It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
skonken útinoar efterhûs ûnder de âlde apelbeam. It is in sinnige dei. It liket as ropt er laitsjend wat. Syn noas smyt in skaad oer syn lofter mûlshoeke. Opfallend is de ûnregelmjittigens fan syn gebit. De foartosk dy't by him tebek stiet ha ik ek yn 'e mûle. Syn boufakkershannen omklamje in pear skonkjes, mines. Ik sjoch it oan it broekje mei de borduerde lytse boksen. Ik ha de hantsjes gear ûnder syn kin, krampeftich liket it, mar dat falt net te bewizen, want boppe syn opwaaiend hier en myn skouder is myn holle ôfsnien troch it wite kartelrântsje. Ik wie ferbjustere. Us heit, dy't dêr deabedaard te laitsjen stiet mei syn ûnthalze soantsje op 'e skouders. It kaam net by my op dat ús mem dêr eat mei út te stean ha koe. Dy foto hie net bestean mocht. Hy foarme it bewiis fan de ferriederlikens fan de wurklikheid. Mar ik ferskuorde him net. It like dêr te let foar.
Op in middei, wy sieten yn 'e foarkeamer, die er my noch in wûnderke foar: ‘Hessel, moatst ris sjen!’ Hy luts it jaske út, skode in pear stuollen oan 'e kant, naam in koart oanloopke en stie in momint letter op 'e hannen, wylst syn hakken heech tsjin it behang bûnzen, flak neist it skilderij mei de mûne. De glêzen yn it teemeubel rinkelen. De boksen sakken omheech by syn spierwite skonken lâns, it hier hong him rjochtop tusken de earmen en syn laits stie ferkeard om. Ferbjustere beskôge ik myn ûnderstboppeste heit en bruts yn triennen út. Hjir hoegde gjin foto fan makke te wurden. Wat ik seach, beselskippe de ûnútwisbere bylden yn myn ûnthâld. As wie it noch net moai genôch, begûn er op my ta te rinnen, twa trije stappen op 'e hannen, wylst de fuotten boppe him hinne en wer weagen. Doe ferlear er it lykwicht en foelen de skonken droanend werom op 'e grûn. Hy kaam wer oerein en lake. ‘Dêr hoechst net kjel fan te wurden, Hessel, dat learsto letter ek wol.’ Ik skodholle. Hy koe dingen dy't ik net leare woe. |
|