Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

18

Hy jout him wer del. It hinget der swier yn. Nei alle gedachten hat er fannacht fierste min sliep hân.

‘It wie de earste tsien jier nei de oarloch perfoarst gjin fetpot fansels. Ik wie op 't lêst mar in gewoane timmerfeint. Mar wy makken ús eins noait soargen. Us libben waard lieden. Dat wie in kolossale wissichheid. Hoefolle tekoarten wy ek hiene, wy binn' nea tekoart kommen. Dochs ha ik noch wol fan doel west en emigrearje ek nei Californië. Fan Egbert en Gerrit kamen goeie berjochten en om krysttiid hinne stjoerden se ús fan dy pakket-

[pagina 119]
[p. 119]

ten mei Amerikaanske seinigingen. Mar mem woe der fansels neat fan witte, fan dat emigrearjen, o leave titen nee.’

 

Op sneon om healwei ienen kaam er thús mei syn leanpûdsje. Us mem siet him oan 'e klearmakke tafel al op te wachtsjen. Sadree't er de keuken ynkaam, rôp se:

‘En?’

‘En? En wat?’ Hy liet de mûle ûnnoazel iepen hingje, oant sy op him tadraafde en it brune slûfke út syn boarstbûse luts. Ik seach it ferheard oan.

It mocht net rinkelje, dan wie der wat fout. Papier wie better as metaal. Senuweftich pluze se oan 'e plakstripe, skuorde dan de hiele bopperâne derôf en skodde de ynhâld op 'e tafel. Se lei de tientsjes en ryksdaalders by elkoar en lake:

‘Twaenfyftich gûne sechtich. In daalder mear as ferline wike.’

Mar soms foel it ôf. Dan begun se te kleien oer misbrûk meitsjen fan heit syn iver en fakmanskip en te grinen op 'e krinterigens fan 'e baas. Mar dy wie der net, dus rjochte se har pylken al gau op har útrûpele man. Dy hie ek noch oare eigenskippen.

‘Ik kin der net by datsto soks oer dyn kant gean litst, dat se sa mei dy omfodzje, fan moarns ier oant jûns let en sjoch ris wat wy dêroan oerhâlde. Ja, spit, en brutsen ribben!’

Us heit sei neat. Hy stoarre ta it rúut út. Ik wist dat er oan 'e plaat tocht, de brede wei. Minsken dy't tinke dat jild lokkich makket. It like as woe er der neat mei út te stean ha. As er lang genôch wachte hie om har ta swijen te bringen, spruts er it lêste wurd:

‘Mar sunich oan Fam. Wy ha noch nea krapte hân.’

 

Dêr hiest dat wurd wer: sunich. Se hie har foarbylden, ús mem. Fan in nicht wist se: ‘Dy kin mear mei de ponge as in oar mei it jild.’ It begryp ‘krigel’ wie geunstiger as sunich. Mar ‘kloek’ spande de kroan. Mei in ‘kloeke’ húsfrou waard in frou bedoeld dy't har man, op grûn fan it bibelsk foarskrift fan ûnderdanigens, feardich nei har hân sette. In frommes as beppe Richt.

[pagina 120]
[p. 120]

It doarp hong troude froulju op oan har mannen: Douwes Let, Willems Tryn, Hottums Antsje, Jabiks Jel. Se krigen in eigner, harren efternammen foelen wei. Dat kaam ús mem net oer. Sy bleau gewoan Femke. Nea soe ien har Hommes Femke neame, krektlikemin as beppe ea Sjoerds Rieht wurde soe. Mar ús heit wie pake Sjoerd net. Hy soe nea wat ûnder de toanbank ferkeapje kinne. Hy stelde gjin wet, hy folge him. Us heit fertelde ek gjin ferhalen. Hy die it mei de wierheid.

 

Master Lok learde ús, doe't wy it oer ‘voeding’ hiene, dat brune bôle folle sûner wie as wite. Ik moast fan ús mem by de bakker faak freegje om swarte bôle. Dy oantsjutting hie my eins nea sinnige, mar soe brune bôle miskien itselde wêze? Master wist it net.

‘Freegje it de bakker mar,’ sei ús heit. En ja, dy wist it wol.

‘Swarte bôle is fan goedkeaper moal. It is sa skjin net. Der sit hast twa kear safolle jiske yn. Se neame it ek wol folkswyt of regearingsbôle, fanwegen de bonnen.’

Regearingsbôle. Net skjin. Jiske. De bonnen.

‘Swarte bôle is earmeljusbôle. It sit smoarfol jiske en it is hartstikke smoarch,’ die ik by thúskomst te witten. Ik prate hieltyd lûder, oant myn stim oersloech. ‘It is fan 'e bonnen. En ik hoech it net mear!’

Heit skeat oerein út 'e stoel.

‘Kom do hjir ris eventsjes, Hessel!’

Ik die in pear stappen nei him ta, op myn iepenst, want ik ferwachte in reis. Hy griep my by it kin om myn gesicht op sinen te rjochtsjen en sei dimmen mar driigjend:

‘Sa'n toan slachsto net oan yn dit hûs, jonkje! Do moatst dyn plak witte. Wy wurde oerladen mei woldieden. Alles komt ús út Gods hân ta.’

‘Swarte bôle net,’ weage ik te sizzen. ‘Dêr kieze wy dochs sels foar?’

Hy kniep my yn 't kin en liet myn holle nee skodzje.

‘Sa is it wol genôch. Ik wol der gjin wurd mear oer hearre.’

[pagina 121]
[p. 121]

Op skoalle moast ik fansels ek ferslach dwaan. Ik die krekt as hie it allegear in fersin west. Us mem hie altyd tocht dat se weetbôle kocht.

Ik hearde ús heit wer: ‘Alles komt ús út Gods hân ta.’ Ik seach de skrale hân fan bakker Kolte dy't de twa kwartsjes fan my oanpakte en de oare dy't my de kladde mei de bôle deryn oanrikte.

Kaam ik letter it wurd ‘genedebrea’ tsjin, dan riisde de swarte regearingsbôle ûnferbidlik op.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken