23
Us doarp wie op 'e jûn fan 'e jierwiksel tradisjoneel in slachfjild. Kloften jongerein teagen oansketten troch de buorren om te ‘slepen’. Alles wat los of fêst siet waard meitôge: strontkarren, kroaden, waskrakken, blombakken, út 'e hingsels hufte doarren, molkmasinen, hûnehokken - oant hiele skythúskes ta.
It like wol oarloch. Mei in heidens geknal - fan molkbussen waarden kanonnen makke mei karbid as buskrûd, dêr't ynstee fan 'e lidden ek faak de boaiems út fleagen mei alle bluodderige gefolgen dêrfan - sleepten se de bút nei it doarpskafee of stalden de brot út op ferrassende plakken en yn bjusterbaarlike kombinaasjes. Op nijjiersdei seachst dan de wûnderlikste bylden: in strontkarre stie op it molkfabryk, de bôlekarre fan Kolte hong boppe yn 'e iik, in skou bongele oan it klokketou út it galmgat fan 'e toer, de riemen as lamme wjukken oan 'e dollen.
En eltsenien koe komme om syn ferlerne eigendommen byelkoar te swyljen út 'e gaos op it kafeeplein.
Dwers troch dy âldjiersbenearing rûnen ús heit en ik nei tsjerke.