It ferset
(2004)–Harmen Wind– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 117]
| |
útjefte fan Jezus dy't de bern seiniget - it barren dat yn betonizer njonken de yngong fan ús skoalle hong - in soldaat yn it gers, mids in kloft bern dy't mei Hachjes swaaie. Oan 'e platte helm koest sjen dat it in Kanadees wie. Ik fûn him wol wat op ús heit lykjen. Op 'e oare kant stie in wapen mei oranje liuwen en de tekst JE MAINTIENDRAI. Ik frege master wat dêr stie. Hy spruts it nuver út en sei dat it Frânsk wie en ‘Ik zal handhaven’ betsjutte. ‘Je is ik yn 't Frânsk.’ Dat like my lêstich. ‘En handhaven is: bewarje, soargje dat eat sa bliuwt.’ Doe't ik witte woe oft dy ‘ik’ de soldaat wie, wat er sa hâlde woe, wêrom't er dat yn it Frânsk sei en hoe't it op ús befrijingsbekers telâne kommen wie, seach er op syn horloazje: ‘De frede, Hessel. It giet om it hanthavenjen fan 'e frede. Mar no de rekkenboeken op 'e tafel, wy binne al fierste folle tiid kwyt.’
Op it draakfleanderslantsje diene se tusken hege wapperjende flaggen folksspultsjes. It wie de earste kear dat ik ús heit oan in wedstriid meidwaan seach. Mei in grize bargebongel oan ien skonk bûn, sprong er dêr om, mei noch in stik of tsien oare manlju. It publyk siet der op striebalen omhinne. Se moasten elkoars bongel stikken traapje. Wa't him as lêste hiel hold, hie it wûn. De mannen balten en himen. Hetty, de hûn fan buorman Vos, blafte dat it sta sei en die út en troch ek in útfal nei in skonk. No en dan klonk in knal en wie der wer in slachtoffer fallen. Reade Kobus rôp efter út 'e kiel: ‘Godfergémy!,’ en ús heit bleau stokstiif stean om him oan te sjen. Ik moast dalik oan it reedriderstochtsje tinke, de driigjende flaggestok, ‘ik skop dy nei hûs.’ Kobus krige in kaam en dûkte tusken twa keardels troch nei de oare kant fan it fjildsje. Minne Sûch griep syn k âns: mei beide klompen tagelyk sprong er op ús heit syn blaas. Dy like troch de knal rekke as in hazze troch | |
[pagina 118]
| |
in skot hagel. Hy ferlear syn lykwicht en dûkte foaroer yn in baal strie. Elkenien lake ferskriklik en raasde as in gek. Minne skreaude: ‘Ferdomme, do bist nei gychem Homme!’ De minsken skatteren. Hjir en dêr rôp immen: ‘Ferdomme Homme!’ Se geiden it út fan 'e wille. Jabiks Jel smoarde der hast yn en pipe: ‘Ik h âld it net mear, ik hâld it net mear, ik bedoch my!’ Hetty blafte. Us heit kaam oerein en betaaste syn foet. Hy wie ynwyt. Dat kaam mear fan it flokken as fan 'e pine yn it ankel, dêr wie ik wis fan. Wylst de trije noch oerbleaune keardels om elkoar hinne sprongen en it folk har joeljend oanfitere, hinkele ús heit troch de drek by de sweefmûne lâns it lân fan Ype Sek ôf. Ik gong efter him oan, mar soarge derfoar dat ik him net ynhelle ear't er thús wie. Doe't ik út it sicht wie, hearde ik Hetty noch keffen, dwers troch de sweefmolemuzyk hinne. Reade Kobus wie bûtermakker op it fabryk. Mar ús heit sei dat er kommunist wie. Dat wie goed slim, dat heardest sa. It makke him falsker as de earmhûslju, ien foar it hûnehok yn 'e toer. Mar ik hie goed acht op him slein, doe't er dêr omsprong mei syn bargebongel. Hy seach der sa kwea net út as Minne Sûch dy't gjin kommunist wie. ‘Godfergémy,’ rôp ik dimmen foar my út. It hearde net as in flok. |
|