in strop foar Abbingawâld, want reinwetter kinne de minsken thús noch better ferneare as yn hotel of pensjon. Mei sok waar bliuwe de simmergasten yn 'e stêd, it grutste diel teminsten, en dat fernimt net allinne Jan Berga yn syn beurs; ek de winkellju hawwe tige skea.

Moarns liket it earst faak noch wol aardich; dan skynt de sinne wat en rûzet it fris yn de rjochtknipte linebeammen. Mar al ridlik gau komme swarte wolken út it súdwesten op en tsjin 'e middei jaget de iene buoi de oare. It is ek net waarm mear; de wyn komt fan de seekant en is mar kâld. De hear J.P. van Heuvel giet net mear te swimmen en notaris Benedictus allikemin. Trystich is it te Abbingawâld, dêr't men de fiere kimen net sjen kin fanwegen de hege beammen. Och, wat hat it waar de Abbingawâldsters te fiter.

[pagina 239]
[p. 239]

Trystich is it ek yn it hert fan de oars altiten sa fleurige Lamey. It gefal mei Froukje is him it meast yn 'e wei, mar dat hy it ‘fersin’ fan boargemaster Suringa op 'e lânstoarmdei op 'e skuld kriget, sjoch, dat sit him ek dwers. Boargemaster hie dy taspraak al fjir-tjin dagen fan tefoaren; as der dingen yn stiene, dy't him net noasken, hied er dy der ommers wol tsienris úthelje kinnen. Mar ja, earst mei in oar syn fearren pronkje en dan, as der praat fan komt, dy oare ferwite, dat it mei syn fearren net doogde, dêr ha je no krekt boargemaster Suringa. Wis, boargemaster sit no mei dominy en in protte oare lju yn tsjok waar, mar dan hied er mar net sa dorn wêze moatten, dy taspraak oan in kranteman te jaan.

Lamey wol hjir wol wei. Hy hat it te Abbingawâld in jiermannich tige nei 't sin hân, mar no hat er ynienen fan alles syn nocht ôf krige. Freonen hat er amper; syn faam makket it út, syn baas seit him it mannewaar op as is er de grutste domkop, dy't der omrint; dan wol men wol feroarje. Syn heit, de generaal, hat konneksjes genôch, dy kin him wol oan in oar baantsje helpe.

Hy fielt him no tige iensum tusken de hege beammen en de minsken, dy't him net fersteane. Hy hat nea net folle hâldfêst hân; no hat er neat mear, dat him wat stipe en wat fêstichheid jout. De wolken driuwe leech boppe Abbingawâld en it dript fan de tûken en soms tinkt Lamey, dat er opsletten is tusken griene muorren.

Alle jûnen hast sit er by Jan Berga, dêr't er faak wat oanhâld hat oan in ferreinde simmergast. Hy biljertet wat, en brûkt wer mear drank as er dien hat. Op in jûn komt him op strjitte in man temjitte, dy't er foar master Walinga ferslyt. Lamey begjint him yn alle talen út te skelden: hy is in leffert en in bangeskiter, wêrom by heech en by leech hat er gjin antwurd stjoerd op dy brief oer dat duel? Hy biedt oan, him de harsens yn te slaan. Lamey seit noch folle mear en hâldt him earst stil, as de sjef-fjildwachter komt en him freget, wat er op mynhear Wessels tsjin hat. De sjef bringt him ek mar even nei hûs; efter harren, yn it tsjuster, beart mynhear Wessels, wylst de izeren punt fan syn stôk op 'e stiennen slacht.

De oare deis seit boargemaster Suringa ek, dat it mar it bêste is, dat er sollisitearret. De sjef hat him fansels alles ferteld.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken