wol troch. Ik mocht my it evangeelje net skamje, Paulus hie it sels sein. Gjin tinken oan dat ik hjir foarwei kaam. De skepping wachte mei reikhalzend verlangen op my.
Hy line op 'e tafel en naam fan elke steapel in eksimplaar.
‘Ik ha in wykje foar dy: Skoallestrjitte, Suvelbuert en Braksdyk. Sânenfjirtich adressen, dêr't njoggen in abonnemint fan ha op ien fan 'e blêden of op beide. Dy njoggen gesinnen, dat binn' gjin bûtensteanders, want se binn' herfoarme of grifformeard. It giet benammen om bûtentsjerkliken, lju dy't poer fan 'e weareld binne. No hoege dy har net te abonnearjen, want de tsjerke betellet it abonnemintsjild. Ik ha wol, ta bestriding fan... wachtsje even, wêr ha ik it...’
Hy rûn nei it dressoir, pakte in Buismanbuske en liet de úthakte skreef yn it lid sjen dêr't wol in ryksdaalder trochhinne koe. ‘Fregest gewoan in frijwillige bijdrage, begrepen? Frijwillich, it hoecht net.’ Ik naam it buske yn 'e hân. It lid gong er maklik ôf. Frijwillich rûkte nei kofjestroop.
Doe lei er my út dat de ‘weareldsken’ út trije soarten bestienen: de heilbegearigen, de ûnferskilligen en de fijannigen. De heilbegearigen stiene foar de drompel, dy wiene noch mar in lyts triuwke nedich. De ûnferskilligen koene har eigen ellinde net, dy tochten dat it libben in pleziertochtsje wie en yntiid swalken se helpleas om sûnder it roer fan 'e wet en it kompas fan it evangeelje. De fijannigen wiene proaien yn 'e kloeren fan satan, dy't har brûkte as vossen die de wijngaard bederven. Soms waarden se mei krêft bekeard, wekker skodde troch Gods genede. En dat koe gebeure troch sa'n simpel middel as De goede tijding.
Ik telde myn seisenfjirtich nûmers fan beide steapels út en sette ôf.
Al nei in pear kear die bliken wat syn yndieling yn 'e praktyk betsjutte.
De heilbegearigen wisten hoe't ik hiet. It gong om heechút fjouwer adressen. Har nijsgjirrigens hie as regel mei ien fan 'e beide