De bewaarskoalle stie oan deselde strjitte as ús hûs, de Tsjerkestrjitte. Healwei wie it earmhûs. Dêr wennen de gefaarlike mannen. Faak lieten se hast gjin romte op 'e stoepe. Oene, dy't net prate koe en yn syn karre nei foaren en tebek siet te swaaien mei de mûle wiid iepen en de holle bryk, Popke, dy't my altyd kjel makke troch ‘boe’ te roppen as ik foar him lâns rûn, en Grul, dy't op in middei ynienen foar my stean gong en sei:
‘Hâld do de hân mar ris op, jonkje, do krijst wat fan my.’ Hy liet syn tichtknypte fûst sjen, ik seach de ieren op syn hân. Krekt sike wjirmen.
Ik woe neat fan Grul ha, mar ik hold lykwols myn hân op. Hy lei der in smoarge klute promtabak yn, dy't noch waarm wie om't er him krekt efter de kiezzen wei helle hie, en doe lake, nee, bile er as in hûn. Syn siken stonken nei deade fûgels. Syn tosken liken wol ôfbrutsen griffels. As baarnde ik my, sa gau liet ik de triedderige brot falle.
‘Wat sill’ wy no ha?, rôp Grul heas. ‘Meisto gjin lekkere prom?’ Hy ferslokte him yn syn byljen. Popke raasde: ‘Jajajajaja, lekkerlekkerlekker.’ Oen swypke wyld foar- en efteroer. Syn karre pipe en kreake.
It wurd prom bleau stjonken en kleevjen. De giele en blauwe fruchten iet ik tenei erchtinkend, prommesjem mocht ik net.
En altyd stuts ik foar hûs oer de dyk en gong oan de oare kant by it earmhûs lâns. Ik rûn hurd, der leine losse stiennen en der sieten gatten yn 'e grûn. De gefaarlike mannen seagen my. Soms stroffele ik. ‘Ho,’ rôpen se dan en klapten yn 'e hannen en sloegen har op 'e knibbels. In kear foel ik mei de mûle op in stien, dat de klap my trochsong yn 'e holle. Ien fan 'e foartosken wie brutsen en der siet my bloed op 'e trui. Mem gûlde fan 'e skrik ear't se my treaste.
De boppelippe, dy't net mear fan my like, sette op, de binnenkant kaam nei bûten en krolle tsjin de noas oan. De spegel luts in duvelsgesicht nei my.