Doe't myn âlden ris by ús útfanhûzen, woe er in stop ha, foar it fonteintsje. Ik frege wêr't er dy foar brûke moast. Hy waard koart. ‘Blinder jonge, hoe kinst no poedelje sûnder stop?’
Hy lit de waskdoek yn 'e bak falle en wachtet oant ik it ûnderlichem wer beklaaid ha. Wy slepe ús as in deadlik ferwûne dier nei it bêd. Hy grimmet as ik him teplak kantelje.
It slokje tee om it aspiryntsje fuort te spielen hâldt er in ivichheid yn 'e mûle en dan ferslokt er him dochs noch. Fûleindich hymjend bliuwt er lizzen, op 'e tonge it ferkrommele tablet. Ik praat bemoedigjend op him yn. Dat er hjir goed leit, dat ik fannacht by him bliuw, dat er moarn opnommen wurdt op 'e revalidaasjeôfdieling fan Bethesda.
Laket er of lit er de tosken sjen? De hûd op 'e plasse fronselet op frjemde plakken, de mûle krollet as in seenettel. Dizeblau eaget er nei de keamerssouder. Kin ik him allinne litte? Ik helje it koperen tafelbeltsje fan it dressoir en set it op it nachtkastke njonken syn holle.
‘As der wat is, even belje.’ Ik doch it foar en sjoch hierskerp dy fiskboer passearjen, dêr by de Hearrenfeart, krekt foardat dat jonkje boppe wetter kaam.
‘Ik sliep trije meter boppe heit.’
Hy digeret noch altyd omheech, sjocht neat.
‘Goenacht.’ De foarholle fielt klam oan.
Ik wyn it skipperke op 'e útfanhûzerskeamer op, itselde dêr't er al in plak by ús oan it lewant foar útsocht hie. It slacht sonoar en tikket as in liere. Ferheftige nulhakken yn in einleaze marmergong. Ik sjoch mysels noch net yn sliep reitsjen. Om 'e oere sjoch ik even by him. It jachterige ritme fan syn sykheljen stelt my by de doar al gerêst.