Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

35

Ik wie as beuker banger foar Sinteklaas as foar swarte Pyt. Der skûle mear yn Sinteklaas. En wat moast er mei dat boek? Ik hie begrepen dat dêr alles oer elk yn stie. Hy wist mear oer my as iksels. Dat bern seine dat Sinteklaas net bestie, makke it allinne mar slimmer.

Doe't er op it hynder moast, hearde ik swarte Pyt sizzen:

‘Kalm oan, sjoch, hjir dyn foet, Meine!’

Meine? Wie dat de foarnamme fan Sinteklaas?

Unleauwige grutteskoallebern diene my te witten dat ûnder tabbert en miter de sliter ferburgen siet, de buorman fan myn neefke Swarte. Sinteklaas bestie dus wol deeglik. Hy hiet Meine Terpstra.

 

Op in simmerske middei boarten wy yn 'e eftertún fan Swarte weikrûperke. Ik brocht mysels ferside yn 'e hege ligusterhage. It rûkte der nei tongerblommen, de salamanderrook. Ik wie net te finen. Fier fuort hearde ik ien sjongen:

 
Blijf zitten waar je zit en verroer geen lid
 
want de jager is op jacht en hij ziet je niet.

Dat it yn it Hollânsk wie, makke it spannender. Fuotstappen kamen tichterby oer it paad yn 'e tún fan de buorlju. Deun neist my bleauwen klompen stean en dimmene lûden klonken. Efkes bûgden de knibbels troch en skonken skoden in eintsje útelkoar. Ik koe dy iene klomp, dêr't de giele ferve en de swarte streken sawat hielendal op weisliten wiene, sa oanreitsje. Doe seach ik boppe my, op in ôfstân fan minder as in meter, in iepen gulp fan ferblikt mansjester, trije glânzjende knopen, en in meagere hân, dy't in grize woarst fêsthold. In pearse ikel stuts heal út syn ronfelige kraach.

[pagina 75]
[p. 75]

Unferhoeds spuite der in giele striel út, dy't flak foar my yn de grûn klettere. Ik fielde spatsjes op myn bleate earms. It skom dampe.

De kul fan Sinteklaas, tocht ik. Ik sjoch de kul fan Sinteklaas. En wat ik fiel en rûk, hat neat mei salamanders te krijen, it is de pisse fan Sinteklaas.

It hie my sa yn 'e besnijing dat ik der net mei myn freontsjes oer prate koe.

 

Doe't ik letter by in partijke fuotbaljen ris in foarset miste, rôp in jonge:

‘Jim heit hie dy ek better yn 'e hage mige kind!’

Ik begriep him net, mar dalik seach ik dy striel wer. Blijf zitten waar je zit en verroer geen lid.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken