Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De bijekening (1981)

Informatie terzijde

Titelpagina van De bijekening
Afbeelding van De bijekeningToon afbeelding van titelpagina van De bijekening

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.37 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De bijekening

(1981)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

It spoek fan de earmoede

It libben gyng syn gong, mar de tiden waarden der net better op. Amearika hie syn swiere tebekset op 'e beurs belibbe en stadichoan begûn it ek yn oare lannen te stûkjen yn hannel en bedriuw. De boeren fernamen it foargoed, al gou dat sa daliks net foar in man as Anders van Keimpema dy't as it moast wol sân meagere jierren ferneare koe. Mar de lytse boeren rekken yn 'e pine en fan it arbeidersfolk, dêr't it winterdeis altyd al krap by omkaam, like no it meastepart lange skoften ta de earmfâdij ferfalle te sillen.

De opstannichheid wûn wer oan en der moast dochs wol wat dien wurde, al seach it regear de krisis feitlik as in soarte fan natoerferskynsel dat út himsels wol ris wer oerbetterje soe. Mar de âlde plannen om it leechlân fan Trimbeets oan te meitsjen en der in rige pleatsen te bouwen waarden wer foar it ljocht helle. In iepenbier lichem soe se útfiere mei jild fan it ryk en mei help fan de Heidemaatskippij. Boargemaster Van Nauta siet troch syn amt yn it bestjoer, in man dy't altyd jammere dat it safolle jild koste, krekt as wie it syn eigen. Mar der waard net sa bot nei him harke. Van Keimpema en oare boeren moasten har grûn yn it leechlân kwyt en krigen der net folle foar. De arbeiders hiene yn de win-

[pagina 80]
[p. 80]

termoannen wat te dwaan, ôfwikseljend yn kloften, tsjin in drôvich lyts lean dat ek noch ophold bywannear't de grûn hurd wie fan de froast.

Sa bleau it spoek fan de earmoede by de wiken en de paden omhingjen en hie domeny Grootjan it net sa maklik by de skare dy't sneins hongerich yn Bethel kaam. Mar it folk wist tige goed dat it ek by domeny sels net sa rom soppe; hy wie ien fan harren en paste ek wol op om net al te lûd te preekjen tsjin de revolúsje. Hy die gjin war om har wei te hâlden by demonstrative tochten op har wrakke fytsen; allinne doe't it plan opkaam om it gemeentehûs te besetten warskôge er fûl: gjin geweld, beleaven gjin geweld! It wiene in man of wat dy't it ris op sa'n wize besykje woene. Earst mei man en macht op it gemeentehûs ta en dan in ôffurdiging nei de boargemaster om dy hiel fatsoenlik te moanjen om wat rojaler út 'e hoeke te kommen. En ja, as dat net holp, dan moast it gemeentehûs mar ynnommen wurde. Sûnder stokken en messen fansels en sûnder tamtaasje. Mar it soe in goede opskuor jaan, de kranten kamen fansels los mei grutte stikken en de wrâld soe noris fernimme mei hoe'n luzige pear sinten de arbeiders en har húshâldings troch de tiid moasten.

Domeny Grootjan wie net de iennichste dy't warskôge. Der kaam ek in fakbûnsbestjoerder oer dy't it skerp ôfrette om't de arbeiders by sa'n aksje it yn it jern krije soene mei de hiele polysjemacht fan it gea Trimbeets en de fiere omkriten. En hy sei der by dat der wol baasmannen wiene ûnder de hege bestjoerders dy't it tige nei't sin wêze soe as der ris fiks op in revolúsje ynslein wurde koe; krekt as somlike generaals wolris in oarlochje ha woene. Wat nimmen wist wie, dat hy tefoaren moai lang mei Hette Kromsigt praat hie. Hja koene mekoarren wol, want Kromsigt siet op 't lêst yn it bestjoer fan in readeftich polysjebûn.

Kromsigt wist, dat Sixtus van Nauta tidige op in echte opstân. Hy hie net folle dien yn syn libben om grutsk op wêze te kinnen en hy hie al lang begrepen dat de minsken net heech by him opseagen. Sa'n man moast wol longerje nei in heldedied. As it ar-

[pagina 81]
[p. 81]

beidersfolk wer ris roerich waard, fernaam Kromsigt hieltyd dat de boargemaster syn wêzen feroare. Hy spile dan de wolberette man, moedich en ree ta it uterste. Mar hy foel ek wer maklik út syn rol. Kromsigt, moat ik de sinneblinen ek foar de ruten dwaan? Ik leau net, dat dat nedich is, boargemaster. Mar hja hawwe it op my fersjoen, Kromsigt, hja witte wa't de opstân keare wol. Jo kinne der wis fan wêze boargemaster, dat jo neat oerkomt. Mar doe't er heard hie fan it aksjeplan tsjin it gemeentehûs hold er de sinneblinen wol ticht. Efter dy blinen hied er syn dreamen. Hy seach himsels op in grut hynder oan it haad fan in soarte fan oranje-garde op de brekkers fan wet en oarder en de fijannen fan ús dierbere keninginne tariden. In koart befel: der op los! folgje my! dêr komt de oanfal, striidroppen, skotten, needgjalpen en dan is der it útmekoarren stowen fan it revolúsjonaire naasje: wee o wee skreauwend, de Van Nauta-garde, de Van Nauta-garde!

