4
De Fryske sturtklok slacht syn fûleindige slaggen, alve kear. It wicht sakket hearber. As it oerwurk wer tikket, waaie de galmen fan de toersklok oer it doarp.
Us heit bringt syn oantinkens ûnder wurden sûnder de gebrûklike ôfhâldenens, mei omtinken foar details. Hat er der mei opsetsin foar keazen om mei de oarloch te begjinnen? Under deadsdriging wurdt it libben faaks ta syn essinsje werombrocht. Hy praat betochtsumer, dimmener no. Ik freegje him neat. Hy hat it net tsjin my.
‘By de aksje fan dy nacht binn' trije man pakt. Ien fan har, Pier, Pier Koal, besocht te flechtsjen, hy sprong út de oerfalwein. Se ha him by de brêge yn 'e rêch sketten, op slach dea.
Ik koe fansels net by de skoanâlden bliuwe en dûkte de oare deis al ûnder by bakker Fan Walsum. In wike letter wie der wer in razzia. Se fûnen, hoe hjit er ek wer, Jan Bergsma, en brochten him nei It Hearrenfean, Crackstate. Dêr hiene de SS'ers har haadkertier. Dêr waard ferskriklik slein. Se ha dy jonge alle fingers brutsen. Syn mem kaam alhiel fan 't hynder oan 'e doar:
“Us Jan hat Homme ferret, hy moat dalik fuort!”
“Voortvluchtig” wiene wy. Yn Haskerdiken, by myn âlden, makke ik in gong út de krûpromte ûnder de opkeamer wei nei it bûthús. Wy ha him nea brûke hoegd. Ik bin wûnderlik sparre.’
Hy komt muoisum oerein.
‘Wachtsje, even de geit ferstekke.’ Hy giet nei de doar. Ik druk op de pauzeknop.