Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

7

Ik siet foar it keukensfinster nei it weiteiende oerskot fan 'e snieman efterhûs te stoarjen. Hy stie, oanfretten troch de maitiid, ûnder de útrinnende apelbeam. Blyn en stom.

Hookstrooks hearde ik de klink fan 'e túndoar. Foar it finster ferskynde ús heit. Rûngear, de holle foardel as socht er wat. Doe't er by de efterdoar wie, bleau er in hoart stean. Tocht er nei? Hie er wat fergetten? Doe luts er him iepen. Ik fielde my fol kjeld rinnen. It sûze my yn 'e holle. Us heit kaam, lynjend op 'e kruk, de keuken yn, tilde de holle op en seach my. Syn gesicht wie witer as dat fan de snieman en it hie eagen. Hy stutele. De doar bleau iepen stean. Hy die de mûle iepen en dêr kaam wat út dat oer it kin rûn. Bloed. Ik ferstie wat er sei:

‘Maleur. Ik bin fallen.’

Underwilens glied er by it behang lâns en bleau op in protsje foar de drompel lizzen. Ik hie it gefoel dat er der net mear wie, yn dy klean dêr op 'e matte. Mar syn hannen stutsen derút en der kaam wer beweging yn. Hy wraksele himsels omheech.

 

De wurklikheid foel yn stikken útelkoar: in tobbe yn 'e keamer, bloed oan in handoek, ús heit mei iepenknope klean op 'e divan,

[pagina 21]
[p. 21]

ús mem dy't om dokter raasde, hinne en wer dravende minsken, útskroeven lúden, tante Elske dy't heit syn fuotten wosk.

En hoe't er fêstbûn waard en nei bûten droegen troch twa wite mannen, op in brankaar, nei de ambulânse. Nije, faaie wurden wjukkelen yn 'e keamer om.

 

De tadracht is fan letter. It tsjettelhûs fan it molkfabryk, fyftich meter fierderop, krige in twadde ferdjipping. Om boumateriaal op te takeljen, hiene se op 'e râne fan it platte dak in ynstallaasje makke fan trije juffers. Dêr boppe-yn moast in katrol ophongen wurde. Doe't ús heit by in ljedder opklom mei dat ding, skeaten de kilen ûnder ien fan dy peallen wei. De juffer glied fan 'e daksrâne ôf, de hiele brot kwakte op 'e stiennen en hy saaide der mei syn blok en ljedder efteroan. In fal fan mear as acht meter.

Jierren letter hie Jouke Driuwer, de stoker, it ferhaal noch op syn kroechrepertoire:

‘Hy ropt ek noch: “Tink 'erom!” Ik sjoch him sa oan dûken kommen, tusken dy balken. Homme dondert dêr op 'e dyk, ik tink dy is hartstikke dea. Komt er my dêr ynienen oerein, op hannen en knibbels. Hy sjocht my oan, in kleur as in smoarch himd. Wy steane om him hinne, nimmen dy't wat docht. Homme sels seit ek neat, hy snúft wat, spuit in mûlfol bloed út en set op hûs oan, bytsje slingerje, as hie er him om.’ Jouke sakke fan 'e barkruk, skaaide om him hinne en makke in pear brike stappen by wize fan taljochting. Dan gong er wer sitten, naam in swolch bier en sei: ‘Leaust it net ast it net sjoen hast.’

♦

Doe't dokter Dikman yn de gong stie, rôp ús mem út de keuken: ‘Earst by my komme, earst by my!’ Hy liet har roppe en stode de keamer yn.

Letter skamme se har ta de teannen út. Se hie har ôfjûn wylst ús

[pagina 22]
[p. 22]

heit as in bline by it lewant lâns skode oant er kroanjend op de bank yn 'e foarkeamer delsiigde.

‘Ik koe der neat oan dwaan, ik stie hielendal te skodzjen, hie it sa benaud. Ik tocht dat ik smoarde.’

 

Hy hie syn skouderblêd en -bonke, en de lofterearm brutsen. Fierders allerhande kniezen. De hiele ribbekast wie út it stee.

Op syn minst twaris yn 'e wike gong ik mei mem nei Ljouwert, it Sint Bonifatiushospitaal, by him op besite. In stjonkende busreis fan trije kertier. Doe't der in kear gjin spuikladden wiene, braakte ik yn it komke fan myn hannen. Mem skaaide senuweftich yn har taske om. Yntiid rûn it my by de mouwen yn nei de earmtakken. Ien efter ús sei:

‘Sjoch no ris oan, dat stumper.’ Doe pas begûn ik te gûlen.

 

Yn myn ûnthâld reinde it dy seis wike oan ien tried wei troch en bestie de einleaze wei fan it stasjon nei it sikehûs út brike en losse tegels. Ut en troch, ast op sa'n wipstien staptest, spuite dy smoarch wetter by de skonk omheech. Troch de gongen fan dat gebou skeuvelen kreupelen, melaatsken en dwylsinnigen. It rûkte dêr nei de dea. Mem sei dat it lysol wie, foar de hygiëne. Ik ferstie hyena, hold my de lea wurch dat dat rôfdier om 'e hoeke giselje soe.

God stie út 'e fierte wei helpleas ta te sjen. Doe't ik dy earste kear sei hoe freeslik ik it dêr fûn, antwurde se:

‘Heit hat dit sikehûs sels boud, foar de oarloch.’

Ik befrear. It hearde as flokte se. Us heit, ferantwurdlik foar dizze helle!

 

Se luts my mei, de betonnen treppens op, de graniten gongen troch, en dêr lei er, by it finster, mei syn liif yn in tinte. Syn hân waard yn in knikkertponge omheech holden. Dat tou rûn oer in katrol mei in wicht oan it fuottenein. Syn mûle wie wytferve. In trochsichtich slankje út in flesse dy't op 'e kop hong, waard wei ûnder pleisters op syn earm. Us heit wie de haadrolspiler yn in

[pagina 23]
[p. 23]

benearjend toanielstik dat elk momint begjinne koe. Ik woe fuort. Hy draaide my de holle ta en wonk mei ien finger fan de hân dy't neist him op 'e wite tekken lei. Mem treau my op him ta. Hy lústere:

‘In wûnder, jonge!’

Der wie in soad wyt yn syn eagen. It blau siet foar de helte ûnder de eachlidden. Even letter luts er de boppelippe op en sûge lucht op, tusken de tosken troch. It hearde as in lek. Wy bleauwen noch tiden sitten. Mem sei net folle, har lippen preuvelen wat. Oan oare bêden sieten minsken trochinoar te praten. Mem streake dy iene frije hân. Ik seach in each fan ús heit. De eachbol draaide no alhiel ûnder it hingjende lid. Se lei in finger op har lippen. Har wangen wiene read en plakkerich.

Doe't wy tusken dy ûngelokkige frjemden troch de seal útpykten, seach ik noch ien kear oer it skouder. Us heit stuts in wite fûst op. Mar hy hie de eagen ticht.

 

‘Sjoch mar efkes nei de loft!’ sei ús mem altyd as ik skriemd hie. ‘Dan wurde dyn eagen wer blau en helder.’ Ik seach faak nei de loft. ik wie der wis fan dat it holp, ek as it reinde.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken