22
Krystfeest yn 'e grutte tsjerke. Ik siet dêr mei myn neven efter it stek, dat it fjouwerkant fan de tsjerkeromte skiede, flakby de hege krystbeam mei baarnende kearskes. Op snein sieten hjir de frijsinnich herfoarme âlderlingen en diakenen.
Frijsinnich betsjutte neffens ús heit ‘de bibel bûksprekke litte’. Under it ferhaal stuts ik, om juffrou Jantine better hearre te kinnen, de holle tusken de byldhoude spilen troch. Se beskreau de nacht op it fjild fan Efratha, in hoeder smiet in stik hout op it fjoer, de fonken stoden omheech, yn 'e fierte gûlde in wolf. En doe, ynienen...
Ik skrok en woe de holle weromlûke, mar dat wie net mooglik. Ik siet, as Van Rossum op 'e plaat yn it winkeltsje fan ús pake, finzen. Panyk. Ik skuorde en luts, mar it joech neat. Wylst de ingelkoaren mei har Gloria in Excelsis Deo de hoeders ferstommen en de hiele tsjerke dêr yn deadske stilte tsjûge fan wie, stie ik op it punt om yn jammerjen út te barsten. Nochris besocht ik út 'e fâle te ûntkommen. Kânsleas. Efter my, oan de feilige kant fan it stek, hearde ik it smoarde gnizen fan Swarte en Wite. Ik krige in dúst yn 'e side.
En hookstrooks kaam my it byld yn it sin fan it molkkarke fan buorman Vos, in oanhingerke dat ik wolris oan 'e traktor koppelje mocht dy't oan 'e efterkant in izeren plaat hie, mei in smel tarinnende skreef. Ast de lûkstange fan 'e karre yn 'e iepening sakje lietst en de boppekant ôfsleatst mei in bout, siet de oanhinger fêst, om't er in izeren bal oan 'e ein hie.
De ferbjustering sakke fuort. Wylst de hoeders God rûnen te loovjen en te priizjen om al wat se heard en sjoen hienen, kaam