12
Winter. It like derop dat de froast trochsette soe. Us heit besocht mei syn ploech noch hurd even de pannen op it nije gemaal te lizzen. Dan wie it ûnder dak en koene se, minder ôfhinklik fan it waar, it binnenwurk ôfmeitsje.
Oer de einleaze Prikkedyk fytste ik de Lege Midden yn mei syn fergetten bôletromke ûnder de snelbiners. Myn trapers wiene fan 'e hate blokken ferlost, myn skonken hellen it krekt. Ik hie it yn 'e wyn op, it keatling kreake, mar it eindoel kaam yn sicht. Heit wie healwei it skeane plankedak dwaande. It like wol as ferve er it oranje. Hy seach my oankommen.
‘Kolossaal, Hessel! Waarmje dy mar even op yn 'e keet.’
Yn de boukeet smeulde de salamander. In bult ôffalhout derfoar. Op in lange smoarge tafel leine in boutekening en in pakje fersliten spylkaarten. Us heit hie it ‘duvelsk printeboek’ blykber net keare kind. Ik sette it trompke op 'e tafel en oefene yn it skodzjen. In pear kear saaiden de kaarten sierlik troch de loft. Ynienen moast ik nedich pisje. Neist de keet stie it húske. Miskien wie it wol itselde dêr't ik as beuker foar de grap yn opsletten wie. Ik die de doar net op it heakje en mike oer it skouder troch de skreef. Op 'e efterkant fan 'e doar hie ien skreaun:
Hier rust het stoffelijk overschot
van middagmaal en avondpot.
Dat hie ús heit net betocht. Ik fûn it lykwols in moai, spannend gediehtsje. Stoffelijk overschot lei dêr as in sliepende bear yn al syn heimsinnige, gefaarlike driging, wylst de wurden middagmaal en avondpot hân yn hân in dûnske makken.
Doe't ik derút kaam, rûnen de wurklju ek nei de keet. Skoft. Se stampten op it trepke en op 'e flier, alles trille. Heit wie der ek by.