It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 49]
| |
op achtentweintich graden. De ruten binn' foar de helte beslein. De lucht dy't hjir hinget, mei no sûnder mear stank hite. Ik draai it reade pylkje op tweintich. ‘Hea, hjir is it teminsten smout,’ grommelet er tefreden efter my. Syn bril krijt op slach matglêzen. Ik sit wer foar him oer en eagje troch de keamer. Loperkes, antimakassars, kleedsjes, pleeds, batik- en woarteldoeken, gerdyntsjes, borduerlapen - op 'e kastjes, oan it lewant, fan wol, plús, linnen, katoen, side, nylon - knope, weefd, breide, haakt. Op it keamerbrede fêste tapyt drapearde ús mem losse karpetten en matsjes yn útienrinnende kleuren. Se klaaide de leefromte waarm oan. Se hold ek fan siden en plestiken blommen. ‘Tankber,’ neamde se dy. En de kleedsjes ‘smûk en gesellich’. It is der allegear noch, mar it docht no oan as in benearjende fermomming.
Us heit hat sûnt koart, bûten de thússoarch, in wurkster. Ien kear yn 'e wike, op woansdeitemoarn, docht frou Tapper de hiele boel. Stofsûgje, meubels ôfnimme, glêzen himmelje, pjuts gloar yn de húskepot. It rûge wurk. Yn 'e keuken docht se gjin doarke iepen, bin ik bang. Syn hier is te lang net wosken en knipt. It is plakkerich en smoarch griis. De wite plasse skimert dertrochhinne. Ik sjoch dat der net folle mear oer is fan it bantsje en draai it om. ‘Witst it mar nea, yn dit ûndermaanse,’ mimert er, ‘mar ik libje wol op alle dagen sa fier is 't hinne. Dêrom bin ik fansels ek sa mei it ferline yn 't spier. De takomst... dy kin ik wol ferjitte.’ Nettsjinsteande de blessuere wriuwt er no dochs syn blauwige hannen tsjin elkoar oan as stie er se te waskjen: ‘Wetterkjeld. Dy giet dy yn de bonken sitten. Jou my mar in pear graden froast.’ Hy snúft nochris en taast wer nei de bûse. ‘Wêr is myn... Afijn. Wêr wiene wy bedarre.’ Hy jout him del, strykt mei de wiisfinger oer de noas, dan mei de hân derûnder lâns, dat dêr in slakkespoar op efterbliuwt, en docht de eagen ta. ‘Heit hie mem krekt troffen. Doe bruts de oarloch út.’ Ik druk de | |
[pagina 50]
| |
start- en opnimknop yn en rin nei de sliepkeamerskast. Hy lit it barren syn gong wer gean.
‘Ja, mem... Ulder siet ek yn it ferset. Dy regele wat foar my yn de polder, sa koe ik de arbeidstsjinst ûntrinne. Hiele doarpen moasten dêr boud wurde, Rutten, Creil, Espel... In kolossaal krewei. Wy dolden dêr komplete skippen út 'e grûn dy't dêr eartiids fergien wiene. Wy wurken eins op 'e seeboaiem. Se hiene it wetter fuortpompt en de skiednis wie wer oan it ljocht kommen. |
|