It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
is sûnt ferline wike amper slonken en no saffraangiel. Syn bril stiet skeef, de glêzen binn' fetlik en drage de skrassen fan strjitklinkerts. Ik sko it opnimapparaat tichter op him ta. Nochris prúst er. Dizze boai kin steech wêze. Hy hat der wolris oeren oanien hinder fan. Faak liket it oer, mar ûnferwachts begjint it wer. ‘Ha...’, soms folgje de útbarstings elkoar sa hurd op, dat er gjin tiid mear krijt om te sykheljen en sichtber benaud wurdt. Myn soan, Jacob, hat der ek hinder fan, benammen moarns betiid, krekt fan 't bêd ôf. ‘Efkes skoftsje foar in farsk bakje?’ Ik ha myn opwaarme kofje, dy't de kleur fan grûnwetter hat, heal stean litten. Ik druk wer de pauzetoets yn. Hy skodhollet snuvend, syn ferline lit him net gean.
‘Doe't wy seis wiene, moasten wy nei skoalle. De jonge fan de buorlju, de Grypstra's, wie fan ús âldens. Syn mem kaam te praten. Dy minsken wiene herfoarme, fan de lichte kant, frijsinnich sis mar. “Wy dogge him nei it iepenbiere skoaltsje, hjir op Nijbrêge. It is dochs fierste swier foar dy bern, alhiel nei 't Hearrenfean?” Afijn, it is foar ús ek Nijbrêge wurden. Dat skeelde ús goed twa oeren rinnen deis. Mar myn âlden hiene it der swier mei. Sjoch, dy kristlike skoalle, dy hjit net samar “bysûnder”. Dat hat in hiele striid west. Dêr hiene jo alles foar oer, doe. Se hiene op 't lêst de doopbelofte ôflein om har bern in de voorzeide leer te onderwijzen en te doen onderwijzen.’ Wer prúst er. En nochris. ‘Wer twa dagen moai waar,’ seit er sûnder erch, skoot de bril omheech en faget him de triennen út 'e ljochtblauwe eagen. Op syn linker revers glimt in griis klútsje.
‘Yn, lit ris sjen, '29, kaam ik op 'e ambachtskoalle. Trochleare wie der net by. In fak, timmerman, waard it. Foar heit wiene de han- | |
[pagina 19]
| |
nen wichtiger as de holle. Allinne Ulder krige de kâns. As iennichste. Dat wie in learder, kolossaal. It haad fan it skoaltsje op Nijbrêge hat noch in jûn te praten west om him hegerop te krijen. Hy learde troch yn Ljouwert, kaam thús mei sa'n filthoed op, in flambard. Dy Ulder koe him rêde. Hy is skoalmaster wurden. Afijn, ik op 'e fyts fan Kooistra's kofjebeane nei 't Hearrenfean. In jier of wat letter emigrearden Gerrit en Winand nei Amearika. Der gongen folle mear doedestiids, it wie in minne tiid, krisis en malêze, wy hiene it net rom, blinder nee, en dêrjinsen wie in goeie takomst, alteast foar lju dy't net fiis wienen fan swit en smoargens. Ik ha se nei de trein brocht. De boat lei yn Rotterdam fansels. Ik sjoch my noch dat perron wer ôfrinnen. Gerrit wie al yn 'e tweintich, foar nimmen benaud, in hurdenien. Hy hie fêste ferkearing, dat wie ien fan de slûswachter, Saapke, in aardich fanke. Se hie in blau en in brún each. In wike fan tefoaren seach se fan de emigraasje ôf. Maleur. Doe is er nei Gaits fan Dove Bartle fytst. Dy wie bang dat se oerbliuwe soe, dat dy woe wol mei... it skip yn.’
Hy heakket wer. It prústen liket oer. Mei syn wiisfingerneil klaut er in klútsje kearsfet út it plús fan it perske op 'e tafel en kielskrabet. Dan rikt er nei it kopke, bringt it nei de mûle en krijt yn 'e rekken dat it leech is. Wylst ik de kanne healje, prúst er nochris ynwindich en sprekt himsels ta: ‘No, blinder, Homme...’
‘Heit miste syn help. Hy hie Egbert noch, mar Ale en ik moasten nei skoaltiid yn 't spier mei melken en ferweidzjen. In hynder mocht ús net barre. Wy molken en meanden sels, alles mei de hân. In feint of mier wie net te beteljen. Yn '34 kaam ik fan skoalle ôf. Ik moast myn ynbring leverje. Mar nearne wie timmerwurk te krijen. Ik rûn alle bazen ôf, mar ho mar. Wat ik krije koe, naam ik oan, ha noch wiken sutele mei bôleguod. Op 'e bakfyts, oer Tsjalbert en Lúnbert. Doe by in | |
[pagina 20]
| |
boekhannel, wykblêden rûnbringe, dat wurk. Fia in freon fan Ulder, dy't yn it fakbûn siet, kaam ik op 't lêst yn Ljouwert telâne, by de bou fan it Roomske sikehûs. Trije jier sawat ha ik dêr wurke. Ik wenne by tante Brecht op 'e Skâns en fertsjinne yn it begjin fjouwer gûne yn 'e wike. Se woe fiif gûne kostjild ha, dus dat wie wat lêstich. Mar Aie siet dêr ek en dy die dy gûne derby.
Syn gesicht stiet harkjend. Mei de linkerhân knypt er foarsichtich yn it ferbângaas fan de rjochter. Pynlik skoot it oantinken oan syn lêste fal oer syn ferhaal. Falle, hy hat der in reputaasje yn opboud. |
|