It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 59]
| |
nei't se it lân meand hienen. Ik hie ferlet fan froast, om ride te kinnen. It betsjutte yn it Hollânsk wat oars, neffens ús heit. Yn dy taal wie it eat dêr't jo lêst fan hiene. Koest net mitselje mei beferzen speesje, en net timmerje mei ferklomme hannen. Mar mochtst dan wurktiid kwytreitsje, dy kaam altyd as frije tiid werom en dat makke sa'n ferlies dûbeld en dwers goed.
Wy gongen te riden, ús heit, ús mem, en ik. Ik wie seis en krekt los fan 'e stoel. Hy helle de flaggestok fan de fliering en knope, as wenst, myn houtsjes rotsfêst ûnder myn gympys.
‘Redens moatte stevich sitte,’ sei er altyd. Ynearsten die alles sear, de fjouwerkante fiters skrynden my op it krop en de skinen lutsen pynlik strak. Nei in skoftke fielde ik allinne noch stivens. Jûns stutele ik dan op gefoelleaze stompen op hûs oan. Op in kear wiene de hannen my sa ferklomme en de fiters sa hurd beferzen dat ik op 'e houtsjes thúskaam. Hy skuorde se los, loerde mei in skean each oer de izers en stjoerde my nei boppen. Oft ik soms tocht dat redens neat kosten. Mem stie skodholjend yn in hoeke fan de keuken, mar se sei neat. Ik luts my traach de triemen op. De fuotten priken my. In kertierke letter kaam se mei in waarme krúk yn in âld sokke fan heit en liet my noch it jûnsgebedsje sjonge, mei as wichtichste kûplet:
't Boze dat ik heb gedaan,
zie dat Here toch niet aan;
schoon mijn zonden vele zijn,
maak om Jezus' wil mij rein.
It hie in stik of fiif kûpletten en einige mei:
Als 'k mijn oogjes open doe,
straalt uw zon mij vriend'lijk toe.
| |
[pagina 60]
| |
Doe't ik tsjin ús heit sei: ‘Yn myn gebedsje is it altyd moai waar,’ knikte er. It like wol as libbe hy altyd yn gebed. Min waar bestie net foar him. Ek út in sniestoarm striele Gods sinne ús freonlik ta.
‘Heit bedoelt it goed,’ sei mem.
Hy ried foarop, de stok flak efter de reade knop yn 'e fûst. Mem, mei in nuvere swarte lange broek oan, hold it efterein beet en ik hong tusken har yn oan it oksel. Earst slingere ik wyld hinne en wer. Gjin balâns. In draak mei te min gers oan 'e sturt. In knal galme yn 'e djipte. Troch de swarte iisflier skeat in wjerljocht dy't sichtber bleau. Ik seach ferheard om. Mem luts strak. Nochris tongere it ûnder ús. De grize gong my oer de grouwe: ‘Nei de kant heit! It iis hâldt net!’ Hy feroare him der net om. ‘Neat te rêden. It kreaket fan sterkens!,’ rôp er oer 't skouder. ‘Ien, twa, ien, twa. Wy moatte yn de slach komme.’ Nei in skoftke dine ik mei op harren weagjend ritme, ik hie it gefoel oft ik hinkele, sa lang stie ik op ien skonk. Hy sakke by elke slach djip troch de knibbel en seach net om. Ik koe oan syn rêch sjen hoe earnstich er foar him út stoarre. Op útroppen fan mem reagearre er net. It lûd fan 'e izers op it ribbelige iis en de wyn yn de reiden klonken as muzyk. De flaggestok makke it suver feestlik. Krekt op it stuit dat de sensaasje fan de sânmylslearzens út it mearke my troch de lea luts, heakke myn reed yn in skuor. Ik ferlear myn hâld, de stok skeat mem út 'e hân en ik tûmele yn 'e beferzen snie op it iggesnileguod. ‘Godferdomme!’ rôp ik, of eins rôp de skrik it. Ik hie op 'e bewaarskoalle, dêr't fersmitenen en ferlosten noch troch elkoar hinne sieten, in freontsje, Sipke. Sipke syn mem flokte al as se by it breidzjen in stek falle liet of as se de brievebus | |
[pagina 61]
| |
klepperjen hearde. Mei God en meastentiids ek de Heare Jezus derby, dy't se ‘Jees Kurristus’ neamde. Ik frege ús heit oft Sipke wol yn de himel komme koe mei sa'n mem, mar in inkelde kear, as ik slim skrok, lykas no, fernaam ik ta myn besauwing dat de slimste flok my samar ta de mûle útkaam. In skuorrend lûd klonk. In ljochtsjende fontein spuite ûnder de reed fan ús heit wei. Hy kearde him om, kaam op my ôf. Yn in pear flymjende streken wie er by my. ‘Homme!’ raasde mem. Dêr stie er. De flaggestok wie yn in kneppel feroare. De mûle stie as in barst yn syn ferlutsen gesicht. Ik dûkte yn elkoar, wachtsjend op 'e slach. ‘Noch ien kear sa'n godslastering en ik skóp dy nei hûs!’ De driigjende krol fan syn trochrinner wie flakby. Noch in hoart bleau er sa stean, lang genôch om nea wer te ferdwinen. Doe luts er my oerein, mem kloppe my de snie fan de klean en wy besochten om wer yn 'e slach te kommen. |
|