en waard it al gau dizenich fan it houtstof. Ik hold earbiedich ôfstân en rôp: ‘Tink derom, heit!’ as syn bleate hân te ticht by it frettende stiel kaam. Hy hearde it net. Sette er de masine út, dan foel sa'n djippe stilte yn 'e romte dat ik net mear wist hoe lûd ik prate moast. Soms wie myn stim hiel lyts en soms fierste grut.
Alle spinreagen yn 'e hege romte wiene troch it seachmoal goed sichtber, krektlyk as yn in hage nei in dampige nacht. Winterdeis fleagen der mosken yn om, dy't it bûten fansels ek te kâld fûnen.
Hy wie sterk. Foar in lange, swiere balke, socht er it lykwicht op it skouder en dan tôge er him fan de opslach nei de seachmasine ta.
‘Hoe kin heit dat?’ frege ik.
‘Dat sil ik dy jûn sjen litte,’ antwurde er heimsinnich.
Doe't wy it iten op hienen en ik him syn belofte yn it sin brocht, luts er syn boksebaitsje en boesgroen út. Yn it himd mei koarte moukes siet er foar my, mei ôfgryslik wite earms. Hy rôle in fûst op en brocht dy stadich nei syn gesicht. Op 'e boppe-earm woeks in wite, grouwe bulte fol ieren. Ik hie op skoalle in plaatsje sjoen fan in slang dy't in bigge opslokt hie. Dêr like it op. Ik wie ferstuivere. It wie krekt of seach ik wat dat net mocht. Doe die er it mei beide earms tagelyk. De nekke waard him ek grou. De mouwerântsjes spanden stiif om dy spierballen. Hy seach der om bar nei en sei mei de kiezzen opinoar:
‘Dat binn' biseps. Miskien wol it wichtichste ark foar in timmerman.’