Wat Kromsigt wol altyd fernaam wie it besykjen fan Van Nauta om himsels foar alles ferantwurdlik te meitsjen. Hy wie de man dy't makke hie dat der noch wat wurkferskaffing kaam; en dan de ûntankberens, de ûntankberens! Hy wie ek de man dy't streekrjocht fan de minister heard hie dat der gjin jild wie om de minsken mear te beteljen. Van Nauta, sei de minister, de kas is leeg; wij willen wel meer geven, maar wij kunnen niet. De man sels sei it my, Kromsigt, wat wolle jimme dan. Jimme: hy rekkene Kromsigt dochs ek wer ta de ferkearde kant. Hoe witte jo, Kromsigt, dat my neat oerkomt? Underhâlde jo kontakt mei dat opstannige folk, krektlyk as mei de streupers? Al dy lju sjogge my as de grutte tsjinstanner, en mei rjocht, en mei rjocht.

Der barde dy winter fierder neat. Der wiene allinne guon ferienings en fermiddens fan goede minsken dy't wat jild, wat tekkens en wat iterij ynsammelen foar dy't der it slimst oan ta wiene. Fierders wiene der tekens dat foarmannen fan de frije rjochting it gea Trimbeets wer ûntdieken. Hja wiene de geastlike neiteam fan Domela Nieuwenhuis dy't ienkear in goede bekende west hie. Somliken hiene noch in portret fan him thús en dat wie-

[pagina 82]
[p. 82]

ne net allinne arbeidersminsken. Want yn de buorren hied er ek yn hege eare stien by boargers dy't de earmoede net lije mochten en wat feroaring woene, sûnder dat hja sels dêr hurd foar yn it spier moasten of dat dat har te folle jild koste. Sprekkers fan de frije rjochting wiene in pear kear te hearren op sealen yn de buorren, mannen fan gjin God, gjin master en gjin kontribúsje. Folle folk wie der noch net by, mar it gyng wol oer it gea dat hja it nuver opsein hiene. Yn in ferslach fan de pleatselike krante hie nammers te lêzen stien dat in De Haan út Amsterdam de Sudersee mar tichtsmite wollen hie mei alle boargemasters en polysjemannen. Dan hoegde it ek net safolle jild te kostjen.

Op 'e soasjeteit pleagen de hearen de ealachtbere Sixtus wat mei dat sizzen, mar Van Nauta koe der net om laitsje. Hy spriek wat lûder as goed wie foar syn reputaasje: in skandaal dat de sjoernalisten sok gekkepraat yn de krante sette, faaks is it wol strafber, ik sil it ris neisjen. Dokter Groothof sei sawat foar him hinne, mar wol goed dúdlik: ja, wat sensuer, dat wie net ferkeard. Nee, sensuer, dat woe Van Nauta net, mar de minsken moasten witte wat hja sizze en swije moasten. Hy wie read om 'e holle wurden; de soasjeteit wie ek al net mear wat dy west hie en sa'n Groothof, in notabel dochs, siet ferdoary yn it reklassearingsklubke fan sa'n ien as Kromsigt.

Doe't der ek noch praat fan kaam mei hoefolle begryp en takt Kromsigt de boel yn 'e stokken hold, waard it Van Nauta hielendal tefolle. Soa en wat tochten jimme dat ik die. Ik haw de lieding fan de polysje en de polysje docht wat ik sis. As de manlju no wat lake hiene en him op 't skouder kloppe, dan wie it noch wol goed beslein, mar allegearre holden hja har stil. Doe stapte Van Nauta op: hy hie noch wat te dwaan, sei er. Oars wied er altyd sawat de lêste dy't fuortgong.

Dat alles barde yn de earste winter fan it oanmeitsjen fan it leechlân. Der waarden in pear dammen slein en der waard sân brocht op de banen fan de takomstige wegen. De winter wie net al te kâld en moai droech, sadat it wetter net sa heech kaam. Hoekstra op syn pôle rôp dat it einlings wêze soe, de foarútgong

[pagina 83]
[p. 83]

wie net te kearen. Mar de loft siet wol fol ûnrêst en pas yn april begûn it spoek fan de earmoede wat wei te tsjen fan de paden en de wiken. De wurkferskaffing kaam foar in heal jier stil te lizzen.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken