Elske en buorfrou Aal komme mei blommen en weromtinkens, mar dat dogge se fral foar harsels, neffens my. Och, goed bedoeld.’ Ik bin bliid dat ik der net fuortdalik oer begûn bin.
De mich strykt del op syn seare hân. Hy wiist op 'e rekorder. ‘Is dat ding al út? Nim mar wer mei. Wat hat it allegear foar doel. Witst wat ik dien ha? Ik ha de knoop troch hakt. Ik ha Sinnejûn yn Akkrum skille en my ynskriuwe litten. Dêr sit noch goekunde dêr't ik mei prate kin: Antsje fan 'e bakker, Geart Peas, en lytse Hette fan Vredestein. Dy minsken witte noch wêr't it allegear om begûn is.’
Syn meidieling makket my kjel. Dat er dat no pas oansnijt! ‘Wêr't it allegear om begûn is.’ Ynienen sjoch ik de ferrimmetike Antsje, dy fan it kantsje, oerein kommen om te iepenbierjen wat God safier brocht om mei syn wurd himel en ierde te skeppen.
Hy is noch net útpraat.
‘It kin sa net langer. Wat moat ik, no't mem der net mear is. Do bist der no even, Els komt jûns fiif minuten om 'e hoeke, krekt as ik nei De fruitmand sit te hearren of Lingo besykje te folgjen, en ien kear yn 'e moanne ha ik hjir sa'n... bezoekdame oer de flier fan tsjerke. Dêr komt ek gjin sinfol wurd út. Ik mei bliid wêze dat ik teminsten Aal fan hjirneist noch ha, dy lit my net yn de steek. Mar ûndertusken wenje ik hjir spierlik allinne en do litst my ek mar wat oanmodderje. En dy thússoarch, dat is ien oanhâldende argewaasje.’
De sturtklok slacht trije útroptekens. Nuver, dat er syn ferwyt salang foar him holden hat. Skodholjend sit er foar him út te sjen. Ik blyk sa fier is 't hinne de ferpersoanliking fan al wat him dwers sit. Buorfrou Aal Struik wurdt my ta foarbyld steld. En ik fernim dat ik my skuldich fiel.
Ik sjoch wer nei him, sa't er dêr sit. Hy hat syn ding dien, my de loef ôfstutsen. In ferrassende draai. It fersoargingshûs. Fjirtjin dagen lyn moast ik noch alle war dwaan foar it alarmapparaat. Gjin sprake fan dat er de ôfstânbetsjinning om 'e pols ha woe.
‘Alarm? Hoesa alarm. Stean ik op ynstoarten? Ik kin Aal dochs