Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Sa wie 't sawat (1997)

Informatie terzijde

Titelpagina van Sa wie 't sawat
Afbeelding van Sa wie 't sawatToon afbeelding van titelpagina van Sa wie 't sawat

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Sa wie 't sawat

(1997)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 133]
[p. 133]

13 Smoke

Dat is no al wer in mannich jierren lyn.

Wy sieten ûnder Hoarnstersweach by in kampke mei hjouwer op de dowen te wachtsjen. In moaie skûle yn de dykswâl, de lije septimbersinne stie ús op 'e rêch en wy sieten dêr noflik. De dowen fleagen lykwols net, dat wy hienen neat te sjitten. Marten draaide in healswier sjekje. Soe dat no noch smeitsje, frege ik my ôf. Al in jier as sân fan 't roken ôf, noait gjin oanstriid wer hân, mar dy sjek rûkte wol lekker. Dat ik stuts ek ien oan. Goed djip ynhaleare, ik hie it gefoel dat it my oan de teannen ta gong. Op it selde stuit begûn ik te dwyljen, ik moast der by sitten gean, oars wie 'k omfallen. Mar lekker man, o wat smakke my dy sigret! Wolken van genot vliegen me door de strot, wie eartiids sa'n sechje. In kick seit men hjoed de dei.

Sûnt smook ik wer as in kriichsheld. As ik jûns achter de tekstferwurker sit en it stiket even, dan draai ik ien en tel ik om in oere as tolve de peuken dan kom ik al gau op tweintich ôfsûge eintsjes. Doe't ik mei myn roman Jan Hut dwaande wie, ha 'k ris útrekkene hoefolle healswiere sjekjes ik dêryn ynvesteard ha. Ik kaam op goed tûzen. Smaak sit der oan 'e ein fan sa'n lange jûn al lang net mear oan, mar ik smook troch.

Dy healswiere sjek is dochs al wat flau, de swiere fan de widdo Van Nelle is je ware. Mar dan kochelje ik de oare moarns oan kofjetiid ta, dat dêr bin 'k mei opholden. Ut en troch byts ik noch wolris ien by Sibe of Hâns, dy't der oant no ta sûn by bleaun binne. Auke hat Javaanse Jonges. As jo dêr in shot fan nimme, slacht it hert jin in kear oer. En Sytse

[pagina 134]
[p. 134]

hat Brandaris. Fral op de nochteren mage is dat hast in klap foar de kop en as it oan de peuk ta is, krijt men der suver fisioenen fan.

 

Sân jier earder hienen se my sa kjel makke, dat ik samar fan it roken ôf wie. Hoe gyng dat? Wel, noait in misse dei hân en altiten helderop rookt, want al wer neffens in âld sechje wie in tevreden roker geen onruststoker en it is geen man die niet roken kan. Mar doe fan de iene op de oare dei yn 't sikenhûs. De dokter sei dat in iepen hertoperaasje útkomst bringe koe, mar dan moast it mei it roken al út wêze, oars wie it de drokte en de kosten net wurdich. Dit ultimatum holp omraak, ik taalde net mear nei tabak. Sa'n by-passope-raasje, hjoed de dei it oer gearkommen mar, wie doe nammentlik noch in heule yngreep. De heule famylje kaam der op ôf om te sjen oft de patient it wol helle. Jo stienen yn it middelpunt fan de belangstelling, ik wit noch skoan dat ik my o sa gewichtich fielde.

Neitiid dus in jier as sân net smookt. Wat sei, as Anne Hellinga west hie te praten, dan draafden myn frou en ik nei ôfrin fan de besite om it hurdst om de jiskebakken te leegjen en de oare deis wierren wy de keamer. Sa stie ús dat roken tsjin. En ik wit ek noch dat ik in dei Feitse by my yn 'e auto hie en dy stookte der elk kertier in swart sjekje troch. It wie kâld dat ik moast de ruten ticht hâlde, mar ik smoarde op 't lêst hast yn 'e reek en de triennen kamen my yn 'e eagen. Doe ha 'k even yn 'e wille west en lis dy man in rookferbod op. Ik ha my ynholden. Want dit hie 'k goed mei mysels ôfpraat: do bist derôf, it stiet dy tsjin, mar wês tolerant, ferbied it in oar net. Dat sjoch ik nammentlik sa faak om my hinne, de ûnferdraachsumens fan de bekearlingen. Altiten yn sûnde libbe, mar binne se op in stuit ta de Heare kommen dan moat elkenien der rüchsichtlos oan gelove. Dwingt hen om in te gaan, stiet der yn de Skrift, mar sa woe ik dus net.

[pagina 135]
[p. 135]

Wa't him deasmoke wol, dy docht soks mar. En dêr bin 'k dus letter sels ek wer mei begûn, lykas út de oanhef bliken docht.

Goed, en dan no it ferfolch. In pear moanne letter woe ynienen myn rjochterskonk net sa goed mear. De húsdokter neamde it in ‘etalagebeen’. Soks hâldt yn dat jo om de fyftich meter even stilstaan moatte omdat it yn it kût of sa begjint te knipen. As jo soks yn de bewenne wrâld oerkomt dan besjogge jo even de etalaazje dêr't jo op sa'n stuit foar steane. Sa hie ik yn Drachten, as dat sa útkaam, al heul wat meubelshows besjoen. En ûnderweis nei it kafee fan Sibe dêr't ik ornaris twaris wyks oanstek, krige ik al aardich doel oer baby-artikels omdat myn aksjeradius him yn earste oanrin ta dy winkel beheinde. En by boekhannel Brouwer skôge ik altiten omstannich de nije titels.

‘De heer Van der Velde heeft een absoluut rookverbod,’ sitearde de húsarts út it rapport fan de specialist by wa't ik telâne kommen wie. Want it ferban tusken smoken en tichte ieren is sa klear as in klûntsje. As it wer wat mei my wurde soe, dan moast ik de nikotine ôfswarre. Dat wist ik al fan de man sels, mar it is goed dat de eigen húsdokter soks herhellet, sa wurdt dy der ek noch in bytsje better fan.

No, dan moat it mar wer heve, sei ik fleurich. Underweis nei hûs soalde ik it krekt oanbrutsen pakje sjek ta de auto út, de jûns hie 'k der al spyt fan en de oare deis ha 'k in nij pakje helle. Se ha dy dizze loop net benaud prate kind, sei myn frou, en sa is 't krekt. In dei as fjirtjin it sikenhûs yn, even in nij stikje ier yn dy skonk en yn oktober koe 'k wer te hazzejeien. Noflik is 't net fansels, de earste heale kilometer rin ik as in ljip, mar dan begjint dy skonk te pinigjen. Trochrinne, sizze de h.h. doktoaren, want it moat mei rinnen oerbetterje. Dat no hobbelje ik twaris deis it fytspaad nei de Middelgeast lâns en oertink mei in healswier sjekje yn 'e mûle myn sûnden. Want ik moat fan it roken ôf en kin it dochs net litte. It

[pagina 136]
[p. 136]

is my slim yn 'e wei dat ik sa maklik tajou oan de nikotineferslaving en ta alles ree bin om oan myn trekken te kommen. Ik klau as de need heuch is de peuken út de jiskebak fan de auto. As ik by wyldfrjemden oer de flier bin en ik sjoch in pakje sjek lizzen dan ha 'k allerhande ferlechjes klear dy't útrinne op de fraach oft ik ien draaie mei. Dat kin fansels sa net trochgean, it taast myn selsrespekt oan, om mar te swijen fan it skuldgefoel dat jo op jo lade tsjin de húshâlding oer. Dêrom ha 'k al safier west dat ik byneed wol ta de offisjele helpferliening ferfalle woe. De Gele Gids derby, dy biedt rju ferskaat oan buro's, mar it docht bliken dat jo dan op syn minst alkoholist wêze moatte. Noch leaver ha se ferslaafden fan heroïne of kokaïne. Foar nikotine dogge se it yn elk gefal net. Foar my gjin begripende therapeut by wa't ik my útprate kin. Ik moat der dus lykas altiten sels mei rêde.

Mar no leau ik al dat ik it útfûn ha, in eigen therapy dy't ik in wike as wat útprebearre ha en dêr't ik no wol mei foar 't ljocht komme doar. Ik neam it rekreatyf smoke en al hoe bernachtich as it ek is, it wurket. Ik doch it sa: oan 'e ein fan myn ferplichte moarnskuier beloof ik mysels ien sjekje. Dat ha 'k fansels net yn 'e bûse en ek net yn 'e hûs, want dan hie 'k him al earder opstookt. Nee, ik ha in pakje sjek oan 'e ein fan it fytspaad lizzen, yn 'e rûchte fan de ûnderwâl. Dat ein rinnen die 'k earst hast in healoere oer en ik moast ûnderweis trije kear skoftsje. No rin ik dy ôfstân yn trettjin minuten en ik sokkebalje der sûnder ek mar ien kear stil te stean oan ta. Juster ha 'k it pakje sjek trijehûndert meter ferlein en ferduld, fan 'e moarn helle ik it wer.

Hjir is 't fansels net mei dien. Oerdeis binne jo ûnder de minsken mei alle ferliedingen dy't derby hearre. Op 'e krante leit op elk buro wol in pakje sjek dêr't jo út draaie kinne. Earst sûndige ik geregeld, inkeld doch ik dat noch wolris. Mar dan preuvelje ik: ‘Leid mij niet in verzoeking en verlos

[pagina 137]
[p. 137]

mij van den Boze.’ Almeast bliuw ik dan baas oer mysels. De jûnskuier is altiten in besiking. Ik ha dan oanstriid en draai noch ien en stek dy yn 'e bûse, sadat ik foar de nacht nochris opstekke kin. ‘Ga achter mij Satan,’ rop ik lûd, want ik bin dêr allinne, dat it kin lije. En wat lûder wat better, neffens my.

It sil de bibelfêste lêzers opfalle, dat ik de Steatefertaling brûk. Dat doch ik mei opset sin, want der giet mear twang fan út. Yn it Frysk wurdt it te eigen en hat it lang dat gesach net.

No tocht ik, lit ik it mar ris opskriuwe, miskien ha oaren der noch wat oan. Mar jo moatte der fansels wol yn leauwe. En dat sil der mei mannen as Rients Gratama, Joop Verbeke, Thom Mercuur, Jan J. Bylsma, Anne Hellinga, André Bralts, Jan Kroes en al dy oaren mei in nikotine-probleem wol oan ha.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken