31
Opskriljend út 'e dize fan eartiids, sjoch ik dat er al mear as tsien minuten fuort is. Krekt as ik oerein komme wol, hear ik de húskedoar piipjen, en dan syn slofkjende trêden op 'e gong. Hy komt der wer yn. De broeksriem sit draaid, de gasp efterstfoar.
‘Sa, dat is better.’
Hy sykhellet snuvend.
‘It wurdt hjir kâld, docht dy ferwaarming it wol?’ Hy bûcht him nei de termostaat en draait oan 'e knop.
‘Wol heit him net leaver wat deljaan? Dat dollen yn it ferline mêdet ek ôf.’
‘Watte? Dolle yn it... och nee ju, hoe komst derby. Kom, wêr wie ik.’
Wy krije de tried wer op. Ik lit hearre wêr't wy bleaun wienen.
‘...oan ús wenning holpen. Wy ha in goed healjier ynwenne oan 'e oare kant...
Dy wike foar de kream holden se dus dy razzia. Wacht, ik moat even wat kwyt.’
Us wenning. De gebedsferhearring. Frijsteand, grize kalksânstien dy't eartiids wyt west hie, mei in reade sierrâne. Goedkeape stien, neffens ús heit. Koest mei in spiker dyn foarletters yn 'e muorre skriuwe. Yn 'e hûs klonk dat dan as skrabe immen him fûl de kiel. De foargevel hie in erker mei in heech puntdak. Tsjin 'e ûnderkant fan in dwersplankje nustelen alle jierren swellen. Der wienen ek twa dakkajuten dy't wat wei hienen fan tuorkes, en twa sinken sierpunten op 'e naald. Us mem fertelde:
‘Ik wie as bern al fereale op dat hûs en doe't yn it lêste oarlochsjier widdo De Roest kaam te ferstjerren, ha heit en ik derom bidden.’ Se hienen fansels gjin sint, pake Sjoerd moast boarch stean. Mar doe krigen se te hearren dat immen it al kocht hie. Foar seistûzen gûne.