skeat dy't him troch de plasse boarre. It dier moast fêstbûn wurde, geregeld aksele it út alle macht tsjin of wie it nei it skot net daliks dea. De slachter koe dan de sprongen yn deadsneed amperoan ûntwike.
Hy hie der in feint foar, Rinze Bult, in lyts mantsje mei in bochel, sa heech, as groeide de holle him út it boarst. Knyft fertelde ris hoe't in dûme bolle dwers troch de doar bruts en Rinze op 'e hoarnen naam. De man waard alhiel ferrinnewearre ôffierd nei it sikehûs. Eigen skuld, dikke bult, kaam yn my op.
Wy stiene wolris bûten mei te sidderjen op it lûd fan 'e flokkende slachter, it skrille brinzgjen fan it hynder, it kreakjen fan 'e touwen en it skrabjen en slaan fan de hoeven op it beton, mei as hichtepunt de fatale knal. Dan foel in stilte dy't mei rjocht djip hjitte mocht. Dêrnei gongen de doarren iepen en sei Knyft tsjin 'e feint: ‘Sa, dy is aardich rêstiger no.’
Hy pakte in flymskerp mes út in rak, fike mei ien ielflugge haal de hals iepen en in dûnkerreade stream spuite walmjend yn 'e groppe. It fierdere wurk krigen wy net te sjen.
Doe't ik der thús ferslach fan die, noch swier ûnder de yndruk, reagearre ús heit koart:
‘Hile Knyft? Dy man hat hichtefrees.’
Ik foel stil, begriep it ferbân net.
‘Ik ha him ris fan it dak helle. De man klamme him oan 'e skoarstien fêst as wie it syn mem. Hy wie folslein fan 't hynder.’ Wylst ús heit de fyts út it hok luts, frege ik my ôf oft dy hichtefrees ek wat te krijen hie mei it feit dat Hile ien ‘út 'e weareld’ wie. Hy kaam nea yn tsjerke.
Nei in ûnwaarsnacht kaam ik mei myn neefke Sjoerd Brune by de needslachting lâns. It wie noch gjin skoalletiid. Op it beton foar de doar lei in deade ko, de poaten stutsen harkerich de loft yn. It dier die my tinken oan myn houten hynderke Kedde.
It woe my net oan dat it troch de wjerljocht deaslein wie. Nearne wiene skroeiplakken te sjen. It rûkte ek net branderich. Alles