Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

23

Ek al wie er yn it besit fan De gemeene gratie, dêr't Abraham Kuyper in grouwe hûndert siden yn oan ‘het huisgezin’ en ‘de opvoeding’ besteget, en hie er it boek De schooljaren onzer kinderen fan professor Waterink oantúgd, hy krige mar min hâld oan it wêzen fan grutbringen. Kening Salomo mocht dan de relaasje tusken leafde en tucht lein ha, de tapassing fan in wan bruien op himsels joech noch gjin garânsje dat it bern yn kwestje ‘van harte willig en bereid’ it smelle paad mei syn toarnen en stikels foar kar nimme soe. Fan syn ferantwurdlikens wie er him omraak bewust.

‘Ik ha de doopbelofte ôflein,’ sei er tsjin my. In ûnwjerlisber feit, mei de konsekwinsjes dy't dêrby hearden. Tagelyk fûn ik it hearren as in ekskús. Yn it doopformulier stiet de fraach, dêr't er foar de hiele gemeente hearber ‘ja’ op rôp:

Of gij niet belooft en u voorneemt, dit kind, als het tot zijn verstand zal gekomen zijn, waarvan gij de vader zijt, in de voorzeide leer naar uw vermogen te onderwijzen en te doen onderwijzen?

Hy stie dêr, allinne, ûnder de preekstoel. Hy spruts foar twa. Hy wie foar de ‘vroegdoop’. Binnen fjirtjin dagen nei myn berte moast it ferbûn sletten wurde. Hy naam persoanlik de ferantwurdlikens. Us mem ûntbriek, feilich finzen yn it kreambêd. Se hold

[pagina 186]
[p. 186]

fan toaniel - se spile ommers sels mei in protte ynset har rol - mar liturgy en sakraminten benauden har, om't dy gjin befrijing út 'e wurklikheid, mar in beklamjen dêrfan betsjutten. It Heilig Avondmaal ûndergong sy dan ek as in libbensgefaarlike ûndernimming. Want die onwaardiglijk eet en drinkt, die eet en drinkt zichzelf een oordeel. Yn 'e regel behoede krekt op 'e tiid in barstende pineholle har foar dielnimming.

‘Heit kin gerêst wêze,’ sei ik. ‘Der stiet: naar uw vermogen. Heit hat dien wat er koe.’

Grutbringen bleau, wat er der fierder ek op neisloech, foar alles tucht. Syn aksjes nei oanlieding fan myn dwaan en litten beheinden har ta mominten dat yn syn eagen wat misgean soe of gongen wie.

De noarm wie, oft it hâlden en dragen yn tsjinst stie fan it ivich heil. In minske moat earst syn ellinde kenne, dan ynsjen hoe't er ferlost wurdt en úteinlik leare te libjen út tankberens. Datst dy trije ‘steaten’ as kategisaasjebern tagelyk swart op wyt opfuorre krigest en fan bûten leardest, helle net allinne in moai stik fan 'e spanning, mar foar myn gefoel ek it hert derút. Lykwols, dy folchoarder liket foar de jeugd net folle goeds te betsjutten. Soks hie ús heit gjin euvelmoed yn. It bernelibben, it boartsjen - hy hie it sels nea meimakke, hy stie derbûten. Boartsjen wie tiidferdriuw, en tiidferdriuw tiidferlies, en tiidferlies sûnde.

Dochs wiene der spultsjes dy't ta de kategory tinksporten hearden, it ferstân skerpen en sadwaande rjocht fan bestean hiene. Wie kennis vermeerdert, vermeerdert smart, sei de Prediker. Sûnder mis bist dan fierhinne op 'en paad nei it besef fan dyn eigen ellinde.

Sa'n spultsje wie damjen. Dat learde er my. De damhoutsjes feroaren yn stiennen, de hokjes yn fjilden. It siet fol útdrukkings: Wyt begjint en wint (dêr't de tsjinstanner dan op sizze moast: Wyt begjint, mar swart wint), oanreitsje is sette, mearslach giet foar, de keningsslach, set dy de pet mar ris op, de hiele of de heale hekstelling, stiennen offerje, foarút tinke, dy yngrave, remise-oanbod... Allegear

[pagina 187]
[p. 187]

damtaal. Ik fielde my ûnder sa'n partij as lies ik in boek. De wrâld fersmelle ta it boerd. Foar alles wie plak: foarnimmens, hope en freze, oersicht, oarderjen, oanfal en ferdigening, ûntdekking, wraak, bedragerij, wredens en leffens, desyllúzje - de grûn foar al dy gefoelens koe net oars wêze as: ellinde, ferlossing en tankberens, allinne net selden yn in oare folchoarder. Ik learde te winnen en te ferliezen.

Doe't ús heit my in jier letter net mear ferslaan koe, luts er him werom yn syn krúswurdpuzzels en ek foar my hie it spul syn sizzenskrêft ferlern. It wie útpraat. De stiennen gongen as houtsjes werom yn it tripleksdoaske en ik brûkte it boerd as ûnderlizzer om op te tekenjen.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken