ús wenning holpen. Wy ha in goed healjier ynwenne oan 'e oare kant.’
De oare kant. Dy wurdt makke troch de rivier dy't it doarp yn twaen snijt, de Boarn. Wie der eat datst foargoed ferdwine litte woest, dan seist: ‘Ik goai it yn de Boarn.’
De rivier wie folle mear as streamend wetter.
Pake en beppe wennen op de lege noardkant, dy't sûnt minskeheugenis ‘Weaze’, slyk, hjit. Wy oan 'e terpkant, dy fan 'e tsjerke en de skoalle. Sy mei it gesicht, wy mei de rêch nei it wetter.
‘Mem oan 'e oare kant, tink?’ frege heit faak as er om fiif oere thúskaam. Alle moarnen flocht se de frissel yn it hier fan beppe, en knope har it ‘kesjet’ om, alle middeis dronk se dêr tee en harke nei rie. En faken wie se dêr ek as se thús troch it rút stoarre.
‘Dy wike foar de kream holden se dus dy razzia. Wacht, ik moat even wat kwyt...’ Hy komt muoisum oerein en rint nei de doar. Ik druk op ‘stop’.
♦
In goeie baas. Noch op hege jierren kaam De Murk út en troch foar ‘in bakje’. Us mem moast altyd in keukenstoel foar him helje. Hy woe rjochtop sitte.
‘Loaie stuollen meitsje loaie minsken. Sitst op 'e rêch yn dy dingen fan tsjintwurdich. Ik ha it net sa op it leauwe, dat witst wol Homme, mar ien ding moat ik tajaan: it meubilêr yn tsjerke is yn oarder, dat hâldt jin heaks.