Sa't it iis al foar de boech kreaket en skoddet, sa hearde ik de wurden ear't hy dêr oan ta wie. Ik koe him altyd in sin foarbliuwe, mar fersinde er him, of naam er in ûngebrûklike pauze, dan wist ik it ek net fierder, oant er de tried wer opkrige. Al ha ik se tûzenen kearen heard, ik ken syn tafelgebeden net fan bûten.
Ik nim him it boek út 'e hân.
‘Romeinen 8, fan fers 18 ôf.’
It heart as kundige er de tekstlêzing yn tsjerke oan. Mar dan soe er it yn it Hollânsk sein ha, en dêr efteroan: ‘Wij noemden u, broeders en zusters, de brief van Paulus aan de Romeinen, het achtste hoofdstuk, te beginnen bij het achttiende vers, waar de apostel schrijft...’ Hy wie ‘wy’ achter dat buordsje. God en ik. Ik soe it haadstik foar in grut part út 'e holle opleppelje kinne.
Want ik ben er zeker van dat het lijden van de tegenwoordige tijd niet opweegt tegen de heerlijkheid die over ons geopenbaard zal worden. Want met reikhalzend verlangen wacht de schepping op het openbaar worden der zonen Gods.
Mei dat ‘reikhalzend verlangen’ fan 'e skepping hie ik as bern gjin muoite, wol mei dat ‘openbaar worden’. Dat wurd hearde by de iepenbiere skoalle, by de grouwen. It koe dochs net de bedoeling wêze dat de soannen fan God...
‘Openbaar betsjut ek: sichtber,’ sei ús heit.
‘Binn' de soannen fan God dan ûnsichtber?’
‘Se ha in boadskip dat se iepenbierje moatte, se moatte tsjûgje, dus frijmoedich mei de apostel sizze kinne: Ik schaam mij het evangelie niet.’
Ik frege net fierder, al bleau ik mei it ferfelende gefoel sitten dat de heidenen eat hiene dat wy noch bemasterje moasten.
...en die Hij tevoren bestemd heeft, dezen heeft Hij ook geroepen; en die Hij geroepen heeft, dezen heeft Hij ook gerechtvaardigd; en die Hij gerechtvaardigd heeft, dezen heeft Hij ook verheerlijkt.’
It net te befiemjen riedsbeslút fan de útferkiezing. Alles is foarbestimd, leit al van de grondlegging der wereld ôf fêst.