It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 63]
| |
Op it bouterrein stie in húske mei in tûne ûnder it rûne skytgat. Myn keutel foel en ik fielde spatten tsjin 'e billen. Offeie moast mei stikken krante. Doe't ik nei bûten woe, koe ik de doar net iepen krije. Ik siet opsletten. Boppe yn 'e doar siet in iepeninkje yn de foarm fan in hert, te lyts om it tsjuster te ferdriuwen. De stjonklucht snijde my de siken ôf, ik tocht dat ik smoare soe en begûn te gûlen en tsjin de doar te slaan en te traapjen. Ik skreaude oant ik gjin stim mear hie. Nei in ivichheid hearde ik de skoattel fan 'e doar striken en oerspielde my in floedweach fan ljocht. Daliks luts pine my troch it gesicht: ús heit knypte myn wang tusken syn tomme en wiisfinger. ‘Bisto no hielendal net tige? My dêrfoar alhiel fan it dak ôf komme te litten? Dat moatst my net nochris lappe, dat gebalt. Begrepen?’ Ik seach syn grammitige eagen, syn hân, en makke my lyts. Mar hy struts my oer de holle en sei mei in oar lûd: ‘Net sa gau oerstjoer, Hessel. De jonges woene allinne mar in grapke mei dy úthelje, se hiene dy hjir wier net sitte litten.’
In pear wike letter siet ik by him op it pakjedrager mei de earmen om syn mul en harke nei it kletterjen fan de klinkerts fan de Prikkedyk. Ik liet myn lûd lekker meisidderje. Ik hearde fûgellûden - de ljip en de skries, oanstellers, neffens ús heit, om't se har eigen namme yn it Hollânsk rôpen. De waarme dei rûkte nei krekt meand gers. Ynienen wie it as batsten wy tsjin wat ûnsichtbers oan. Ik skeat fol pine, in pear hege toanen skrillen op, de fyts skode fan 'e dyk ôf, wy rekken yn 'e berm en foelen om. Ik siet fêst en seach myn lears frjemd draaid beknypt sitten tusken de speaken en de stange fan it pakjedrager. Ynearsten hie ik gjin lûd om te gûlen. Mei geweld moast heit it eftertsjil werom draaie om myn foet frij te meitsjen. Hy hime. Hurd luts er my de lears út en myn knibbelhoas. Oer it ankel rûn in blauwe streek dêr't lytse dripkes bloed op sichtber waarden. De pine wie fuort, mar as ik net seach myn foet ek. | |
[pagina 64]
| |
‘De foet is dy dôf,’ sei ús heit. ‘Heart er de pine dan net?’ Hy sei neat, bûgde in brutsen speak om in oaren hinne. Op 'e lears yn it gers siet in wite skulferige groede, deselde streek as op myn foet. Hy treau de knibbelhoas deryn en die him yn de fytstas. Doe tilde er my foar him op 'e stange en sei: ‘Wy litte dokter der even nei sjen.’ Under it riden fielde ik hoe't myn bleate sweevjende skonk begûn te harkjen nei de strjitstiennen, stik foar stik, in sjongende pine dy't út 'e fierte oan hippeljen kaam. Ik hie neat brutsen, mar foet en ankel swollen kleurich op. Wol in wike koe ik der net op rinne. Hy sette my op de hânkarre tusken stowende sekken semint en steapels rûkend hout en ik hie wer de rêchbonke fol gedinder. |
|