14
De rekorder draait wer. Wy begjinne by Jan de Murk.
‘Dy hat, as in stik ark yn Gods hân, myn libben rêden, sis mar, al moast er neat fan de tsjerke ha. Hy siet by de ûndergrûnse.’
♦
Us heit naam my mei nei it plak yn 'e Lege Midden dêr't yn febrewaris '44 in Britse bommewerper ûnderweis nei Berlyn delstoarte. Yn it lân wie noch altyd mei stikeltried in hoekje grûn ôfset en se hiene der ek noch in sleatsje omhinne groeven. De boaiem wie read fan izeroer. Mochtst dêr net komme. Der koene noch blyngongers lizze.
‘It fleantúch hat him hjir yn de sodzige grûn boarre. Der sil wol net folle fan oerbleaun wêze, mar it is noait opgroeven. It moat troch de Dútske loftdoelartillery op It Fean rekke wêze. Ik wit it noch krekt, it wie op in sneontejûn. Tafallich wie ik thús. Ik wurke doe yn 'e Noardeastpolder.’
Hy beskreau mei syn wiisfinger in bôge troch de loft.
‘Wy hearden it oankommen, it jankere as in oansketten dier, it fleach oer it doarp, amper heger as de toer. De sturt baarnde as in fakkel. Ien fan de piloaten wie al dea, de twa oaren binne der noch krekt op 'e tiid útsprongen. De klap en de fjoerkolom wiene kolossaal. Se ha de mannen net fûn. Nei't grute wurdt, drage de boerinnen hjir yn 'e omkriten noch altyd ûnderguod fan parasjuteside.’ Hy wreau him by de noas lâns. ‘Fia ien fan 'e boeren is in boardskutter by De Murk telâne kaam. Dy hold him omtrint twa moanne ferburgen yn 'e wurkpleats. Dat