No bedimmet er en seit wer mei syn eigen lûd:
‘Hy rûn, net al te hurd, mei in oaljelampe by de trep del.
“Do dy wer deljaan, kjessens op elkoar,” sei ik tsjin Femke en die it lûk yn it efterskud fan de kleankast iepen. Ik dûk der haljetrawalje yn. Ik hie de skûlhoeke in pear dagen earder makke en wy hiene de razzia oefene. Se smyt my myn klean efternei. Komt my dêr blinder har broer Simen ek noch troch it gat. Dy wie noch mar achttjin en se sochten him net iens. Dat wie maleur, hy liet in waarm bêd stean.’
Hy skodhollet, yrritearre. Taknypte eagen, mûlshoeken del, de boppelippe mei de bloedblier oplutsen. De ôfkear en eangst fan doe ha syn gesicht wer yn de skjirre.
‘“Offen machen!” Se rôpen mar troch.
Femke skode in pear doazen foar it lûk en wylst sy de kastdoar tichtdie, hearde ik se al by de trep op stampen, wol in man of seis.
Se klauden alles oeral.
Simen syn broek hong oer de stoel neist it bêd.
“Van wie is die Hosen?” fregen se.
“Fan ús heit,” sei Femke.
“Je liegt, meid!” bâlte dy SS'er.
Skoanmem hie it dakfinster iepen dien, se tochten dat wy oer it dak der útpykt wiene. Se sloegen op de skudden mei dy gewearkolven, in kolossaal kabaal. Se sochten ek yn de kleankast, ramaaiden tsjin it efterskud. Ik siet mei de rêch tsjin it lûk oan.
Se klommen sels op 'e fliering. It lampeljocht foel troch de naden.
Op dat stuit tocht ik dat it mis wie. Mar lokkich moast it net sa wêze.
“Wo sind sie, schnell, anders steken we het huis in brand!” Ik wie bang dat se Simen hymjen hearre soene. Deale wat hie dy jonge it benaud!
Einlings lieten se it sitte. Learzens bolderen nei ûnderen, de foardoar sloech ticht, ik hear noch dy skille.