foar it ljocht, dêr't eat as in leverwoarst, griiswyt, út stuts - mar oan 'e ein dêrfan siet in slop hingjend hantsje, mei fingerkes deroan.
De man joech in gjalp dy't net klonk as dy fan in man. Hy helle de heak mei syn lêst de boat yn, foel op 'e knibbels, omklamme dat lyfke. Net langer as in tel seach ik it gesichtsje. It like fan rubber, in poppe, brún wetter rûun út 'e iepen mûle. Hy drukte syn deade berntsje tsjin him oan, besocht syn siken deryn te blazen, lei it del, knibbele derboppe, treau derop, syn holle ferdwûn en kaam wer boppe de râne út. In heit probearre syn soan út 'e dea werom te roppen. De oare man sloech in earm om him hinne. Hy skodde him ôf en foar it earst rôp er wat fersteanbers:
‘Bliuw fan my ôf, bliuw godferdomme fan my ôf!’ Wer bûgde er him oer de ferskrikking op 'e boaiem fan dat skouke. Wy koene it bern net lizzen sjen.
‘Op syn minst trije kertier,’ hearde ik ien sizzen. ‘Unmooglik.’
Ik kearde my om en fytste fuort, allinne. In eintsje fierderop, ûnder it fiadukt troch, wie neat te rêden. Boeren wiene oan it haaien. In traktor luts in hiele reak oer de barte yn ien kear op 'e wein. Op in strjithoeke yn Nijbrêge skepte in ijskoman in hoarntsje fol. By har mem op 'e earm stuts in lyts famke mei ljocht krolhier har hantsje dernei út.